In poal is ien fan de twa plakken dêr't de rotaasje-as fan in himellichem it oerflak fan it himellichem snijt. De twa poalen binne de noardpoal en de súdpoal.

Foar de Ierde is it ûnderskied tusken de poalen dat de noardpoal nei lofts draait, en de súdpoal nei rjochts. Dat, foar immen dy't op de noardpoal stiet, lykje de planeten en de stjerren nei rjochts te draaien, útsein de poalstjer. Foar de súdpoal is dit krekt oarsom.

Oare himellichems

bewurkje seksje

Foar oare himellichems kinne ek in noardpoal en in súdpoal oanwiisd wurde. Lykwols binne dêr twa mooglikheden foar, dy't beide brûkt wurde:

  1. De noardpoal fan in himellichem is dy poal dy't deselde kant út draait as de noardpoal fan de Ierde.
  2. De noardpoal fan in himellichem is dy poal dy't deselde kant op wiist as de noardpoal fan de Ierde.

It ferskil tusken dizze twa wurdt sichtber by in planeet as Fenus, dy't krekt oarsom is as de Ierde. De earste definysje is basearre op de rotaasje fan de planeet, dat dan is it ferskil mei de Ierde dat Fenus ûndersteboppe hinget. De twadde definysje is basearre op de stân fan de planeet, dat dan is it ferskil mei de Ierde dat Fenus achterút draait. Beide definysjes hawwe foardielen en neidielen.

Satellytpoalen

bewurkje seksje

Foar satelliten dy't yn in draaiïnggelike rotaasje hawwe binne noch fjouwer poalen definiearre:

  • Deunpoal: it punt op de satellyt dat hieltyd it deunst by de planeet is.
  • Fierpoal: it punt op de satellyt tsjin de deunpoal oer oan de oare kant fan de satellyt, dat altiten it fierst fan de planeet ôf is.
  • Foarpoal: it punt op de satellyt dat it fierst foarút is by de draaiing om de planeet; om in ortogonaal stelsel te meitsjen wurdt it definiearre as it punt it fierst wei fan it flak troch de noard-, súd-, deun- en fierpoalen, yn de rjochting fan de draaing.
  • Efterpoal: it punt op de satellyt dat it fierst efter is by de draaiing om de planeet; om in ortogonaal stelsel te meitsjen wurdt it definiearre as it punt tsjin de foarpoal oer.

Dizze trije pear tsjinpoalen, noard/súd, deun/fier en foar/efter, foarmje in trijediminsjonaal koördinatestelsel. Dêrmei soe elts punt fan de satellyt oantsjut wurde kinne, net allinnich elts punt óp de satellyt, mar wier elts punt fan de satellyt.

Om't in draaiïnggelike rotaasje itselde is as in nauwegelike draaiïng, allinnich sjoen fan it oare himellichem út, kinne dizze poalen ek oanwiisd wurde foar in planeet mei in nauwegelike satellyt. Bygelyks, fan in nauwegelike keunstmoanne út kinne ek foar de Ierde dizze fjouwer poalen oanwiisd wurde.

  NODES