Poalstreek

Wikimedia-betsjuttingsside

De poalstreek is it gebiet benoarden de Noardpoalsirkel (it Noardpoalgebiet of de Arktis) en it gebiet besuden de Súdpoalsirkel (it Súdpoalgebiet). Yn 'e poalstreken befynt him op it Noardlik Healrûn de Noardlike Iissee en in protte eilannen dêr't Grienlân it grutste fan is, en op it Súdlik Healrûn de Súdlike Oseaan en it kontinint Antarktika.

De poalstreken.

Karakteristyk foar de poalstreken is de ekstreem lege temperatuer, as gefolch wêrfan't dy gebieten fierhinne troch iis en snie oerdutsen binne. De lege temperatuer wurdt feroarsake troch it feit dat it sinneljocht troch de rûning fan 'e Ierde skean op 'e poalstreken delskynt. Dêrtroch wurdt minder waarmte yn 'e grûn opnommen. Ek karakteristyk foar de poalstreken binne de ekstreme ferskillen yn it tal oeren sinneljocht deis. By 't simmer is it yn 'e poalstreken parmanint ljochtskyndei, wylst it der winterdeis permanint tsjuster is.

Yn 'e lêste jierren binne der grutte feroarings yn 'e poalstreken merkber, dy't feroarsake wurde troch de opwaarming fan 'e Ierde. Boppe de Noardpoalsirkel skoot de iisgrins hieltyd fierder op nei it noarden ta. Saakkundigen ferwachtsje dat it Noardpoalgebiet al foar 2050 simmerdeis hielendal iisfrij wêze sil.

Ek oare planeten hawwe poalstreken. It noardpoalgebiet fan 'e moanne befettet nei alle gedachten grutte hoemannichten beferzen wetter, krekt as de poalstreken op Mars.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
os 2