Poker is in sammelnamme foar in tal kaartspultsjes dy't thús, yn it kasino en op it ynternet spile wurde. Juridysk wurde de pokerspultsjes yn Nederlân ta de kânsspultsjes rekkene en wurde hja troch de Wet op kânsspultsjes behearske.

Pokertafel

Populêre pokerspultsjes binne Texas Hold'em en Omaha Hold'em.

Der binne tal fan farianten, mar oer it algemien binne yn de neikommende fjouwer groepen yn te dielen:

  • "Strjitte": alle spilers krije in komplete hân dield wêrop ien biedrûne folget.
  • Stud: alle spilers krije in tal kaarten dy't yn in oantal rûnen, ek wol strjitten neamd, yn in fan te foaren bepaalde folchoarder blyn of iepen dield wurde. Nei eltse strjitte kinne spilers ynsette. De bêst bekende fariant fan stud is sân kaarten stud
  • Drawpoker: alle spilers krije in komplete hân dield en kinne yn in tal fan rûnen in diel fan harren kaarten ruilje. Nei eltse dielrûne komt in biedrûne.
  • Mienskiplike pokerkaarten: dit is in fariant op stud wêrby alle spilers ien as meardere kaarten blyn dield krije wêrnei in tal fan mienskiplike iepen kaarten dield wurde. Nei eltse rûne komt in biedrûne en op de ein is de winner dyselde dy't de bêste kaartkombinaasje meitsje kin.

Under fideopoker wurdt in ienpersoanskompjûterspultsje ferstien dat meastentiids as in gokautomaat. Meastentiids giet it hjirre om in fiif kaarten draw fariant. De spiler kin dan ynsette wêrnei't fiif kaarten dield wurde. Hjirnei kin de spiler kaarten fuortdwaan wêrnei't er likefolle nije kaarten krijt. It bedrach dat útkeard is wurdt basearre op de ynset en de úteinlike hân.

By strippoker dogge de minsken harren klean út wannear't se in ynset ferlieze.

Dêr wurdt in soad diskusjearre oer hoe âld poker is en wêr't it weikomt en hja binne der noch lang net oer iens. Wol stiet fêst dat de opmars fan it moderne poker yn de Feriene Steaten begûn is.

  NODES
os 1