Portland (Oregon)

Oregon

Portland, byneamd Stumptown, is de grutste stêd yn 'e noardwestlike Amerikaanske steat Oregon, en it haadplak fan Multnomah County (hoewol't bûtenwiken fan 'e stêd yn it oangrinzgjende Washington County en Clackamas County lizze). De stêd leit yn it foarlân fan it Tualatin-berchtme, yn it binnenlân fan Oregon, sij it oan 'e grins mei de steat Washington, op in ôfstân fan rom 110 km fan 'e Pasifyske kust ôf. Portland is ferneamd nei it âldere Portland yn 'e eastlike steat Maine, en waard oarspronklik in eintsje streamop stifte fan 'e gearfloeiïng fan 'e rivieren de Willamette en de Columbia. De Willamette streamt noardoan troch it stedssintrum, wylst de Columbia, dy't de grins mei de steat Washington foarmet, dêr noardlik fan rint, en Portland ôfsnijt fan syn grutste foarstêd, Vancouver, yn Washington.

Portland
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Oregon
County Multnomah County
Washington County
Clackamas County
Sifers
Ynwennertal 603.106 (2012)
Oerflak 375,8 km² (ynkl. wetter)
345,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.689,2 / km²
Stêdekloft 2.289.800 (2012)
Hichte 151/4 m
Oar
Stifting 1845
Tiidsône UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koördinaten 45°31′12″N 122°40′55″W
Offisjele webside
www.portlandonline.com
Kaart
De lizzing fan Portland yn Multnomah County en de steat Oregon.

Neffens in offisjele rûzing út 2012 (op grûn fan gegevens út 'e folkstelling fan 2010) hie Portland doe goed 600.000 ynwenners. Dêrmei is it de twadde stêd fan it Amerikaanske Noardwesten, mei't Seattle, yn 'e oangrinzgjende steat Washington, krekt justjes grutter is. As stêdekloft, mei alle foarstêden (yn sawol Oregon as Washington) derby, hat Portland in befolking fan krapoan 2,3 miljoen minsken.

Portland waard yn 1845 stifte troch William Overton en Asa Lovejoy, deunby de ein fan it ferneamde Oregon Trail, ien fan 'e wichtichste rûtes dy't kolonisten út it easten namen om har yn it Wylde Westen nei wenjen te setten. Overton ferkocht letter syn oandiel yn it projekt oan Francis W. Pettygrove, út Portland, yn Maine. Sawol Pettygrove as Lovejoy, dy't út Boston kaam, woene de nije delsetting nei har berteplak neame, dat se beslisten hoe't it komme soe te hjitten troch in munt op te goaien. Dyseldichste munt, de saneamd Portland Penny, wurdt tsjintwurdich noch altyd tentoansteld yn it haadkertier fan it Histoarysk Genoatskip fan Oregon.

 
De Tilikum Crossing oer de rivier de Willamette.

Yn 1851 krige Portland de status fan stêd; it hie doe justjes mear as 800 ynwenners. Tsjin 1879 wie de populaasje oanwoeksen ta 17.500 minsken. Yn 1891 anneksearre de stêd de oanbuorjende plakken Albina en East Portland, en yn 1915 Linnton en St. Johns. Portland bleau de wichtichste haven fan it Amerikaanske Noardwesten oant yn 'e 1890-er jierren de djipwetterhaven fan Seattle op it Amerikaanske spoarnetwurk oansletten waard.

Tsjintwurdich stiet Portland bekend om syn treflike stedsynrjochting en syn ynvestearring yn light rail as in foarm fan iepenbier ferfier. Fanwegen sawol de effisjinte stedsplanning as it miljeufreonlike iepenbierferfiernetwurk hat Portland de namme krigen ien fan 'e "grienste" stêden fan 'e Feriene Steaten, of sels fan 'e wrâld te wêzen.

Portland hjoed de dei

bewurkje seksje

Wat toerisme en besjensweardichheden oanbelangje, beskikt Portland oer in stikmannich ynteressante museä, wêrûnder it Portland Art Museum, mei in grutte ynternasjonale kolleksje moderne keunst, en it Oregon Museum of Science en Industry (OMSI), dat alle fasetten fan 'e wittenskip beljochtet. Ek is yn 'e stêd Powell's City of Books fêstige, in boekwinkel foar nije en twaddehâns boeken dy't in hiel stedsblok beslacht en úthâldt de grutste boekhannel fan 'e wrâld te wêzen. Fierders is der noch de pleatslike dieretún, de Oregon Zoo. Op it mêd fan 'e sport is Portland de thúsbasis fan it basketbalteam de Portland Trail Blazers, dy't yn 1977 foar it lêst lânskampioen waarden, en fan it frouljusfuotbalteam de Portland Thorns, dy't yn 2013 Amerikaansk kampioen waarden.

 
De Ynternasjonale Roazetesttún, de bekendste fan 'e withoefolle roazetunen yn Portland.

It mylde klimaat fan Portland is ideaal foar it kweken fan roazen, en sadwaande stiet de stêd no al mear as in iuw bekend as de City of Roses. Der binne withoefolle roazetunen, wêrfan't de bekendste de Ynternasjonale Roazetesttún is. It Roazefestival fan Portland fynt elts jier yn juny plak, mei optochten, Sineeske drakeboatwedstriden, in merke en withoefolle oare festiviteiten. Teffens binne yn Portland te finen: de Berry Botanic Garden, in ferneamde botanyske tún; de Klassike Sineeske Tún fan Portland, in autentike represintaasje fan in Sineeske tún út 'e Aldheid, en de Japanske Tún fan Portland. Fierders stiet de stêd ek bekend om syn bûtenlibben (by 't simmer), syn progressive politike gedachteguod (wat se yn Amearika liberal neame), en it entûsjasme dat de Portlanders hawwe foar sawol bier as kofje. Yn Portland is in ferskaat oan selsstannige mikrobrouwerijen en mikrostokerijen fêstige, dy't allegearre bydrage oan it ûnoffisjele, mar rûnom brûkte biedwurd fan 'e stêd: Keep Portland Weird ("Hâld Portland Nuver").

 
De Rose Garden, de basketbalarena fan 'e Portland Trail Blazers.

Ekonomy en ûnderwiis

bewurkje seksje

De ekonomy fan Portland stipet foar in grut part op 'e hi-techyndustry en de tsjinstesektor. Yn 'e stêd binne de haadkantoaren fêstige fan bedriuwen as sportkleanmakker Adidas en frachtweinprodusint Daimler Trucks. De grutste wurkjouwer fan 'e stêd is kompjûtertechnologyreus Intel, goed foar 15.000 banen. Der binne ek ferskate universiteiten yn Portland, mei as grutste it Portland Community College, de Steatsuniversiteit fan Portland (PSU) en de Oregon Health & Science University.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Portland 11,6% âlder as 65 jier en 21,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 43,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 15,7% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 72,2% blanken; 9,4% Latino's; 7,1% Aziaten; 6,3% swarten; 1,0% Yndianen; 0,5% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs, 3,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. De etnysk Fjetnameeske mienskip yn Portland bestiet út likernôch 12.000 minsken, wat it ta ien fan 'e grutste Fjetnameeske mienskippen yn 'e Feriene Steaten makket.

Berne yn Portland

bewurkje seksje
 
It sintraal stasjon fan Portland, Union Station.
 
De MAX light rail is it fisitekaartsje fan it iepenbierferfiersysteem fan Portland.

Stoarn yn Portland

bewurkje seksje

Portland hat in myld Mediterraansk klimaat mei waarme drûge simmers en fochtige winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 27,3 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 7,6 °C. Rekôrtemperatueren wiene 47 °C op 28 juny 2021, en –19 °C op 2 febrewaris 1950. Portland kriget jiers trochinoar 915,2 mm delslach, wêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 19,8 sm snie.

 
In panorama fan de stêd. Op 'e foargrûn rint de rivier de Willamette troch it stedssintrum. Op 'e eftergrûn is lofts de aktive fulkaan de Mount Saint Helens te sjen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


  NODES
Community 1
Idea 1
idea 1
os 6
web 2