In postrinner, postbesteller of koartwei post is immen dy't de lêste hannelings útfiert op it mêd fan 'e postbesoarging, nammentlik in diel fan it sortearwurk en it eigentlike ôfleverjen fan 'e post op it adres fan dejinge oan wa't it oangeande poststik rjochte is. Dat lêste wurdt ek wol it 'bestellen' fan 'e post neamd, wêrby't dy soms yn 'e hannen fan 'e adressearre oerjûn wurdt, mar yn 'e regel yn dy syn brievebus stoppe wurdt.

In Sweedske post

Yn Nederlân bestie foarhinne de PTT, dat in steatsbedriuw wie. De postrinners dy't dêr yn 'e tsjinst wiene, hiene sadwaande de status fan amtner. Nei't de PTT yn 1989 privatisearre wie, waard it bedriuw omfoarme ta de KPN, dêr't noch letter it selsstannige postbedriuw TNT Post út fuortkaam. Yn 2003 hie TNT Post noch sa'n 42.000 postrinners yn fêste tsjinst, mei dêropta noch 7.500 man dy't yn 'e seis regionale sortearsintra wurken.

Troch de konkurrinsje mei e-mail en de oanhâldende meganisaasje by it sortearjen naam dat tal banen troch de jierren hinne almar fierder ôf. Yn 2010 besleat it privatisearre postbedriuw TNT Post om op te hâlden mei it yn fêste tsjinst nimmen fan profesjonele postrinners, en tenei ynstee te wurkjen mei tydlike dieltiidkrêften. Dêrtroch soene yn ien kear 11.000 minsken harren wurk ferlieze. Nei fûleindige protesten waard dat beslút letter foar in part weromdraaid.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
os 19