Potsdam is de haadstêd fan de Dútske dielsteat Brandenboarch. It is de grutste stêd yn de dielsteat Brandenboarch.

Potsdam
Sanssouci
Sanssouci
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Brandenboarch
Sifers
Ynwennertal 159.456 (2012)
Oerflak 187.27 km²
Befolkingsticht. 851 km²
Hichte 35 m
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 24' NB, 13° 4' EL
Offisjele webside
www.potsdam.de
Lizzing fan Potsdam yn Dútslân

Yn it jier 1660 boude Freark Willem fan Brandenboarch syn simmerferbliuw yn Potsdam. Freark fan Prusen boude mânske bouwurken, lykas it paleis Sanssouci en it Neues Palais. Yn de twadde helte fan de 19e iuw wie Berlyn de haadstêd fan Prusen en it Dútske Keizerryk, mar de politike elite bleau yn Potsdam wenjen. Yn 1918 feroare dat, it Dútske Keizerryk hie de Earste Wrâldkriich ferlern, wêrtroch keizer Willem II flechtsje moast. Op 21 maart 1933 is de saneamde Dei fan Potsdam holden, dêr't de nije Ryksdei ûnder de nazys ynwijd waard. De stêd is fral bekend wurden troch de Konferinsje fan Potsdam fan 1945.

Berne yn Potsdam

bewurkje seksje

Sport en rekreaasje

bewurkje seksje

Potsdam leit oan de Jeropeeske kuierrûte E11, dy't fan De Haach nei it easten rint, op it stuit oant de grins mei Poalen/Litouwen. De súksesfolle frouljusfuotbalferiening 1. FFC Turbine Potsdam komt út Potsdam.

  Brandenburch  
Landkreise
Barnim - Dahme-Spreewald - Elbe-Elster - Havelland - Märkisch-Oderland - Oberhavel - Oberspreewald-Lausitz - Oder-Spree - Ostprignitz-Ruppin - Potsdam-Mittelmark - Prignitz - Spree-Neisse - Teltow-Fläming - Uckermark
Kreisfreie Städte

Brandenburg an der Havel - Cottbus - Frankfurt an der Oder - Potsdam

  ·   ·  
  NODES
os 6
web 1