Punk rock (fan punk, dat 'sûnder wearde' betsjut) wie oarspronklik de betiteling fan de primitive, meast op gitaarspul basearre rock and roll fan bands út de 60-er jierren sa as The Stooges, The Animals en The Seeds. Mei 'Punk rock' of koartwei 'Punk', wurdt tsjintwurdich de anti-maatskiplike muzykbeweging út it midden/ein 70-er jierren bedoeld, yn gong setten troch de Sex Pistols, Eric Burdon,The Clash, The Damned, The Ramones en harren neifolgers.

Platehoes fan Sex Pistols

De woartels fan de punk rock lizze yn de orizjinele betsjutting fan de term, de garage rock út de betide jierren 60, mar ek yn de Ingelske pubrock rûnten, betide driuwende krêften fan de avant-gardistyske new wave as Patti Smith en de dissonante styl fan de Velvet Underground dy't lang beskôge binne as de stifters fan de punk rock. Fan grut belang foar it ûntstean fan de streaming wie de winsk om werom te gean nei de simpelens fan de betide rock and roll en it fersmiten fan de algemiene streaming yn de muzyk fan dy tiid, dy't punk rockers seagen as pretinsjeleaze, ferkommersjalisearre, pompeuze en ûnynspirearre muzyk.

As kontrast sette de punk rock dêr in simpele, enerzjike, muzikale struktuer tsjinoer. 'Eltsenien kin spylje', wie it iene kredo, 'wat lûder en rûger wat better' it oare. Yn teksten en fraachpetearen feroarloven de artysten har frijheden, sawol yn politike as yn seksuele sin, dy't net earder fertoand wiene. Punk wie 'anty-alles'.

  NODES
os 1