In cockring, ek pystring neamd, is in ring fan metaal, rubber, lear of silikonen dy't om de penis skood wurdt en de bedoeling hat om in ereksje langer duorje te litten, at it nedich is kin tagelyk in pystpomp brûkt wurde. At de penis stiif wurdt, sit de ring der stiif omhinne, sadat it bloed de swollichems net of mei muoite út kin en de penis stiif bliuwt.

Silikoanen pystring

De measte cockringen wurde om penis èn balsek fêstset. Dêr komt by dat de testikels dan net al te deun tsjin de basis fan de penis lutsen wurde kinne. Sa kin better mei de testikels boarte wurde at in man sawat in orgasme hawwe sil.

In cockring mei hierren of boarsteltjes soarget foar stimulaasje fan de klitoris en skamlippen der op ta en wurdt wol in geite-each neamd. Yn Sm-spultsjes wurde wol cockringen mei spikerkes of noppen oan binnen- of bûtenkant brûkt.

It te lang efterien of te regelmjittich brûke fan in pystring hat risiko's. Trochdat de bloedfetten ôfknypt wurde kinne dy skansearre wurde. En ek kin it lange tiid behinderjen fan de bloedsomrin skea tabringe oan de pyst.

  NODES