In qilin (stavering neffens it offisjele pinyinsysteem; Sineesk: 麒麟; Mandarynske útspr.: [tɕʰǐ.lǐn], likernôch: "tsjy-lyn") is in mytysk wêzen út 'e Sineeske folkloare en mytology. It is in hoefdier dat yn 'e regel foarsteld wurdt as op in hynder lykjend, en dat beskate oerienkomsten fertoand mei de Jeropeeske ienhoarn. De ferskining fan in qilin soe wize op it nei-oan wêzend ferstjerren fan in wize of romrofte hearsker. In froulike qilin soe in lin (麟) wêze, wylst in mantsje in qi (麒) neamd wurdt. Qilin is de namme foar de hiele soarte.

In tradisjonele Sineeske foarstelling fan in qilin.

De ierst oerlevere ferwizing nei in qilin komt foar yn 'e tekst Zuo Zhuan, dy't datearret út 'e fyfde iuw f.Kr. Neitiid waard fan sokke bisten gewach makke yn alderhanne dokuminten fan sawol fiksje as historiografy. Keizer Han Wudi fong neffens in kronyk yn 122 f.Kr. in libbene qilin, mar de tige foaroansteande histoarikus Sima Qian, in tiidgenoat fan 'e keizer, wie skeptysk oer dat ferhaal.

 
It stânbyld fan in qilin by it Simmerpaleis yn Peking.

Taalkundige Axel Schlüssler hat de útspraak fan it wurd qilin yn it Aldsineesk rekonstruëarre as *gərin (likernôch: "guh-ryn"). De Finske taalkundige Juha Janhunen sjocht mooglik oerienkomsten tusken *gərin en beskate wurden yn Sibearyske talen, lykas хирс (chirs) foar "noashoarn" yn it Mongoalsk, *kalvyə foar "mammoet" yn it Enets en it Nganasaansk en *kalay (ə)ng foar "walfisk" yn it Nenets.

It wurdt mooglik achte dat de sjiraffe bydroegen hat ta it moderne Sineeske byld fan 'e qilin. De identifikaasje fan sokke mytyske wêzens mei sjiraffen begûn yn 'e fyftjinde iuw, doe't de Sineeske ûntdekkingsreizger op see Zheng He û.o. twa libbene sjiraffen mei weromnaam fan syn ûntdekkingsreis nei East-Afrika. Hy hie de bisten oanskaft yn wat no Somaalje is, dêr't er ek sebra's en ferskate oare eksoatyske bisten oankocht.

 
In Sineesk wijreekfet yn 'e foarm fan in qilin, datearjend út 'e Qing-dynasty.

Qilin wurde yn Sina tradisjoneel foarsteld as hoefdieren wêrfan't de lichemsbou fierhinne útskaaid nei hynste-eftigen. De kop hat in protte wei fan hoe't draken yn 'e Sineeske kultuer foarsteld wurde, mei in inkeld gewei, swiere eachteisters, moanjes en in sik. It lichem is hielendal of foar in diel oerdutsen mei skobben en de hoeven binne altyd spjalten, lykas by kij of geiten (mar net by hynders). Qilin kinne yn prinsipe eltse kleur hawwe, mar wurde it faakst ôfbylde as goudkleurich.

Fersprieding nei oare lannen

bewurkje seksje

Yn Japan en Koreä is de qilin oernommen út Sina. It mytyske bist wurdt yn Japan in kirin (Japansk: 麒麟) neamd. Kirin is ek it moderne Japanske wurd foar "sjiraffe". It bist wurdt yn 'e Japanske tradysje net sasear mei hynste-eftige skaaimerken ôfbylde, mar liket dêr mear op in hart. Yn Koreä hjit it bist in girin of kirin (Koreaansk: 기린). Girin is ek de Koreaanske oantsjutting foar "sjiraffe". Krekt as yn Japan hat it bist yn Koreä mear de foarm fan in hart as fan in hynder. Ek yn 'e kultueren fan Tailân (gilen; Taisk: กิเลน) en Fjetnam (kỳ lân) is de Sineeske qilin trochkrongen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES