De Rúgjers wienen in Eastgermaansk folk dat oarspronklik yn Noarwegen wenne, en letter yn in gebiet tusken de Oder en de Weichsel. Troch de Goaten waarden sy ferdreaun doe't dizze fan Skandinaavje kamen.

Kriten bewenne fan de Rugii: Rogalân, Pommeren (sûnt 1e iuw), Rugilân (5e iuw); Rügen (net wis)

Neffens de iere boarnen wienen sy in âld en wiis folk en net tige kriichshaftich, wol hienen sy in goeie namme op it mêd fan metaalbewurkjen omdat sy beste swurden en wapens smije koenen.

De Rúgjers ferbleaunen in lang skoft yn Pommeren, wêr't de namme fan it eilân Rügen noch hieltyd oan harren ferbliuw tinken docht. Yn it begjin fan de 4e iuw lutsen sy súdwerts en fêstigen har oan de bopperin fan de Tisza yn wat tsjintwurdich Hongarije is. Under de Hunnen wiene sy fazallen en dienen mei oan Attila's kampanjes yn 451, mar nei dy syn dea kamen sy yn opstân en seagen kâns tusken 480 en 482 har master te meitsjen fan Vindelicia en it part fan Norikum (tsjintwurdich Eastenryk) dat oan de Donau lei. Under lieding fan Feva stiften sy dêr in eigen keninkryk.

De kening fan Itaalje Odoaker hie it net sa stean op dat keninkryk en liet twa strafekspedysjes tsjin de Rúgjers hâlde, beide kearen helle dat de oerwinning. Yn 488 soe lykwols harren ryk troch Odoaker ferneatige wurde. De Rúgjers sleaten har dêrop oan by de Ostrogoaten. Sy joegen stipe oan de Ostrogoatyske kening Diderik de Grutte doe't dizze yn 489 dwaande wie Itaalje te oermasterjen. Yn Itaalje foarmen sy in eigen legerûnderdiel en tegearre mei de Ostrogoten ferdwûnen sy út de skiednis nei de delgong fan de Ostrogoaten yn de twadde helte fan de 6e iuw.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen
 
  NODES
os 6