Reginald Fessenden

Reginald Aubrey Fessenden (Bolton-Est, Quebec, 6 oktober 1866Flatts Village, Bermuda, 22 july 1932) wie in Kanadeesk yngenieur en útfiner. Hy wurdt beskôge as de grûnlizzer fan de moderne radiotechnology meidat er de metoade fan amplitudemodulaasje (AM) ûntduts. It grutste part fan syn wurk died er yn 'e Feriene Steaten en hy makke ek oanspraak op it Amerikaanske steatsboargerskip fanwegen syn yn Amearika berne heit. [1]

Reginald Fessenden
Reginald Fessenden
Reginald Fessenden
persoanlike bysûnderheden
echte namme Reginald Aubrey Fessenden
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 6 oktober 1866
berteplak Bolton-Est
stoarn 22 july 1932
stjerplak Flatts Village
wurkpaad
berop/amt yngenieur
aktyf as útfiner
reden
  bekendheid
grûnlizzer fan de moderne radiotechnology

Hy ûntfong yn syn libben sa'n 500 patinten op ûnderskate mêden, benammen oangeande radio en sonar. Ta syn prestaasjes hearden de earste útstjoering fan spraak fia de radio (1900) en de earste radiotelegrafyske kommunikaasje yn twa rjochtingen oer de Atlantyske Oseaan (1906). Yn 1932 melde er dat er ein 1906 ek de earste radio-útstjoering fan amusemint en muzyk makke, hoewol 't in tekoart oan ferifiearbere details laat hat ta twivels oer dy bewearing.

It Kanadeeske regear, fertsjintwurdige troch de minister dy't ferantwurdlik wie foar de Historic Sites and Monuments Board of Canada, eare Fessenden foar syn wurk op 20 maaie 1943 en ferklearre him ta "Person of National Historic Significance". [2]

Fessenden syn hûs yn Newton, Massachusetts stiet sûnt 1976 op de list fan National Historic Landmarks yn it National Register of Historic Places ûnder de namme Reginald A. Fessenden House.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. " Reginald Fessenden U.S. passport application "Form for Native Citizen", dated August 26, 1914. The signed and notarized application stated that Fessenden was a "native and loyal citizen of the United States" who held U.S. birthright citizenship through his American-born father. In addition, although for his early U.S. patents Fessenden listed his citizenship as Canadian, in a majority of his subsequent applications he described himself as "a citizen of the United States".
  2. Fessenden, Reginald Aubrey - National Historic Person. Yn: Directory of Federal Heritage Designations. Parks Canada/Parcs Canada
  NODES