De reuze-ibis (Pseudibis gigantea synonym: Thaumatibis gigantea) is in fûgel út 'e famylje ibissen en leppelbekken (Teskiornithidae). De fûgel wurdt tige bedrige en is de nasjonale fûgel fan Kambodja, dêr't noch in populaasje bestiet.

Reuze-ibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai ûnechte ibissen (Pseudibis)
soarte
Pseudibis gigantea
Oustalet, 1877
IUCN-status: krityk

De reuze-ibis is tusken 102 en 106 sm lang en donker fan kleur. In folwoeksen fûgel hat in grize, keale kop en sulver grize wjukken mei swarte streken oer de krún en nekke. De poaten binne read, de kromme snaffel gielgrien en de eagen donkerread. Jonge fûgels hawwe koarte, swarte fearren efter op 'e kop, de snaffel is koarter en harren eagen binne brún. De fûgel is meast by it lemieren of it skimerjen te hearren.

Fersprieding

bewurkje seksje

De reuze-ibis libbet yn fochtige gebieten, greide en fjild dat ûnder wetter stiet, iepen bosk by wetter en sompen yn tichte bosken. De nêsten wurde yn grutte beammen fan it skaai Dipterocarpus boud op grutte ôfstân fan 'e bewenning troch minsken.

 
In Kambodjaanske frou mei in fûgel, dy't hja nei it fallen út it nêst grutbrocht hat om de fûgel op 'e nij yn 'e natoer út te setten.

De reuze-ibis libbet yn Kambodja, dêr't de fûgel noch in relatyf grut ferspriedingsgebiet hat, mar seldsum is. Dêrnjonken komt de fûgel yn it meast súdlike part fan Laos foar en is de reuze-ibis waarnommen yn it nasjonaal park (Yon Don) yn Fjetnam. Eartiids hie de fûgel in folle útwrydsker ferspriedingsgebiet oant yn Tailân en it suden fan Fjetnam, dêr't de fûgel hjoed-de-dei útstoarn is.

It gebiet dêr't de reuze-ibis libbet is beheind en dêrom is der in kâns op útstjerren. Neffens Birdlife International waard de populaasje yn 2014 op 194 folwoeksen fûgels rûsd. It kappen fan wâlden, it drûchlizzen fan sompen en fersteuring fan it biotoop troch de ûntsluting fan it ferspriedingsgebiet mei diken, droegen yn in koart skoftke tiid by oan 'e delfong fan 'e oantallen. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as earnstich bedrige.

Kambodja hat in nasjonaal aksjeplan foar it behâld fan 'e soarte opsteld, mei as doel it biotoop foar de fûgel better te beskermjen. De befolking wurdt by in duorsum behear fan 'e bosken belutsen en der moat in skerper taferjoch op 'e hanthavening fan 'e wetjouwing foar natoerbeskerming komme.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Riesenibis (ferzje 2 maaie 2024)


  NODES
INTERN 1