De rinkeleinen (Bucephala) foarmje in fûgelskaai út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De namme is ôflaat fan it Grykske βουκεφαλος (boukephalos), dat okse- of bollekop betsjut. De namme ferwiist nei de yn ferhâlding grutte kop fan 'e einen, dy't fral by de buffelkopein opfalt.

Rinkeleinen
Pearke rinkeleintsjes.
Pearke rinkeleintsjes.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: goeseftigen (Anseriformes)
ûnderskift: echte goeseftigen (Anseres)
boppefamylje: goesfûgels (Anatoidea)
famylje: einfûgels (Anatidae)
skaai rinkeleinen (Bucephala)
Baird, 1858

It skaai bestiet út trije soarten:

Jerk ♂ Wyfke ♀ Wittenskiplike
namme
Fryske
namme
Status
    Bucephala albeola buffelkopein net bedrige
    Bucephala clangula rinkelein net bedrige
    Bucephala islandica Yslânske rinkelein net bedrige

Fiif oare soarten binne allinne fan fossilen bekend.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bucephala fan Wikimedia Commons.
  NODES
Idea 1
idea 1