Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993

De rotaasjeparse is in parse om fan rôle ta rôle printsje te kinnen: boeken, kranten, dokuminten, etiketten, tekstyl, keunststoffen en gâns oare druksubstraten. Dizze technyk waard yn 1843 yntrodusearre.

Rotaasjeparse

Rotaasjeparsen kinne wurkje mei it heechdruk, djipdruk, flakdruk, seefdryk en sels kombinaasjes fan dy techniken (hybride parsen).

De rotaasjeparse waard om 1850 hinne stal jûn. Oant dy tiid moasten boeken it fel fan 16 blêdsiden printe wurde. As in fel klear wie, moast de masine iepenmakke wurde om in nij fel ûnder de parse te lizzen. De izeren masines wurken wol flotter, dat is wier, mar it bleau in bewurklik proses.

Yn de rotaasjeparse wurdt mei silinders wurke, mei rôlen papier yn stee fan fellen. In rotaasjeparse is dus in rap draaiende drukmasine foar massaproduksje; kranten en tydskriften kinne flot yn in grutte oplage makke wurde. De oplages fan it printwurk binne sawat ûnbeheind. Foarhinne wiene boeken mei in oplage 500 eksimplaren gebrûklik. Sels de earste printinge fan de Camera Obscura telde net mear.

  NODES