Rust, of roast, is in redoksreaksje tusken izer en soerstof mei de oanwêzigens fan wetter. It is in materiaal mei in readbrune kleur. It is in mingsel fan izerokside en hydroksylgroepen. Fan rust wurdt ornaris praat as in foarm fan korroazje fan izerhâldende materialen, lykas stiel.

Izer dat foar in part weifretten is troch rust
Ferrustke auto's
Dizze side giet oer de oksidaasje fan metaal. Foar it komeedzjesjenre, sjoch: roast (komeedzje).

Gemyske gearstalling

bewurkje seksje

In foarbyld fan de gemyske gearstalling is: Fe2O3.

Izer wudt yn natuerlike steat fûn yn it erts hematyt as izerokside. Metaalfoarmich izer hat de oanstriid nei dy steat werom te kommen as it bleat lein wurdt oan lucht en wetter. Dy korroazje komt troch de oksidaasje dy't plakfynt as it izermetaal werom komt yn dat miljeu. By dat proses komt enerzjy frij. It proses fan it rustkjen kin yn de folgjende stappen foarsteld wurde:

  • it foarmjen fan izer(II)-ioanen út it metaal
  • it foarmjen fan hydroksidegroepen
  • harren reaksje meiïnoar mei it taheakjen fan soerstof

Nei't stiel yn kontakt mei wetter komt, begjint der in elektrogemysk proses. Oan it oerflak wurdt it izer oksidearre ta izer(II):

Fe → Fe2+ + 2e

De elektroanen dy't frijkomme, ferpleatse harren nei de úteinen fan de wetterdrip, dêr't mear oploste soerstof ta beskikking is. Hja redusearje de soerstof en it wetter ta hydroksidegroepen:

4e + O2 + 2H2O → 4OH

De hydrokside-ioanen reagearje mei de izer(II)-ioanen en noch mear oploste soerstof om izerokside te foarmjen. Dy hydrataasje is net fêst, mar de meast algemiene foarmen binne:

Fe2+ + 2OH → Fe(OH)2
4Fe(OH)2 + O2 → 2(Fe2O3.xH2O) + 2H2O

Rust is hydratearre izer(III)okside. Korroazje giet hurder yn seewetter troch de hegere konsintraasje oan natriumgloaride-ioanen, dêr't de oplossing better troch liedt. Rustkjen kin ek hurder gean troch soeren, mar fertrage wurde troch tsjinsoeren.

Hydratearre izerokside kin lucht en wetter trochlitte, sa't it metaal fjirder rustket sa gau't der in rustlaach bestiet. Ta einbeslút wurdt de gânse izermassa omsetten yn rust.

Gefolgen fan rust

bewurkje seksje

Om't rust fan izer in gruttere folume hat as it materiaal fan wêr't it út ûntstien is, wurde konstruksjes dêr't ferrustkjend izer yn opsletten wurdt, útinoar drukt. Rust is dan ek ien fan de grutste fijân fan it behâlden fan âlde bouwurken, en -reauwen, brêgen, ensafuorthinne.

  NODES
Done 1
see 1