Samuel Barber
Samuel Osmond Barber II (West Chester, Pennsylvania, 9 maart 1910 - 23 jannewaris 1981, New York) wie in Amerikaansk komponist.
Samuel Barber | ||
Samuel Barber troch Carl van Vechten, 1944 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Samuel Osmond Barber II | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 9 maart 1910 | |
berteplak | West Chester | |
stoarn | 23 jannewaris 1981 | |
stjerplak | New York | |
wurkpaad | ||
berop/amt | komponist |
Hy is ien fan de meast ferneamde komponisten fan de 20e iuw. Syn Adagio foar Strikers (1936) hat in fêst plak yn it konsertrepertoir fan orkesten. Hy krige twaris de Pulitzerpriis foar muzyk, foar syn opera Vanessa (1956–57) en syn Konsert foar piano en orkest (1962). Knoxville: Summer of 1915 (1947), in stik foar sopraan en orkest, op in tekst fan James Agee, wurdt ek in protte op de planken brocht yn de hiele wrâld. Dat benei al syn komposysjes opnaam binne is ek apart foar moderne komponisten.
Barber wie gjin fernijer; syn oeuvre kin as post-romantysk bekôge wurde. Hy skept út wat de 19e iuw opsmiten hat. Wat foarm oanbelanget brûkt er faak de sonate (fral yn de symfonyen), dat bleau sa ek doe't er de úteringsmiddels fan de 40er jierren ôf útwreidet.
Wurk
bewurkje seksjeKarút
Keamermuzyk
bewurkje seksjeWurk foar orkest
bewurkje seksje- 1933 The School for Scandal Ouvertüre op. 5
- 1937 Sinfonie Nr. 1 op. 9
- 1938 Adagio for Strings op. 11 (brûkt yn û.o. The Elephant Man fan David Lynch (1980) en Platoon fan Oliver Stone (1986))
- 1939 Violinconcert op. 14
- 1943 Sinfonie Nr. 2 op. 19
- 1945 Celloconcert op. 22
- 1947 Knoxville: Summer of 1915 op. 24 foar orkest en sopraansolo
- 1962 Klavierkonzert op. 38
Wurk foar blaasorkest
bewurkje seksje- 1937 First Essay op. 12
- 1943 Commando March for Band
- 1955 Medea's Dance of Vengeance op. 23a
- Music for Eleven