San José (Kosta Rika)
San José ("Sint Joazef") is de haadstêd en grutste stêd fan Kosta Rika. De stêd leit yn de Sintrale Delling fan Kosta Rika. San José is de sit fan it nasjonaal regear en it sintrum fan polityk en ekonomy, teffens it wichtichste ferkearsknoopunt fan it lân. Sûnt de twadde helte fan 20e iuw is de stêd hurd groeid: yn 1950 wienen der noch mar 87.000 ynwenners.
San José | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kosta Rika | |
Provinsje | San José | |
kanton | San José | |
Boargemaster | Johnny Araya Monge (PLN) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 336.567(2008) | |
Oerflak | 44.62 km² | |
Stêdekloft | 1.715.485 | |
Hichte | 1161 m | |
Oar | ||
Stifting | ± 1738 haadstêd sûnt 1823 | |
Tiidsône | Central Standard Time (UTC-6) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Gemeente San José, kantoar boargemaster |
Distrikten
bewurkje seksjeSan José is ferdield yn 11 distrikten (distritos):
- Catedral
- El Carmen
- Hatillo
- Hospital
- La Uruca
- Mata Redonda
- Meire
- Pavas
- San Francisco de Dos Ríos
- San Sebastián
- Zapote
De distrikten binne wer ferparte yn buorren (barrios).
Skiednis
bewurkje seksjeKoloniale tiid
bewurkje seksjeBegjin 17e iuw hie San José noch net folle te betsjutten. De wichtichste stêd fan de koloanje wie de doe noch haadstêd Kartago; út dy stêd wei waarden smokkelders en swarthannelers ferbanne nei de fallei om San José hinne. Yn 1737 waard der foar it earst sprutsen fan in wier stedsje op dat plak, dêr't de yn de delling fersprate ballingen har fersammele hienen en ienfâldige wenten fan reid en klaai bouden. It stedsje, offisjeel stifte fanwege Cabildo de León, krige de namme Villa Nueva de la Boca del Monte del Valle de Abra. Letter waard dat San José: de namme fan de pleatslike beskermhillige.
Nei de ûnôfhinklikheid
bewurkje seksjeOktober 1821 waard Kosta Rika ûnôfhinklik fan Spanje. It gebiet foarme gjin bestjoerlike ienheid en de fjouwer meast wichtige stêden (neist San José en Kartago wienen dat Heredia en Alajuela) gedroegen har sa'n bytsje as de âld-Grykske stedssteaten. De lieders fan Kartago en Heredia woenen dat de regio har oanslette by de Feriene Steaten fan Sintraal-Amearika, mar San José en Alajeula woene dat net. Rillegau ûntstie der in bluodderige striid oer de behearsking fan regio tusken de stêden. Op 5 april 1823 waard dy striid wûn troch de republikeinske Gregorio José Ramirez dy't de slach yn it Ochomogo Berchtme wûn, wêrnei't er fuortendaliks trochstjitte nei Kartoge en dy stêd fersloech.
Kosta Rika waard dêrnei ûnôfhinklik fan de Feriene Steaten fan Sintraal-Amearika en San José waard de haadstêd fan it lân. Dat noaske eltsenien lykwols net en yn 1835 sloech it regear foar om ienris yn de fjouwer jier fan haadstêd te wikseljen. De oare trije stêden dy't ek foar fêst haadstêd wêze woene wienen it der net mei iens. Sadwaande waard San José yn 1897 troch in koälysje fan Kartago, Heredia en Alajuela oanfallen. It regear waard fuortstjoerd, mar de striid gie troch en lang om let wûn San José dy Guerra de la Liga (bûnsgenoatenoarloch). Sûnt is San José altyd de haadstêd fan Kosta Rika bleaun.
Wilens brocht nei de tabak ek de kofje-yndustry de stêd wolfeart. It plak krige doe ferhurde diken mei strjitferljochting, der kaam in tramline en de stêd wie de tredde yn de wrâld dêr't iepenbier elektrysk ljocht oanlein waard. Ek by de oanlis fan in tillefoannetwyrk roan San José foarop.
Modern San José
bewurkje seksjeNei de Twadde Wrâldkriich groeide San José tige; lytsere plakken yn de omkriten waarden opslokt troch de stêd. In protte 19e-iuwske gebouwen waarden ôfbrutsen om plak te meitsjen foar nijbou. It sintrum hat in soad bars, klups en dancings.
Der binne in protte kulturele ynstellings en museums. Ien dêrfan is it Goudmuseum, dêr't gouden artefakten fan de âlde Latynsk-Amerikaanske beskavingen te sjen binne. De nijsgjirrige Botanyske Tún fan Lankester, oan de râne fan de stêd, lûkt ek in soad minsken.
Op it stuit is it Ynter-Amerikaansk Hof foar de Minskerjochten yn San José festige.
Juan Santamaria International Airport, it fleanfjild fan San José, leit 17 km noardwestlik fan de stêd, by it plak Alajuela.
-
Eskazû, west-San José
-
Nasjonaal Teater San José
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory San José, Costa Rica fan Wikimedia Commons. |