Sedimint, ôfsetting of besinksel [1] is materiaal dy't troch wyn, wetter, iis en swiertekrêft ferfierd wurdt. Foarbylden fan sediminten binne sân, klaai, grind, liem en lutum. Wannear't sedimint ôfset wurdt, ûntstiet stadichoan sedimintêr stiente. Dat proses wurdt sedimintaasje neamd.

Sedimintôffier fan de Rhône yn de Mar fan Genêve

De boaiem fan Fryslân is opboud út sedimintêr stiente.

It wurd "sedimint" komt fan it Frânske sédiment, dat weromgiet op it Latynske sedimentum, mei deselde betsjutting. Dat is wer ôflaat fan sedeo, dat Latynsk is foar "ik sit".

Soarten sediminten

bewurkje seksje
  • sediminten dy't ôfset wurde troch streamend wetter fan rivieren en beken (fluviatyl)
  • sediminten dy't ôfset wurde yn seewetter (maryn)
  • sediminten dy't ôfset wurde troch streamend wetter yn in mar (lakustryn)
  • sediminten dy't ôfset wurde troch de wyn (eolysk)
  • sediminten dy't ôfset wurde troch lâniis of gletsjers (glasiaal)
  • sediminten dy't ôfset wurde troch raanwetter fan lâniis of gletsjers (glasiofluviaal)
  • sediminten dy't ôfset wurde troch fulkaanútbarstings (pyroklastysk)

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

Sedimintferfier bart oeral, yn uterdyks lân ûnder ynfloed fan it tij, binnendyks troch oerstreamings fan rivieren. Sa wurdt sân fan East-Skylge troch de streaming meinommen en wurdt it oan de westkant fan Amelân ôfset. Nei likernôch tsien jier draait it proses him om en komt de ôfsetting wer werom op Skylge. Yn de Waadsee is troch de sterke streaming ek dúdlik te sjen wat der mei it sedimint bart, want grutte parten fan de farrûten ferpleatse harren troch dat proses.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES
see 2