Servatius fan Maastricht (neffens in oerlevering berne yn Armeenje of Palestina, wierskynliker is lykwols Galje, ferstoarn yn Maastricht of Tongeren) libbe yn 'e 4e iuw (of 5e iuw) en wie de earste histoarysk oanwiisbere biskop fan Nederlân. Neffens de oerlevering soe hy de njoggende of tsiende en lêste biskop fan Tongeren en earste fan Maastricht west ha. Servatius is patroanhillige fan 'e stêd Maastricht en ien fan 'e iishilligen. Syn feestdei is op 13 maaie. It grêf fan Servatius is yn 'e krypte fan 'e Sint-Servaasbasilyk yn Maastricht te finen.

Servatius
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 4e iuw
berteplak Galje (?)
stjerdatum 384
stjerplak Maastricht
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 13 maaie
attributen Kaai
patroan fan Maastricht; Saint-Servais (Belgje); Quedlinburg (Dútslân)
de abdij van Tongeren; bisdom Worms
 
Sint-Servatiusbasilyk fan Maastricht.

Skiedkundigen kinne net in soad oer Servatius mei wissichheid sizze. Wol is dúdlik dat Servatius biskop fan it Belgyske Tongeren west hat. Foar in lang skoft waard Servatius mei in oare Servatius betiizge. De kronykskriuwer Sulpicius Severus neamt in Servatius of Sarbatios út Galje, dy't yn 343 oan 'e synoade fan Sardica (it tsjintwurdige Sofia yn Bulgarije) bywêzich wie. Yn 346 naam Servatius diel oan it konsylje yn Keulen en yn 359 oan in synoade yn Rimini. Dy libbe dus in iuw earder dan de troch Gregoarius fan Toers neamde Servatius, yn in tiid dat der fan it kristendom yn 'e kontrijen fan Tongeren noch gjin sprake wêze koe. Dy Servatius liet him op synoades kenne as in fûl tsjinstanner fan it arianisme.

Yn 'e midsiuwen reitsje beide figueren mei inoar betiizge en wurde se ta ien hillige gearstald. Dy konstruearre hillige waard al yn 340 biskop fan Tongeren, mar ferhûze de biskopssit letter nei Maastricht, dêr't er op 13 maaie 384 stoar. Neffens guon waard e r mei in klomp deaslein, neffens oaren soed er fredich stoarn wêze.

 
Servatius-sarkofaach

Servatius - nei alle gedachten de lettere - waard yn 'e tsjerke fan Maastricht begroeven. Op it plak waard ynearsten in houten kapel boud, dy't letter ferfongen is troch in stiennen Servaastsjerke. Nei't op de feestdei fan Sint-Servatius Karel Martel de islamityske legers by Poitiers fersloech, waard de Servaastsjerke út tankberens oerladen mei jeften, lykas in nagelnij alter. Letter wie Karel de Grutte beskermhear fan 'e Servaastsjerke. Nei alle gedachten ferneatigden de Wytsings de tsjerke en yn 'e 11e iuw waard útein set mei de nijbou fan 'e tsjerke, dy't noch jimmeroan oan it Vrijthof yn Maastricht stiet.

Sûnt de 9e iuw naam de legindefoarming om Servatius hinne ta. Sa soe Servatius út Armeenje komme en famylje wêze fan Kristus sels. Hy soe ôfstamme fan Esmerentia, de mem fan Jezus' beppe Anna. Ek soe Servatius út Palestsina komme en dêr wachter west ha fan it Hillich Grêf yn Jeruzalim en nei in fizioen nei Tongeren gien wêze. En ek al libbe Attila de Hun folle letter, hy soe troch Servatius bekeard en doopt wêze.

 
Relykbúste.

Servatius hat syn ferearing û.o. te tankjen oan syn foarsizzing fan 'e ynfal fan Hunnen. Neffens Gregoarius fan Tours soe Servatius nei Rome pylgere ha om dêr te bidden by it grêf fan Petrus om beskerming ôf te smeken. Dêr ferskynde Petrus him yn in fizioen, dy't him meidielde dat syn gebed net ferhoard waard. Servatius reizge nei Tongeren werom en liet doe de biskopssit ferhûzje nei Maastricht, dêr't er wat letter ferstoar. Servatius waard oan 'e kant fan 'e wei begroeven, en alhoewol't it dêr winterdeis bot sneie koe bleau der op it plak fan syn lêste rêstplak nea snie lizzen. De kaai dy't Servatius yn Rome fan Petrus krige soe neffens de 11e-iuwske muonts Jocundus clavem divine fabricationis wêze, d.w.s. troch God makke. De ûnbidich grutte himelske kaai foarmet sûnt it attribút fan Servatius en hy wurdt dêrmei yn 'e regel ek ôfbylde. Deselde muonts skreau yn in hagiografy ek oer it wûnder, dat de hillige Servatius in oanfal fan in manmachtich leger fan 'e Sarasenen op it ryk fan Karel de Grutte hie ôfslein.

In proseduere om Servatius hillich te ferklearjen hat der nea west. Dat wie yn dy tiid ek net gebrûklik. De Dominikanen stelden yn 1330 offisjeel in ferearing fan Servatius yn, nei't de hillige in oanslach op 'e synoade yn Keulen ferhindere hawwe soe. Yn 1584 waard Servatius yn it Martyrologium Romanum ynskreaun en yn 1634 legalisearre paus Urbanus VIII alle iepenbiere hilligenferearings dy't âlder wiene as 100 jier. Dêrmei wie ek Servatius offisjeel in troch de Tsjerke erkende hillige woarn.

 
Needkiste.

Fanwegen it grêf fan Servatius waard Maastricht ien fan 'e grutte Europeeske beafeartsplakken yn 'e midsiuwen. De ferearing wie yn it midden fan 'e 12e iuw op syn hichtpunt. Sûnt dy tiid wurde de bonken yn in skryn bewarre. Dy skryn krige de namme needkiste om't de skryn ek yn tiden fan need yn prosesjes troch de strjitten droegen waard, lykas yn it jier 1475 doe't de pest yn Maastricht útbriek.

Yn 'e 12e iuw skreau Hendrik fan Veldeke in hagiografy oer it libben fan Sente Servas. Oare hânskriften joegen de ynspiraasje foar ien fan 'e earste literêre geskriften yn in iere foarm fan 'e Nederlânske taal. It earste diel beskriuwt it libben fan 'e hillige en it twadde diel de wûnders fan 'e biskop nei syn dea.

Nocht altiten is Maastricht it sintrum fan 'e ferearing fan Servatius. Alle jierren wurdt dêr yn maaie de Sint-Servaasprosesje organisearre.

Servatius wurdt oproppen by swierrichheden mei de fuotten, tsjin froastskea, rimmetyk, en tsjin oerlêst fan ratten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  NODES