Simenssân is ien fan de Fryske eilannen, it leit tusken Skiermuontseach en Rottumerplaat.

Simenssân

It eilân bestiet út in langhalige sânplaat fan sawat oardel kilometer lang en in pear hûndert meter breed. Krektas de oare sânplaten yn it waadgebiet –lykas de Razende Bol (by Tessel) en De Kalkman (by It Amelân) – is it eilân hast hielendal ûnbegroeid.

It eiland spilet in grutte rol as rêstplak foar fûgels as steltrinners, mientsen en einen. Dêrneist is Simenssân in wichtich rêstplak foar seehûnen en harren jongen. Krekt fanwege dizze funksje as rêstplak hat it Ministearje fan Lânbou yn 1999 besletten dat wettersporters tenei net mear drûchfalle meie yn it gebiet op en om dizze sânplaat, omdat de rêst fan de seehûnen troch it drûchfallen fan de syljachten slim fersteurd waard.

Simenssân is, mei troch de oanwêzichheid fan seehûnen, ek in populêre bestimming foar waadrinners.

Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

· · Berjocht bewurkje
  NODES