Sint-Pierre en Miquelon

Sint-Pierre en Miquelon (Frânsk: Saint-Pierre et Miquelon, útspr.: [sɛ̃ pjɛʁ e miklɔ̃]) is in selsbestjoerend oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de status fan in oerseeske kollektiviteit. It gebiet bestiet út acht lytse eilantsjes yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan foar de Kanadeeske kust fan Nijfûnlân, dy't alles binne dat noch restearret fan it ienris sa grutte Frânske koloniale ryk yn Noard-Amearika. Sint-Pierre en Miquelon hie neffens de folkstelling fan 2011 krapoan 6.100 ynwenners.

Sint-Pierre en Miquelon
Saint-Pierre et Miquelon
flagge wapen
Latyn: A mare labor ("Ut see, wurk")
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Frankryk
pol. status oerseeske kollektiviteit
haadstêd Saint-Pierre
offisjele taal Frânsk
sifers
ynwennertal 6.080 (2011)
befolkingstichtens 25,0 / km²
oerflak 242 km² (ynkl. wetter)
242 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
muntienheid Euro (€) (EUR)
tiidsône UTC-3 (S.T. UTC-2)
tillefoan +508
ynternetekstinsje .pm
webside www.saint-pierre-et-miquelon.pref.gouv.fr

It eilân Sint-Pierre is ferneamd nei de apostel Petrus, dy't de beskermhillige fan 'e fiskerslju is. De namme fan it eilân Miquelon giet wierskynlik werom op Mikelon, de Baskyske foarm fan 'e namme Michael, dy't letter in Frânske stavering krigen hat mei "qu" ynstee fan in "k". De namme fan it eilantsje of skiereilantsje Langlade is nei't it skynt in ferbastering fan l'Île à Anglais, Frânsk foar "Ingelsmaneilân".

 
In trijediminsjonaal ôfbyld fan Sint-Pierre en Miquelon.

Sint-Pierre en Miquelon hat in oerflak fan 242 km², dat frijwol hielendal út lân bestiet, mei in te ferwaarleazgjen stikje wetter derby. It gebiet omfiemet yn totaal acht eilantsjes, wêrfan't mar twa bewenne binne, wylst de oare seis net mear as keale rotsen binne dy't boppe de weagen útstekke. De arsjipel leit yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan, yn 'e midden fan 'e Grand Banks, op 3.819 km fan 'e stêd Brest, it neiste diel fan Jeropeesk Frankryk, mar net mear as 25 km besuden it Burinskiereilân fan it Kanadeeske Nijfûnlân.

De haadeilannen Sint-Pierre en Miquelon besteane út rotsgrûn mei yn it binnenlân in laachje fean deroerhinne, dy't fan 'e see ôfskaat wurde troch steile rotskusten. Sint-Pierre, mei in oerflak fan 26 km², hat fierwei de measte ynwenners. Op dit eilân leit it haadplak fan it gebiet, dat ek fan Saint-Pierre hjit, en dat it bestjoerlike en kommersjele sintrum fan 'e arsjipel is. It oare bewenne eilân, Miquelon-Langlade, bestiet feitliks út twa eilannen, Miquelon, mei in oerflak fan 110 km², en Langlade, dat 91 km² grut is. De beide eilannen wurde ferbûn troch it Langlade-dún (Dune de Langlade), in 10 km lange lâningte fan troch de see opsmiten sân. Yn 'e achttjinde iuw waard it dún by in stoarm fuortslein, sadat Miquelon en Langlade faninoar skaat waarden, mar de natuerlike seestreamings yn it gebiet bouden de lâningte oer in perioade fan tweintich of tritich jier wer op 'e nij oan. De see tusken Langlade en Sint-Pierre stie oant likernôch 1900 bekend as de "Mûle fan 'e Hel" (Gueule d'Enfer), fanwegen de mear as 600 skipbrekken dy't dêr troch de jierren plakfûn hiene.

 
Lânkaart fan Sint-Pierre en Miquelon en de eksklusive ekonomyske sône fan 'e eilannen.

Lange tiid bestie der deilisskip tusken Frankryk en Kanada oer de eksklusive ekonomyske sône dy't de Frânsen foar de eilannen hawwe woene. Behalven fiskerijrjochten op 'e Grand Banks stiene der ek mooglik oalje- en gasreserves op it spul. Uteinlik wiisde in arbitraazjekommisje yn 1992 oan Frankryk in eksklusive ekonomyske sône ta fan 12.348 km², al wie dat mar in fearn fan it gebiet dat de Frânsen hawwe wollen hiene.

Floara en fauna

bewurkje seksje

Oarspronklik wiene de haadeilannen beboske, mar de beammen binne al lang lyn kappe foar branje. No groeie der inkeld noch taksis- en jeneverbeibeammen, dy't troch it ûngeunstige klimaat sa yn har groei beknotte binne dat se eins mear wei hawwe fan strewelleguod. Op it mêd fan fauna hawwe de eilannen benammen seefûgels en seehûnen by 't folop. Elts jier swimme walfisken by de eilannen lâns op harren trektocht nei Grienlân ta. Op Langlade hat men fossilen fan trilobiten oantroffen.

Op Sint-Pierre binne foarwerpen fûn dy't tsjutte op lânseigen bewenning, mar doe't de earste Jeropeänen de eilannen yn 'e sechstjinde iuw berikten, libbe der nimmen. Sint-Pierre en Miquelon waarden op 21 oktober 1520 ûntdutsen troch de Portegeeske ûntdekkingsreizger João Álvares Fagundes, dy't se de namme "Eilannen fan 'e Alvetûzen Fammen" joech, nei de kammeraatskes fan 'e hillige Ursula, wa har feestdei it wie. Yn 1536 waarden se troch de ûntdekkingsreizger Jacques Cartier yn besit nommen út namme fan 'e Frânske Kroan. Hoewol't de eilannen yn 'e sechstjinde en santjinde iuw geregeldwei oandien waarden troch de Mikmak-Yndianen út Nij-Skotlân en Nijfûnlân en troch Jeropeeske fiskerslju út Bretanje en Baskelân wei, waarden se pas yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw foar it earst kolonisearre. Yn 1670 waarden der 4 permaninte bewenners teld, en yn 1691 22.

 
De Quai La Roncière, yn it haadplak Saint-Pierre, op in foto út 1887.

Yn 1670 waarden Sint-Pierre en Miquelon ûnderdiel fan 'e Frânske koloanje Nij-Frankryk, dy't grutte dielen fan it Noardamerikaanske fêstelân besloech. Oan it begjin fan 'e achttjinde iuw wiene de eilannen lykwols wer ûntfolke rekke, en by de Frede fan Utert, yn 1713, stie Frankryk se ôf oan 'e Britten. Dy makken se ûnderdiel fan harren koloanje Nijfûnlân, en dat bleaune se oant 1763, doe't de Frede fan Parys net allinne in ein makke oan 'e Sânjierrige Oarloch yn Jeropa, mar ek de oanhâldende Frânsk-Britske striid om 'e koloniale hegemony yn Noard-Amearika einlings en te'n lêsten besljochte. Under de betingsten fan dat fredesferdrach moast Frankryk al syn besittings op it Noardamerikaanske fêstelân opjaan, mar krige it dêr Sint-Pierre en Miquelon foar werom.

De eilannen waard lykwols gjin frede gund, want eltse kear as Frankryk en Grut-Brittanje slaande deilis rekken, wiene Sint-Pierre en Miquelon dêr de dupe fan. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, wêrby't de Frânsen aktyf de Feriene Steaten stipen, foelen Britske troepen yn 1778 Sint-Pierre en Miquelon binnen en baarnden der alles plat. De hiele befolking fan 2.000 minsken waard oersee nei Frankryk deportearre. Tsjin 'e 1780-er jierren wennen der lykwols alwer tusken de 1.000 en 1.500 lju op 'e eilannen, mar yn 1793, ûnder de Oarloggen fan de Frânske Revolúsje foelen de Britten de koloanje fannijs binnen, en wer waard de hiele befolking weromstjoerd nei Frankryk. Dêrnei waard der besocht en stiftsje op 'e eilannen in Britske koloanje, mar dy waard yn 1796 platbaarnd doe't Frânske troepen de eilannen weroveren. Under de betingsten fan 'e Frede fan Amiens joech Grut-Brittanje yn 1802 Sint-Pierre en Miquelon formeel werom oan Frankryk, mar doe't de oarloch in jier letter ferfette waard, kamen de eilannen wer ûnder in Britske besetting. Yn 1814, oan 'e ein fan 'e Napoleontyske Oarloggen, krige Frankryk it gebiet op 'e nij formeel werom, mar ûnder de Hûndert Dagen fan Napoleon, yn 1815, waarden se alwer beset.

Uteinlik wikselen de eilannen yn 1816 foar de lêste kear fan eigner, doe't de Britten se wer weromjoegen. Tsjin dy tiid stie der yn 'e hiele koloanje gjin stien mear op in oaren, en moast alles der folslein werboud wurde. De kolonisten dy't dy drege put op har namen, wiene benammentlik Basken, Bretonnen en Normandiërs, en de flaggen fan dy trije folken binne noch altyd werom te finen yn 'e hjoeddeistige flagge fan Sint-Pierre en Miquelon, fan boppen nei ûnderen by de stôkkant lâns. Teffens wiene der guon lju dy't oerkamen út Nijfûnlân om har by de kolonisten te jaan. Tsjin 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw brocht de fiskerij de koloanje in beskate wolfeart.

 
It eilân Miquelon simmerdeis.

Yn 'e iere tweintichste iuw rekke de fiskerij, en dêrmei de hiele ekonomy fan Sint-Pierre en Miquelon, lykwols yn it ûnleech, mei grutskalige emigraasje nei de Kanadeeske provinsjes Nij-Skotlân en Kebek as gefolch. De tsjinstplicht fan alle sûne jongemannen ûnder de Earste Wrâldoarloch, dy't de fiskerij frijwol ûnmooglik makke, brocht de ekonomy in noch gruttere slach ta. Likernôch 400 manlju út 'e koloanje tsjinnen oan it Westfront, wêrfan't sa'n 25% sneuvele. Smokkeljen hie altyd al wichtich west foar de ekonomy fan 'e eilannen, mar nei de Earste Wrâldoarloch, doe't de Feriene Steaten de drûchlizzing ynfierden, naam it reuseftige foarmen oan. Yn 1931 allinnich al soene Sint-Pierre en Miquelon 6.871.550 liter Kanadeeske whiskey ymportearre hawwe, dy't fan 'e eilannen ôf de Feriene Steaten binnenslûke waard. De ein fan 'e drûchlizzing, yn 1933, stoarte de koloanje dan ek yn in djippe ekonomyske krisis.

Under de Twadde Wrâldoarloch stipen de measte ynwenners fan Sint-Pierre en Miquelon nei de Fal fan Frankryk, yn 1940, de Frije Frânsen fan generaal Charles de Gaulle. It koloniale bestjoer wie lykwols op 'e hân fan it kollaborearjende Vichy-rezjym. Nettsjinsteande de wjerstân tsjin sa'n yngripen fan 'e Feriene Steaten besleat De Gaulle de macht yn 'e koloanje oer te nimmen, wat barde by in bloedleaze steatsgreep op Earste Krystdei 1941. It Amerikaanske regear reägearre furieus, en it ynsidint late ta in duorjend wantrouwen tusken De Gaulle en presidint Franklin D. Roosevelt. By in folksriedplachting op Twadde Krystdei die lykwols bliken dat de befolking fan Sint-Pierre en Miquelon yn oerweldigjende mearderheid efter de steatsgreep stie.

Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch waarden de eilannen yn 1946 omfoarme fan in koloanje ta in oerseesk territoarium. Yn 1958, ûnder de perioade fan Frânske dekolonisaasje, waard der op Sint-Pierre en Miquelon in referindum holden oer de fraach wat der mei de eilannen barre moast. De ynwenners koene kieze út folsleine yntegraasje yn Frankryk, de oprjochting fan in autonome steat binnen de Frânske Mienskip, of hanthavening fan 'e status quo as in oerseesk territoarium. It elektoraat keas foar dy lêste opsje.

Sint-Pierre en Miquelon wie fan 1763 ôf in Frânske koloanje oant it yn 1946 in oerseesk territoarium waard. Yn 1976 krige it de status fan oerseesk departemint, en yn 1985 dy fan territoriale kollektiviteit. Sûnt maart 2003 is it in oerseeske kollektiviteit (collectivité d'outre-mer), mei in spesjaal statút. It gebiet is ferdield yn twa gemeenten: Saint-Pierre en Miquelon-Langlade. Oant 1945, doe't dat opnommen waard yn Saint-Pierre, foarme it eilantsje Isle-aux-Marins in trêde gemeente.

Sint-Pierre en Miquelon genietsje in beskate mjitte fan selsbestjoer oangeande saken as ûnderwiis, wolwêzen en kultuer, mar ek op it mêd fan belestingen, aksynzen en dûane. De eilannen wurde datoangeande bestjoerd troch in territoriaal regear, dat keazen wurdt út it territoriale parlemint (de Conseil Territorial). Dat parlemint hat 19 leden, 15 út 'e gemeente Saint-Pierre en 4 út Miquelon-Langlade. It Frânske regear stelt de pleatslike prefekt oan, dy't oer saken as justysje en oarderhanthavening giet, en dy't ûnder it statút fan 1985 ek tafersjoch hâldt op it bestjoer fan 'e eilannen. It regear fan Frankryk is ferantwurdlik foar de definsje fan it gebiet. Sint-Pierre en Miquelon wurde sawol yn 'e Frânske Senaat as yn 'e Nasjonale Assimblee (it Frânske legerhûs) fertsjintwurdige troch ien parlemintslid.

 
In loftfoto fan it eilân Sint-Pierre, út 2013.

Fan âlds stipet de ekonomy fan Sint-Pierre en Miquelon swier op 'e fiskerij, benammen fan kabeljau en krabbe. Lânbou en feehâlderij binne op it lytse oerflak fan 'e eilannen mar kwealk mooglik en boppedat is de grûn der fierhinne ûnfruchtber en it groeiseizoen fanwegen de klimatologyske omstannichheden beheind ta in pear wiken. Sûnt de ynstoarting fan 'e fiskstân, yn 1992, is de ekonomy slim yn 'e nederklits rekke. De arbeidsmerk is tige bûn oan 'e seizoenen.

Njonken de fiskerij wurdt besocht om mei finansjele stipe fan it Frânske regear de ekonomy te diversifiëarjen op it mêd fan fiskkwekerijen en toerisme, wylst der fierders ferkennende ûndersiken dien wurde nei mooglike foarrieden oalje en gas yn it diel fan 'e omlizzende see dat ta de eksklusive ekonomyske sône fan Sint-Pierre en Miquelon heart.

De wurkleazens lei yn 2010 op 7,1%. De eilannen binne net selsfoarsjennend; sa'n 70% fan 'e foarrieden moatte fia Kanada út Frankryk wei ymportearre wurde. Hoewol't de offisjele muntienheid de euro is, wurdt ek de Kanadeeske dollar op Sint-Pierre en Miquelon rûnom as betellingsmiddel akseptearre, al kriget men as men wikselje moat yn 'e regel eurobiljetten en -munten werom. Fan 1885 oant 1978 en op 'e nij fanôf 1986 bringt Sint-Pierre en Miquelon eigen postsegels út.

Foarsjennings

bewurkje seksje

Der is gjin direkte loftferbining tusken Sint-Pierre en Miquelon en Frankryk; alle ferkear giet fia Kanada. Yn 1999 gie it nije fleanfjild fan Saint-Pierre iepen, dat bedoeld wie om sa'n streekrjochte loftferbining mooglik te meitsjen, mar úteinlik is alles by it âlde bleaun, útsein dat der no ek by min waar fleantugen op Sint-Pierre lânje kinne. De eilannen ûnderhâlde in fearferbining mei Fortune, op Nijfûnlân. Dat fear ferfiert lykwols gjin auto's.

Op 'e eilannen binne 4 legere skoallen, 1 middelskoalle (mei in depindânse op Miquelon), 1 middelbere skoalle en 1 ambachtsskoalle. Wa't fierder leare wol, moat om utens; sokken geane almeast nei Frankryk ta, al bedarje guon yn 'e Frânsktalige dielen fan Kanada (Kebek of Nij-Breunswyk). Fierders binne der op 'e eilannen 4 radiostjoerders, 3 tillefyzjestjoerders, 2 plysjeburo's, 1 patrûljeboat fan 'e Maritime Sjândarmery en 1 klinyk, dêr't men telâne kin by needgefallen en mei ienfâldige sûnensproblemen.

 
Ferlitten huzen op Isle-aux-Marins.

Neffens de folkstelling fan jannewaris 2011 hie Sint-Pierre en Miquelon doe 6.080 ynwenners. Dêrfan wennen 5.456 op it eilân Sint-Pierre, en 624 op Miquelon. De befolkingstichtens wie 25 minsken de km². Op Isle-aux-Marins, dat oant 1931 de namme Île-aux-Chiens droech, wennen foarhinne ek minsken, mar dat is sûnt 1963 ûnbewenne.

De grutte mearderheid fan 'e ynwenners fan Sint-Pierre en Miquelon bestiet út Frânsen mei Baskyske, Bretonske, Normandyske of Sêntongeeske foarâlden (of, yn 'e measte gefallen, in mjuks dêrfan). Party lju stamje ôf fan Nijfûnlanners of fan Akadianen (de Frânsktalige minderheid fan 'e Kanadeeske Kustprovinsjes).

De offisjele taal fan 'e eilannen is it Frânsk, dat frijwol alle ynwenners ek as memmetaal hawwe. It dialekt fan Sint-Pierre en Miquelon stiet tichter by it Jeropeeske Frânsk as by it Kanadeesk-Frânsk, al hat it ek party unike eleminten, dy't foar in diel weromgeane op 'e ynfloed fan talen as it Baskysk en it Bretonsk. It Baskysk wie de taaiste fan 'e foarâlderlike talen fan 'e befolking fan 'e eilannen, en waard oant yn 'e 1950-er jierren noch yn húslike kring sprutsen.

 
It haadplak Saint-Pierre by 't winter.

Op it mêd fan godststjinst kin fernijd wurde dat hast de hiele befolking fan Sint-Pierre en Miquelon út roomsen bestiet, mei in pear ateïsten en agnosten, mar frijwol gjin oanhingers fan oare religyen.

Elts jier wurdt simmerdeis op 'e eilannen it Baskyske Festival holden, mei û.o. wedstriden yn harrijasotzaile (stientillen) aizkolari (houthakjen) en de balsport pelota. De pleatslike kwisine is fierhinne basearre op fisk en oare seebisten, lykas kabbeljau, kreeft, sniekrabbe en moksels. Fierwei de populêrste sport op Sint-Pierre en Miquelon is it iishokky; de eilannen hawwe ferskate tiims, dy't meidogge oan kompetysjes mei de klubs út Nijfûnlân. Ferskate spilers fan 'e eilannen hawwe it sels brocht ta dielname oan 'e Olympyske Spullen, as lid fan it Frânske nasjonale iishokkytiim.

Op Sint-Pierre en Miquelon hearsket ûnder ynfloed fan Arktyske luchtstreamen en de kâlde Labradorstream yn 'e Atlantyske Oseaan in klimaat dat de midden hâldt trusken in wiet lânklimaat en in toendraklimaat. De simmers binne koart en koel, en de winters lang, strang en faak stoarmeftich. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer per etmiel (dus fan dei en nacht mei-inoar) 15,7 °C, en yn febrewaris, de kâldste moanne, is dat –3,6 °C. Sint-Pierre en Miquelon kriget jiers trochinoar 1.312,2 mm delslach, mei yn trochsneed mear as hûndert dagen dat it snijt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


  NODES