Skelet
In skelet (ek: bonkerak, by fisken: graat of bonkjes) is de gearstal fan alle bonken yn in minske of bist. Alle bonken, útsein it tongbonkje, sitte oan elkoar fêst en jouwe it lichem stevichheid. It skelet beskermet it yngewant en helpt by de beweging.
De spieren sitte oan it skelet hecht om de lea bewege litte te kinnen; wêr twa ûnderling beweechbere bonken elkoar reitsje befynt him in knier.
Omdat it skelet it hurdste ûnderdiel is fan it lichem, bliuwt it nei de dea faak it beste langst bewarre; ek by fosilenen giet it meastal om skeletten.