In snaffel of snabel is de bek fan een fûgel.

De snaffel fan in fûgel bestiet út hoarnich materiaal en hat yn de rin fan de evolúsje fan de fûgels de kaken en tosken ferfongen. Tosken binne yn ferhâlding swier en foar in dier dat trochgeans fleant is it wichtich om sa licht mooglik boud te wêzen. Guon fûgelsoarten hawwe lytse kartels oan de snaffel dy't oan tosken tinken dogge.

In fûgel brûkt syn snaffel ûnder oaren om iten te pakken, mar troch it ûntbrekken fan tosken is it kôgjen ferfongen troch in tal oare funksjes. Guon fûgels hawwe in krop, in útstyksel fan de slokterm op de hichte fan de kiel dêr't de earste faze fan de fertarring plakfynt. Dernei giet it iten nei de mage. Sieditende fûgelsoarten slokke stientsjes troch, dy't yn de mage helpe it iten te fermeallen. Fleisiters slokke grutte parten fan harren proai yn ien kear troch en spuie de net te fertarren dielen, sa as bonken en hier, wer út yn de foarm fan braakballen.

Selsferdigening

bewurkje seksje

Foar harren ferdigening brûke fûgels earder harren wjukken of poaten dan harren snaffel. Fûgels mei lange en spitse snaffels meie wol pikke. Se mikke dan faak op de eagen fan harren bedriger.

Fûgels mei koarte sterke snaffels sa as pappegaaien sille earder bite. Under inoar fjochtsje dizze fûgels lytse konflikten út troch inoar mei de poaten te pakken. Earnstige rûzjes wurde mei harren sterke snaffel útfjochte, wêrby't se elkoar slim ferwûnje kinne. Pappegaaien sille it fjochtsjen mei harren snaffel dan ek safolle as mooglik mije.

Somtiden wurdt snaffel ek brûkt foar de bek fan it Fûgelbekdier, in soarte út de klasse fan de Sûchdieren. Yn it taalgebrûk wurdt mei snaffel ek wol op de mûle fan in minske doeld: "Hâld dyn snaffel." ("Hâld dy stil").

  NODES
os 5