De Sonoarawoastyn (Spaansk: Desierto de Sonora; Ingelsk: Sonoran Desert), is in woastyn yn Noard-Amearika dy't dielen fan it noardwesten fan Meksiko en it súdwesten fan 'e Feriene Steaten beslacht, wêrûnder in grut part fan it Kalifornysk Skiereilân. It is de hjitste woastyn yn beide lannen en is feneamd nei de Meksikaanske steat Sonoara, hoewol't er net ta de grinzen fan dat gebiet beheind is. De Sonoarawoastyn hat in oerflak fan krapoan 223.000 km². Kwa klimaat en plantegroei ûnderskiedt de Sonoarawoastyn him dúdlik fan oare, oanbuorjende woastinen, te witten: de Mojavewoastyn en de Woastyn fan 'e Grutte Dobbe yn it noarden en de Chihuahuawoastyn yn it easten.

Sonoarawoastyn
It Nasjonaal Park Saguaro yn súdlik Arizona.
It Nasjonaal Park Saguaro yn súdlik Arizona.
polityk
soarte gebiet woastyn
lân Meksiko
Feriene Steaten
Meks. steaten Nederkalifornje
Sonoara
Súd-Nederkalifornje
Am. steaten Arizona
Kalifornje
grutste plak Phoenix (Arizona)
oare plakken Tucson, Mexicali,
Hermosillo,
Ciudad Obregón,
Palm Springs
sifers
ynwennertal >10 miljoen (2019)
oerflak 222.998 km²
befolkingstichtens >44,8 / km²
subregio's Koloradowoastyn
Gran Altarwoastyn
Lechuguilliawoastyn
Tonopahwoastyn
Yuhawoastyn
Yumawoastyn
oar
tiidsône UTC –7
simmertiid gjint
koördinaten 32°15′ N 112°55′ W
kaart
It Nasjonaal Park Saguaro yn súdlik Arizona.
De Sonoarawoastyn (grien) yn Noard-Amearika.

De Sonoarawoastyn beslacht in oerflak fan 222.998 km². Dêrûnder falt rûchwei de westlike helte fan 'e steat Sonoara, yn it noardwesten fan Meksiko, en fierders hast it hiele Kalifornysk Skiereilân (útsein it uterste noardwesten en in diel fan 'e súdpunt). De woastyn omfettet sadwaande dielen fan trije Meksikaanske steaten, mei't it Kalifornyske Skiereilân ferdield is yn 'e steaten Nederkalifornje (Baja California) en Súd-Nederkalifornje (Baja California Sur). Yn 'e Feriene Steaten omfiemet de Sonoarawoastyn in diel fan it Amerikaanske Súdwesten, te witten: it súdwestlike fearn fan 'e Amerikaanske steat Arizona en it eastlike, binnenlânske part fan 'e súdpunt fan 'e steat Kalifornje, mei û.m. de Coachelladelling.

 
In pear saguarokaktussen yn 'e Sonoarawoastyn by Tucson.

Yn it noardwesten giet de Sonoarawoastyn oer yn 'e drûgere Mojavewoastyn fan eastlik Kalifornje, noardwestlik Arizona en súdlik Nevada. Yn it easten bestiet der in selde soarte oergong mei de Chihuahuawoastyn yn Sonoara en Arizona. Op oare plakken wurdt de Sonoarawoastyn begrinzge troch berch- en/of wâldlân. De Sonoarawoastyn is dúdlik te ûnderskieden fan 'e omlizzende woastinen trochdat it der winterdeis subtropysk waarm bliuwt en der twa reintiden yn it jier binne, yn tsjinstelling ta bgl. de Mojavewoastyn mei syn drûge simmers en kâlde winters. De Sonoarawoastyn sels kin ferdield wurde yn ferskate subregio's, wêrûnder de Koloradowoastyn (ferneamd nei de rivier de Kolorado) en de Yuhawoastyn yn súdeastlik Kalifornje, de Yumawoastyn, Lechuguillawoastyn en Tonopahwoastyn yn súdwestlik Arizona en de Gran Altarwoastyn yn Sonoara.

De Sonoarawoastyn hat in aride subtropysk klimaat. It is de hjitste woastyn fan Noard-Amearika, mei temperatueren dy't by 't simmer wol oprinne kinne oant 50 °C. Yn 'e leger leine dielen fan 'e woastyn bliuwt it it hiele jier rûn waarm en komt reinfal mar út en troch foar mei ûngeregelde hoemannichten, faak minder as 90 mm yn 't jier. Yn 'e heger leine dielen fan 'e woastyn, benammen yn súdlik Arizona, bliuwt it ek it hiele jier rûn waarm, mar dêr falt jiers trochinoar 100 oant 300 mm rein yn in dúdlik patroan fan twa reintiden: simmers en winters.

Floara en fauna

bewurkje seksje

De Sonoarawoastyn is gjin keale sânflakte. In protte planten witte der net inkeld te oerlibjen, mar tierje der wielderich. Faak hawwe se dêrfoar spesjale oanpassings ûntwikkele dy't se brûke om mei de hjittens en de drûchte om te gean. De meast ferneamde plant út 'e Sonoarawoastyn is de reuseftige, mei sydtûken tariste saguarokaktus (Carnegiea gigantea), dy't syn bekendheid tanket oan westernfilms en nearne oars yn 'e wrâld yn it wyld foarkomt. Oare planten dy't yn 'e woastyn foarkomme, binne beversturtkaktus (Opuntia basilaris), fiskheakkaktus (Ferocactus wislizeni), oargelpiipkaktus (Stenocereus thurberi), kreosoatstrûk (Larrea tridentata), kleefambroasia (Ambrosia dumosa) en ferskate soarten tsjolla (Cylindropuntia), ychelkaktus (Echinocereus), skiifkaktus (Opuntia) en nachtbloeiende sereüs (Peniocereus).

Yn 'e heger leine kriten komme ek strewellen foar, lykas blauwe palo verde (Parkinsonia florida), woastynizerhout (Olneya tesota), woastynwylch (Chilopsis linearis arcuata) en wyttoarnakasia (Concellia constricta). Yn 'e Koloradowoastyn fan súdeastlik Kalifornje komt ek de iennichste lânseigen palmsoarte fan dy Amerikaanske steat foar: de Kalifornyske waaierpalm (Washingtonia filifera).

 
Wynmûnen yn 'e Sonoarawoastyn by Palm Springs (Kalifornje).

Yn 'e Sonoarawoastyn komme 246 soarten fûgels foar, 120 soarten sûchdieren, 100 soarten reptilen, 30 soarten fisken en 20 soarten amfibyen. It tal soarten ynsekten en oare wringeleazen dat der libbet, is ûnbekend, mar der binne allinnich al 1.000 lânseigen soarten bijen en holders.

Foarbylden fan fûgels dy't yn 'e Sonoarawoastyn foarkomme, binne de Meksikaanske readmosk (Haemorhous mexicanus), it kaktustomke (Campylorhynchus brunneicapillus), de grutte rinkoekoek (Geococcyx californianus), de hoale-ûle (Athene cunicularia) en de elfûle (Micrathene whitneyi). Foarbylden fan sûchdieren binne de súdlike sprinkhoanmûs (Onychomys torridus), de kaktusmûs (Peromyscus eremicus), de langpoatmûsgoffer (Perognathus longimembris), it rotsiikhoarntsje (Otospermophilus variegatus), de ezelhazze (Lepus alleni), de prêrjewolf (Canis latrans), de reade lynks (Lynx rufus) en it mûldierhart (Odocoileus hemionus). De Yumawoastyn yn Arizona, súdlik fan Tucson, is it iennichste plak dêr't de jagûar (Panthera onca) yn 'e Feriene Steaten yn it wyld foarkomt. Foarbylden fan reptilen yn 'e Sonoarawoastyn binne de sebrasturtleguaan (Callisaurus draconoides), de hoarnrattelslange (Crotalus cerastes), de Teksaanske rattelsange (Crotalus atrox) en it Gilameunster (Heloderma suspectum), ien fan mar in pear giftige hagedissen yn 'e wrâld.

De Sonoarawoastyn is it heitelân fan santjin hjoeddeistige Yndiaanske etnyske groepen, wêrûnder de Jaky (Yaqui), Jûma (Yuma of Quechan), Kawylla (Cahuilla), Kokopa (Cocopah), Marikopa (Maricopa), Papago (Tohono O'odham), Pima en Tsjemehûevy (Chemehuevi). Der lizze sadwaande gâns Yndianereservaten yn it gebiet. Dêrnjonken wenje der ek in protte oare lju yn 'e Sonoarawoastyn, dy't tsjintwurdich in minsklike befolking hat fan teminsten mear as 10 miljoen persoanen. De grutste stêd yn 'e woastyn is Phoenix, de haadstêd fan Arizona, mei 4,7 miljoen ynwenners. Dêrnei folgje Tucson yn Arizona en Mexicali yn Nederkalifornje, dy't beide omtrint in miljoen ynwenners hawwe. Hermosillo, yn Sonoara, hat in befolking fan 900.000 minsken en Ciudad Obregón, ek yn Sonoara, hat 376.000 ynwenners. Yn 'e Coachelladelling fan Kalifornje, mei as wichtichste plak Palm Springs, wenje 365.000 minsken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
os 8