Split (eartiids ek bekend ûnder de Italjaanske namme Spalato) is de grutste en wichtichste stêd yn Dalmaasje. De stêd hie yn 2001 175.140 en yn 2011 178.102 ynwenners; dêrmei is it de op ien nei grutste stêd fan Kroaasje.

Split fan de Marjanheuvel ôf (2005)
Narodni Trg (Plein fan it folk) (2004)

De wichtichste yndustry yn Split is it toerisme, der is ek fiskerij, wynbou en chemyske yndustry. De stêd is ek in belangryk ferkearsknooppunt foar Dalmaasje, omdat in protte fan de Dalmatyske eilannen allinnich fanút de haven fan Split berikber binne. Tsjinoer Split leit it eilân Brač. Oan de râne fan it sintrum leit de heuvel (sjoch foto) Marjan, op dizze heuvel leit in dieretún en in begraafplak. De lokale fuotbalploech hjit Hajduk Split.

It hert fan Split wurdt foarme troch it eardere paleis fan de Romeinske keizer Diokletianus. Dy keizer joech om-ende-by it jier 300 opdracht ta de bou. Dat foarfal wurdt beskôge as it begjin fan de stêd. Yn de 7e iuw naam it tal ynwenners ta doe't it neistlizzende Salonae (it tsjintwurdige Solin), plondere waard troch de Avaren en de ynwenners nei Split flechten. Ek tsjintwurdich wurdt it sintrum fan Split foarme troch it âlde paleis, dêr't winkels, merken en sels in dom fêstige binne. Dy dom wie yn Diokletianus syn tiid in mausoleum. Yn 1979 waard it paleis fan Diokletianus op de Wrâlderfgoedlist set.

Sûnt 1420 hearde Split ta Feneesje, en yn 1797 kaam it by Eastenryk-Hongarije. Yn 1918, nei de Earste Wrâldkriich, foel Eastenryk-Hongarije útinoar en hearde Split mei Dalmaasje by it keninkryk fan Servjers, Kroaten en Slovenen dat doe oprjochte waard. Dit keninkryk gie yn 1929 Joegoslaavje hjitten. Yn de jierren 1941 - 1943 makke Split diel út fan Itaalje, mar nei de Twadde Wrâldoarloch kaam it wer yn besit fan Joegoslaavje.

Alhoewol' Split altiten de grutste en wichtichste stêd fan Dalmaasje wie, is it nea haadstêd fan de regio west. Yn de Feneetsjaanske en Eastenrykske tiid wie Zadar de offisjele haadstêd. Sûnt 1992 is de stêd part fan de Republyk Kroaasje.

Berne yn Split

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES
Done 1