Stasjon Rotterdam Sintraal

Stasjon Rotterdam Sintraal (Asd) is it sintraal stasjon fan de Nederlânske haventêd Rotterdam. It is iepene yn 1957 It waard boud as ferfanging fan Stasjon Rotterdam Delftsche Poort dat slim skansearre rekke wie by it bombardemint op Rotterdam.

Stasjon Rotterdam Sintraal
station Rotterdam Centraal
Stasjon Rotterdam Sintraal yn 2014
Stasjon Rotterdam Sintraal yn 2014
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
gemeente Rotterdam
plak Rotterdam
adres Stationsplein 8a
arsjitektuer
stasjonskoade Rtd
type Trochgongsstasjon
iepening 21 maaie 1957
boujier 1957 1e stasjonsgebou
2014 2e stasjonsgebou
sloopjier 2008 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1957
S. van Ravesteyn
1e stasjonsgebou
2014
Benthem en Crouwel
Meyer & Van Schooten Architecten
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 7
perronspoaren 13
spoarline Alde line
Steatsline I
Utert - Rotterdam
metroline Rotterdamske metro
stedsbus Rotterdamsk busnet
tramline Rotterdamske tram
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Rotterdam Sintraal (Rotterdam-Sintrum)
Stasjon Rotterdam Sintraal

It treinstasjon telt sân perrons mei trettjin perronspoaren en twa trochgeande spoaren sûnder perron, de spoaren 5 en 10. Spoar 1 waard begjin 2018 opbrutsen mei de ferbreding fan it sydperron lâns it stasjonsgebou oant it, oant dan ta perron leaze, trochgeande spoar 2.

Nei it dramatyske bombardemint fan 14 maaie 1940 op de binnenstêd fan Rotterdam, wêrby 't de fjouwer yn en om it sintrum lizzende stasjons, wêrûnder stasjon Delftse Poort, swier skansearre rekke wiene, waard in plan opsteld foar de weropbou fan de stêd. Besletten waard om twa fan de fjouwer stasjons te wer op te bouwen en Stasjon Delfste Poort en ek stasjon Maas te ferfangen troch in folslein nij stasjon. Dit waard Rotterdam Sintraal.

Treinen út de rjochting Utert einigen oant 1953 op stasjon Maas. Yn 1953 waard stasjon Maas definytief sletten en ôfbrutsen, om't der in nij trasee yn gebrûk naam wie. Dêrby waard de trein út Utert wei oer it noardlike part fan de Ceintuurbaan laat, dy't oant dan ta Stasjon DP mei Station Maas ferbûn. Stasjon DP waard fan dan ôf tydlik Rotterdam Sintraal neamd. In nij stasjon lâns dat trajekt, Rotterdam Noard, waard yn datselde jier iepene as stoptreinhalte, en wie oant yn 1967 it iennige Rotterdamske stopplak foar de ynternasjonale treinen út Hoek fan Hollân wei.

Yn 1957 waard Rotterdam CS iepene, dat as útein fan de nije ferkearsier soarge foar in ferbining út it sintrum fan Rotterdam wei yn alle rjochtingen. Nei iepening waarden ek de restanten fan Stasjon Rotterdam Delftsche Poort ôfbrutsen.

1e stasjonsgebou

bewurkje seksje
 
1e stasjonsgebou Rotterdam Sintraal yn 1957
 
Sintrale hal 1e stasjonsgebou Rotterdam Sintraal yn 1957
 
perronoerkapingen 1e stasjonsgebou Rotterdam Sintraal yn 2003

It earste Sintraal Stasjon fan Rotterdam, ek wol Rotterdam CS neamd, waard op 21 maaie 1957 offisjeel iepene. De arsjitekt Sybold van Ravesteyn dy't foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich ek de nije diergaarde ûntwurpen hie, ûntwurp it nije stasjonsgebou.

Dêrfoar hie Van Ravesteyn ynspiraasje opdien by it modernisme dat by Italiaanske stasjonsbou brûkt waard. De ynspiraasje wie werom te finen yn de flauwe bocht fan it gebou oan it stasjonsplein en gevelopbou wêrby't wurke is mei de wurking fan ljocht en skaad. It hal hie in gewelfd plafond, de betonnen oerkaping fan it perron wie sierlik. By syn earste ûntwerp hie Van Ravesteyn noch in sintrale toer, mar de gemeente Rotterdam trune oan om in mear moderne as klassike opset, wêrtroch't Van Ravesteyn in ferfolch ûntwerpen him mear rjochte op it funksjonalisme.

Hoewol't de basisfoarm én de omfang fan it stasjon al feststeld wie, kostte it Van Ravesteyn muoite om mei in goed ûntwerp te kommen. Het stasjongsgebou moast in gevel fan 120 meter lang krije en het moast fan de weropbou kommisje sa'n 40 meter heech wurde. de weropbou kommisje dacht nemmenlik oan in stasjongsgebou mei in grut restaurant en sels in hotel on de boppeferdjippingen. De NS tocht hjir lykwols hiel oars oer. Om't se ferfierders wiene en gjin hoareka organisaaje. boppedat soene de hotelgasten de reizegers allinne mar foar de fuotten rinne. Efternei die bliken dat dat in gebrek oan takomstfyzje wie, mar dêrtroch waard it stasjon folle leger as eins de bedoeling wie. Fan de plande 40 meter hichte, bleaune der úteinlik mar 14 oer.

Dat waard lykwols troch ien tûke yngreep foar in grut part ferburgen. De kantoarfleugels oan wjerskanten fan de stasjonshal lykje fjouwer ferdjippingen te hawwen, mar yn werklikheid wiene dit der mar twa. Dit komt troch dat der smelle ruten brûkt binne. De gevellingte fan 120 meter waard úteinlik wol helle, mar ek dêr wie in " truc " foar nedich. Van Ravesteyn ûntwurp oan de útein fan elke fleugel in poarte eftige kûlissen mei dêrop in abstrakt byld. De bylden waarden troch meiwurker J.H. Baas ûntwurpen. Baas bliek behalve in betûfte boukundich tekener, ek in talint foar byldzjende keunst te hawwen.

It gewelfde plafond fan de hal bestie út betonnen skalen, dy't yn trije floeiende stappen hieltyd leger waard. Op dy wize waardst as reizger min ofte mear nei de loketten en de reizgerstunnel laat. Dy loketten en de reizgerstunnel waarden oantsjut mei in foar it stasjon spesjaal ûntwurpen lettertype. Boppe de reizgerstunnel stie de tekst "NAAR DE TREINEN". De reizgerstunnel wie ûnmiskenber in "klassyk" Van Ravesteyn-ûntwerp mei ôfrûne hoeken nei de treppen. De reizgerstunnel wie behoarlik leech. Dêrtroch like de tunnel breder as dizze yn werklikheid wie.

2e stasjonsgebou

bewurkje seksje
 
2e stasjonsgebou Rotterdam Sintraal yn 2016
 
Sintrale hal 2e stasjonsgebou Rotterdam Sintraal yn 2015

Yn 2003 kaam it beslút, dat it Sintraal Stasjon fan Van Ravesteyn plak meitsje moast foar in nije ov-terminal. Njonken in nij stasjonsgebou kaam der ek in nije, bredere reizgerstunnel, in ekstra loftbrêge oer de perrons en in nije perronoerkaping. Ek wurdt it metrostasjon útwreide, ûnder it Sintraal Stasjon. Al yn de maitiid fan 2005 wurdt it earste part fan it âlde stasjonsgebou ôfbrútsen om plak te meitsjen foar de tydlike foarsjenningen dy't nedich binne om it ferfier troch gean te litten wilens de nijbou. Yn 2008 wurd de rest fan it âlde stasjon ôfbrútsen en wurd begûn mei de nijbou. Nei ûntwerp fan arsjitekten fan de arsjitekteburo's Benthem en Crouwel en Meyer & Van Schooten Architecten. It nije stasjon hat in tige romme sintrale hal. De asymmetryske rustfrijstielen oerkaping, droegen troch in konstruksje fan stiel en hout, giet oer yn in glêzen wand, dy't in trochsjoch jout út de hal wei nei de treinen. De foar- en efterkant fan it stasjon binne ferbûn troch in fuotgongerstunnel fan mar leafst 30 meter breed. Oan wjerskanten fynt de reizger winkels. De tunnel is fersierd mei de keunstwurken fan J.H. Baas út 1957. It iepenwurke plafond fan de passaazje biedt de passanten sicht op de perrons. Treppen, roltreppen en liften bringe reizgers fan as nei de perrons. In rinbrêge boppe de spoaren soarget foar ekstra oerstap mooglikheden.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Ynternasjonale treinen
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
9200
IC 35
Intercity direct
(NS International)
Amsterdam SintraalSkiphol AirportRotterdam SintraalBredaNoorderkempenAntwerpen-SintraalMechelenBrussels Airport-ZaventemBrussel-NoardBrussel-SintraalBrussel-Súd Fia HSL, tusken Skiphol en Rotterdam Sintraal, moat der by in reis binnen Nederlân ekstra betelle wurde.
Eurostar 9100 Eurostar
(SNCF
NMBS)
Amsterdam SintraalRotterdam SintraalBrussel-SúdLille-EuropeLondon St Pancras International Lille-Europe wurdt ûnregelmjittich betsjinne.
Thalys 9300 Thalys
(NS International)
Amsterdam SintraalSkiphol AirportRotterdam SintraalAntwerpen-SintraalBrussel-SúdParis Nord Ferskate ritten allinnich tusken Amsterdam en Brussel-Súd
Thalys 9900 Thalys
(NS International)
Amsterdam SintraalSkiphol AirportRotterdam SintraalAntwerpen-SintraalBrussel-SúdAéroport Charles-de-Gaulle 2 TGVMarne la Vallée-Chessy / Chambéry-Challes-les-EauxAlbertvilleMoûtiers - Salins - Brides-les-BainsAime-La PlagneLandryBourg-Saint-Maurice / Valence-Rhône-Alpes-Sud TGVAvignon TGVAix-en-Provence TGVMarseille Saint-Charles Marne la Vallée-Chessy 2 kear deis.
Bourg-Saint-Maurice 1 kear yn 'e wike yn 'e winter.
Marseille Saint-Charles 1 kear yn 'e wike yn 'e simmer.
Intercity's
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
500 Intercity (NS) Rotterdam SintraalUtert-SintraalAmersfoart SintraalSwolAssenGrins In healoeretsjinst mei searjes 600 en 700.
600 Intercity (NS) LjouwertMeppelSwolAmersfoart SintraalUtert-SintraalRotterdam Sintraal In healoeretsjinst mei searjes 500 en 1800.
900 Intercity direct
(NS)
Amsterdam SintraalSkiphol AirportRotterdam Sintraal Tusken Skiphol en Rotterdam Sintraal, moat der by in reis binnen Nederlân ekstra betelle wurde. Fia HSL. Rydt net jûns en yn it wykein. Foarmet in skeve kertiertsjinst mei searje 1000.
1000 Intercity direct
(NS)
Amsterdam SintraalSkiphol AirportRotterdam Sintraal Tusken Skiphol en Rotterdam Sintraal, moat der by in reis binnen Nederlân ekstra betelle wurde. Fia HSL. Rydt net jûns en yn it wykein. Foarmet in skeve kertiertsjinst mei searje 900. De lêste trein fan Amsterdam Sintraal ôf rydt fan Rotterdam Sintraal troch nei Breda.
1100 Intercity (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelfRotterdam SintraalBredaTilburchEindhoven Sintraal
1400 Nachtnet Intercity
(NS)
Utert SintraalAmsterdam Bijlmer ArenAAmsterdam SintraalSkiphol AirportLeiden SintraalDe Haach HSDelftRotterdam Sintraal De treinsearje 21400 foar de trajektferlingingen Rotterdam Sintraal - Eindhoven Sintraal en Utert Sintraal - Eindhoven ride allinnich yn freed en sneon te nacht. Yn it earste part fan woansdei en tongersdei te nacht stoppet de trein yn Gouda yn plak fan Delft op. Dêrneist wurde bussen ynset op it trajekt Rotterdam Sintraal - Delft – De Haach HS.
2200 Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeiden SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
2400 Intercity (NS) Lelystêd SintrumAlmere BûtenAlmere SintrumAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardt
2800 Intercity (NS) Rotterdam SintraalGoudaUtert Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
3200 Intercity (NS) Arnhim SintraalEde-WageningenUtert SintraalAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam Sintraal Rydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
Sprinters
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4000 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenWoerdenGoudaRotterdam Sintraal
5000 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES
Done 1
see 1