In steaftsjerke (Noarsk: stavkirke) is in gehiel út hout oplutsen tsjerkegebou, mei in typyske boustyl dy't benammen yn Skandinaavje oantroffen wurdt. Steaftsjerken binne ûntstien yn de perioade dat it kristendom yn Skandinaavje ferspraat waard.

Steaftsjerke fan Borgund

In steaftsjerke waard boud op in stiennen fundearring dêr't in frame of geramte fan houten balken op set waard. Op dit fûnemint rêsten de peallen. By de alderearste steaftsjerken waarden de staven of peallen yn in gat yn de grûn pleatst. Hoewol't dat foar genôch stabiliteit soarge, holden dizze bouwurken net lang stân trochdat de peallen troch ferrotting oantaast waarden. Dy peallen waarden oan de boppekant oaninoar fêstmakke mei in nij geramte fan horizontale balken. Dizze balken droegen de konstruksje foar it dak. Om dizze konstruksje genôch stevigens te jaan waarden trije metoaden tapast: earst waarden der tusken alle staven in pear krúslings pleatste staven setten, twad waarden der houten bôgen tusken de peallen pleatst en as lêste waard der in lege rûngong om de tsjerke makke dy't wichtich is foar de konstruksje. As ferbiningsmetoaden waarden brûkt: swellesturtferbining, houten pinnen en klam ferbiningen. In staaftsjerke waard nea mei spikers, neils of lym boud sadat de konstruksje fleksibel bleau en it hout wurkje koe (útsette en krimpe).

De ienfâldichste steaftsjerken binne lytse, rjochthoekige gebouwen en besteane út in skip en in lyts koar. It dak rêst op de muorren.

Gruttere steaftsjerken kinne in lange mêst yn 'e midden hawwe, dy't de toerspits draacht en dy't de muorren foar in part ûntlêst.

De meast komplekse steaftsjerken hawwe in hege romte yn 'e midden, dy 't droegen wurdt troch frijsteande mêsten; dy sintrale romte is omjûn troch legere sydboeken dy 't de konstruksje ferstevigje.

Noch oanwêzige steaftsjerken

bewurkje seksje
steaftsjerken yn Noarwegen
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Garmo   Om en de by 1200
Steaftsjerke fan Hedalen   1327
Steaftsjerke fan Hegge   13e iuw
Steaftsjerke fan Høre   1327
Steaftsjerke fan Lom   1160
Steaftsjerke fan Lomen   1179
Steaftsjerke fan Øye   1358 meardere kearen werboud
Steaftsjerke fan Reinli   1237 1x werboud
Steaftsjerke fan Ringebu   1220
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Grip   1450
Steaftsjerke fan Kvernes   1432
Steaftsjerke fan Rødven   1200
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Holtålen   1200 Ferhúze nei in iepenloftmuseum
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Eidsborg   om en de by 1250
Steaftsjerke fan Heddal   13e iuw Grutste Steaftsjerke fan Noarwegen
Steaftsjerke fan Høyjord   1100
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Borgund   1182
Steaftsjerke fan Fantoft   1150 2x werboud
Steaftsjerke fan Hopperstad   1140
Steaftsjerke fan Kaupanger   1183 1x werboud
Steaftsjerke fan Røldal   1250
Steaftsjerke fan Undredal   1147 Tsjerke is wyt ferve
Steaftsjerke fan Urnes   1130 De âldste steaftsjerke fan Noarwegen
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Flesberg   1735
Steaftsjerke fan Gol   1157 Ferhúze nei in iepenloftmuseum
Steaftsjerke fan Nore   1167
Steaftsjerke fan Rollag   1425
Steaftsjerke fan Torpo   1200
Steaftsjerke fan Uvdal   1200

Bûten Noarwegen

bewurkje seksje
Tsjerke Lân Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Hedared   Sweden 1500
Steaftsjerke fan Ruhnu   Estlân 1644
Steaftsjerke fan Vang   Poalen 1200 Oarspronklik boud yn Vang, mar yn 1842 ferhúze nei Karpacz Poalen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES