Stiel is in legearing fan izer en koalstof. De term stiel wurdt benammen brûkt foar izerlegearings mei in sadanich beheind koalstofgehalte (typysk minder as 1,9%) of gehalte oan tafoegings as groom, dat se waarm ferfoarme wurde kinne. Dêryn ûnderskiedet stiel him fan bygelyks getten izer, dat in heger koalstofgehalte hat.

Brêge fan stiel yn Argentynje

Der is in grut ferskaat oan legearings mei dy beide eleminten, meastentiids ek mei oare bestândielen. Der binne dus ek in soad stielsoarten. Stiel wurdt in soad brûkt as konstruksjemateriaal. De koalstof wurdt brûkt om in hege lûksterkte en hurdheid te krijen.

  NODES
os 3