In Stiennen skip wie in wize fan begraven, dy't foaral yn Skandinaavje fûn waard. It grêfmonumint bestie út frijwat los fan elkoar oprjochte stiennen. Yn Sweden, fariearje de ôfmjittings fan 67 meter (Ale's Stiennen) oant mar in pear meter. De rjochting fan de monuminten wikselje. De binnenkant hat in liemen flier of is fold mei stiennen, op it plak fan de mêst(en) kinne rjochtopsteande stiennen set wêze. It byld fan in skip wurdt somtiids fersterke troch gruttere stiennen op it plak fan boech en stjune. Dit soarte skipfoarmige grêven wurde faak fûn op grêffjilden, mar somtiids ek fier fan hokker oare archeologyske oerbliuwsels dan ek.

Stiennen skip by Anund

Fersprate fynsten binne dien yn Noard-Dútslân en oan de kust fan de Baltyske steaten. Opgravings hawwe sjen litten dat hja fral út it lêst fan de Noardske Brûnstiid (± 1000 f.Kr. - 500 f.Kr.), út de Dútske Izertiid, it Vendeltiidrek of de tiid fan deWytsingen komme.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Category:Stone ships fan Wikimedia Commons.
  NODES
os 1