Suëtoanius, folút yn it Latyn: Gaius Suetonius Tranquillus, (69 – nei 122) wie in Romeinske skriuwer en skiedkundige. Hy wurdt wol beskôge as Romes grutste biograaf út de keizerstiid. Yn syn wurken skriuwt Suëtoanius oer it libben fan de keizers en hy hie dêrby in protte oandacht foar persoanlike bysûnderheden. Troch lettere skriuwers is er in soad neifolge.

Suëtoanius ôfbylde yn de Neurenberchkroniken.

Suëtoanius waard berne om-ende-by 70 n.Kr. yn 'e omkriten fan Hippo Regius yn Afrika. Hy krige in goeie oplieding, studearre rjochten en tsjinne ûnder Plinius de Jongere dy't doe gûverneur wie fan Bitynia. Troch tuskenkomst fan Plinius waard hy letter oansteld as bibletekaris by keizer Trajanus. Under keizer Hadrianus wie hy inkele jierren haad fan it keizerlike skriuwerskip. Oan dizze posysje kaam lykwols yn 121 ynienen in ein, nei gedachten fanwege syn relaasje mei keizerinne Fibia Sabina. Yn de jierren dêrnei hat er noch in soad wurk skreaun.

Suëtoanius is de wichtichste Romeinske fertsjintwurdiger fan de biografy, de libbensbeskriuwing fan de keizers dy't destiids net folle oansjen hie. Omdat er wurke hie foar de machtichste persoanen fan syn tiid, wist er ek in protte oer it libben fan de keizers te fertellen.

Yn syn wurk skriuwt Suëtoanius net folle oer de politike en militêre foarfallen, mar hat hy it benammen oer de yntriges fan de keizers, harren deugden en goeie eigenskippen en - foaral - harren minne eigenskippen, harren smoargens en wredens. Alle hearskers sûnt Julius Caesar komme oan bod en oer de ien is er wat wiidweidiger as oer de oare. In inkelden ien komt er by him goed fan ôf en it byld dat er skept fan de keizers is net al te bêst.

Suëtoanius skriuwt syn ferhalen altiten neffens in fêst stramyn: hy begjint hieltyd mei in beskriuwing fan it libben oant de amtsoanfearding, dêrnei komt in rige rubriken en as slot beskriuwt er op hokker wize de keizer oan syn ein komt.

It ferskil mei oare skiedkundigen lykas Tasitus sit him hjiryn, dat Suëtoanius him mear dwaande hâlde mei de persoanlike bysûnderheden fan de keizers, wylst Tasitus in protte omtinken hie foar de gronology fan de foarfallen. De libbensbeskriuwings fan Suëtoanius binne aardich om te lêzen, mar de literêre kwaliteit en psychologyske djipgong bliuwt efter by oare skriuwers. De krêft fan Suëtoanius sit him yn de details en de talrike anekdoates. Troch Suëtoanius witte wy frij krekt hoe't de keizers derút seagen en hokker ynteresses sy hienen.

De Viris illustribus

bewurkje seksje

De Viris illustribus (d.i. Ferneamde manlju) wie in gearstalling mei koarte libbensbeskriuwings fan bekende persoanen út de Latyske literatuer (grammatisy, sprekkers, tichters, filosofen ensfh..). Fan dit wurk binne mar beskate parten bewarre bleaun. In oantal feitlikheden kinne werom liede út Hiëronymus syn Chronica.

De Vita Caesarum

bewurkje seksje

It wichtichste boek dat wy fan Suëtoanius hawwe is wol de Vita Caesarum, in libbensbeskriuwing fan tolve keizers, fanôf Julius Caesar (einlik gjin keizer, mar "diktator foar it libben") oant Domitianus. It wurk bleau likernôch kompleet bewarre: allinnich it earste part fan de tekst oer Julius Caesar is fuort.

De Vita Caesarum is skreaun yn ienfâldich Latyn en benammen bedoeld foar it grutte publyk, dat mear ynteresse hie yn smeulske ferhalen út it libben fan de keizers, as dat sy grutte feiten en foarfallen út it steatslibben fan de keizer witte woenen. Suëtoanius koe foar it skriuwen fan syn boeken helje út de him ta beskikking steande keizerlike argiven, en benammen út de mûnlinge ynformaasje fan familjeleden en oare oanbringers. Hy sammele de ynformaasje foar syn haadwurk by inoar sa om 121 hinne.

Ynfloed op lettere literatuer

bewurkje seksje

Suëtoanius waard in protte neifolge troch letttere skiedskriuwers út de keizertiid, û.o. troch de skriuwers fan de Historia Augusta, dêr't de libbens fan keizer Hadrianus oant Numerianus (it tiidrek tusken 117 en 284) yn beskreaun wurdt. Dizze boeken befetsje in soad kletspraat en rabberij.

Yn de Midsiuwen waard Suëtoanius mear lêzen en oerskreaun as Tacitus. Hy hie oan Eginhard in goeie neifolger yn syn Vita Caroli Magni (d.i. Libben fan Karel de Grutte).

  • Suëtoanius, De Vita Caesarium, trad. D. den Hengst (Keizers van Rome), Amsterdam, 2002 (= 2004).

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  NODES
mac 1
os 3