De swannepopel (Butomus umbellatus), ek: stuoltsjeblom, kankerblom, en faak foutyf swanneblom neamd (de swanneblom is de Nederlânske waterlelie), is in moerasplant mei rôze blommen yn de swannepopelfamylje. It is de ienige plantesoarte yn dizze famylje. De plant is yn Fryslân en Nederlân wetlik beskerme. De blom hjit swannepopel omdat de stampers in foarm hawwe dy't sterk liket op sierlike swantjes. De seis stampers hawwe oan de foet nektarklieren.

swannepopel
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift snoekeblêdeftigen (Alismatales)
famylje swannepopels (Butomaceae)
skaai swannepopels (Butomus)
soarte
Butomus umbellatus
Linnaeus, 1753
Blom fan de swannepopel.

It feit dat de swannepopel yn Nederlân wetlik beskerme is, betsjut net dat de plant seldsum is, krekt oarsom, op de klaaigebieten yn Nederlân is hy algemien. De plant groeit faak yn sleatten dy't jierliks skjinmakke wurde. Hy hat der net sa bot fan te lijen omdat dizze skjinmakbeurten syn leefmiljeu yn stân hâlde. De swannepopel groeit yn fiedselryk wetter. Wannear't de plant opûkt mids ferskate seldsume planten yn relatyf fiedselearm wetter, is dat it teken dat it wetter fiedselryk oan it wurden is en dat de fynpriuwers út soksoarte miljeu ferdwinen gean sille.

De swanneblom wurdt in soad besocht troch graafwespen.

As eksoat is de swannepopel yntrodusearre yn de Feriene Steaten fan Amearika, dêr wurdt dizze plant flowering rush neamd. De plant tiert dêr te goed.

Keppeling om utens

bewurkje seksje


  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Butomus umbellatus fan Wikimedia Commons.
  NODES
iOS 1
mac 1
os 2