Swarte magy is in term wêrmei't ferwiisd wurdt nei in foarm fan magy dy't liedt ta kwea of dy't foar negative of egoïstyske doelen brûkt wurdt. It is dêrmei it tsjinstelde fan wite magy, dat ta it goede liede soe of ynset wurdt om goede dingen te berikken. Etymologysk is de term 'swarte magy' ûntstien út it Grykske wurd nekromanteia ("nekromânsje" of "deadetsjoenderij"), dat yn it Latyn soms ferbastere waard ta nigromantia ("swarte tsjoenderij"). Swarte magy wurdt ek wol 'magy fan it lofterpaad' of 'loftshannige magy' neamd, wylst wite magy bekendstiet as 'magy fan it rjochterpaad' of 'rjochtshannige magy'. Doelen dêr't swarte magy foar brûkt wurde kin, binne moard op oaren, ferwûning fan oaren, fernieling fan oarmans besit of fan 'e natoer, of winsucht sûnder rekken te hâlden mei de mooglike neidielige gefolgen dy't oaren dêrfan ûnderfine. Swarte magy wurdt soms ek yn ferbân brocht mei satanisme.

Hoewol't yn 'e Westerske wrâld hast nimmen mear leaut yn it bestean fan magy yn it algemien, ynkl. swarte magy, is dat yn ûntwikkelingslannen oars. Sawol yn gebieten dêr't noch natoerreligyen oanhongen wurde, as yn gebieten dêr't it kristendom of de islaam oerhearsket, wurde noch geregeldwei minsken feroardiele of lyncht dy't fertocht wurde fan it beoefenjen fan swarte magy. Sokken wurde yn 'e regel heksen neamd, ek as se man binne, hoewol't foar manlju soms ek de term warlock brûkt wurdt. Sa waard yn Yndoneezje, it grutste islamityske lân fan 'e wrâld, yn 2013 noch in wet oannommen dy't strafrjochtlike ferfolging mooglik makket fan heksen en tsjoenders dy't swarte magy brûke. Yn it ferline waarden fermiende beoefeners fan swarte magy ek yn Jeropa fûleindich bestriden, wêrby't yn 'e Midsiuwen en de Renêssânse tûzenen froulju en ek guon manlju ûnder de hekseferfolgings op 'e brânsteapel kamen.

Der besteane ferskate teoryen oer it ferskil tusken swarte magy en wite magy ûnder lju dy't leauwe hechtsje oan sokke saken.

  • In soad tige religieuze minsken, lykfol oft it oanhingers fan it kristendom, it joadendom, de islaam, it boedisme of it hindoeïsme binne, miene dat der gjin ferskil bestiet tusken swarte en wite magy om't alle magy ynherint kwea is. De assosjaasje mei tradisjoneel satanisme komt benammen út dizze optyk fuort.
  • Oaren binne fan tinken dat de beide foarmen gebrûk meitsje fan identike magy, en dat it iennichste ferskil it doel is dêr't dy magy foar brûkt wurdt.
  • In trêde opfetting is dat swarte en wite magy fundaminteel ferskille yn foarm en útfiering, mar dat se ynset wurde kinne om deselde doelen te berikken.

Fierders leaude men yn 'e Midsiuwen dat swarte magy ûntstie as men de hannelings fan 'e wite magy (dy't doedestiden as in útwaaks fan it kristendom sjoen waard) omdraaide, bygelyks troch gebedens efterstfoarst op te sizzen. Dêrút komt fuort dat yn guon "swiere" leauwensmienskippen hjoed de dei noch de oertsjûging bestiet dat men satanistyske teksten te hearren kriget as men bygelyks in heavy metal-plaat efterstfoarst ôfspilet.

De wicca-religy hâldt út dat der gjin swarte of wite magy bestiet, mar inkeld magy, in beskate natoerkrêft (numen), dy't foarkomt yn alle dingen. Troch magyske rituëlen op dêrfoar gaadlike tiden út te fieren, kin dy natoerkrêft brûkt wurde om persoanlike of mienskiplike doelen te ferwêzentlikjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES