Swordfish is in Amerikaanske aksjefilm en misdiefilm út 2001 ûnder rezjy fan Dominic Sena, mei yn 'e haadrollen Hugh Jackman, Halle Berry en John Travolta. De titel betsjut "Swurdfisk" en ferwiist nei in koadenamme dy't yn 'e film brûkt wurdt. It ferhaal folget in hacker dy't tsjin wil en tank behelle rekket yn in gearspanning fan in pear skimige figueren om 'e Amerikaanske oerheid foar milarden te bestellen. Swordfish krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Swordfish
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Dominic Sena
produsint Joel Silver
Jonathan D. Krane
senario Skip Woods
kamerarezjy Paul Cameron
muzyk Christopher Young
Paul Oakenfold
filmstudio Village Roadshow Pictures
Silver Pictures
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Hugh Jackman
Halle Berry
John Travolta
byrollen Don Cheadle
Zach Grenier
Sam Shepard
Camryn Grimes
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 juny 2001
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm, misdiefilm
taal Ingelsk
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget $102 miljoen
opbringst $147,1 miljoen

Stanley Jobson is in ien fan 'e bêste hackers fan 'e Feriene Steaten. Hy waard lykwols arrestearre en ta twa jier finzenisstraf feroardiele nei't er in ôflústerprogramma fan 'e Amerikaanske federale resjerzje FBI ynfektearre hie mei in kompjûterfirus. No is er wer op frije fuotten, mar by syn ynfrijheidstelling ûnder betingst is fêstlein dat er gjin kompjûters mear brûke mei. Underwilens hat syn eks-frou Melissa, in alkoholiste, de folsleine fâdij krigen oer harren tsienjierrige dochter Holly. Hoewol't hja it famke ferwaarleazget, stiet se net ta dat Stanley kontakt mei har hat.

Op in dei wurdt Stanley opsocht troch in negroïde frou dy't harsels foarsteld as Ginger Knowles. Hja besiket him oer te heljen in putsje op te knappen foar har mysterieuze baas en minner Gabriel Shear. Dêrby giet it om syn feardichheden as hacker, sadat it dus de betingsten fan syn ynfrijheidstelling brekke soe. As de autoriteiten derefter kamen, soed er sadwaande wer yn it tichthûs bedarje. Dêrom is Stanley dêr earst huverich foar. Ginger jout him lykwols $100.000 allinne mar om nei Los Angeles te fleanen en Gabriel te moetsjen. Mei dat jild soed er bettere abbekaten ynhiere kinne om besykrjocht foar syn dochter te easkjen.

Dat, Stanley reizget mei Ginger nei Los Angeles, dêr't er Gabriel moetet. Dyselde lit him in proef ûndergean, wêrby't Stanley binnen in minút it kompjûtersysteem fan it Amerikaanske Ministearje fan Justysje hacke moat, wylst ien fan Gabriel syn trewanten him in pistoal tsjin 'e holle oan hâldt, de prostituee Helga him ôfsûcht en Gabriel, Ginger en ferskate oaren gnizend tasjogge. As dat Stanley slagget, nimt Gabriel him oan. Stanley is begryplikerwize net ûnder de yndruk fan 'e wize dêr't er op behannele wurdt, en wol nei hûs mei de $100.000 dy't er fertsjinne hat. Ginger wit him lykwols te bepraten, mei't er mei it putsje foar Gabriel $10 miljoen fertsjinje kin. Dêrfoar moat er in mearkoppige kompjûterwjirm, in 'hydra', ûntwerpe. Gabriel wol dêrmei $9,5 miljard oan yllegaal by undercoveroperaasjes fertsjinne jild fan in bankrekken fan 'e federale narkotikabestriding DEA nei syn eigen bankrekkens oerhevelje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Stanley set him yn Gabriel syn filla yn Los Angeles oan it wurk om 'e hydra te meitsjen. Wilens komt er hieltyd mear oer Gabriel en Ginger te witten. Gabriel seit dat er de lieder is fan Black Cell, in klandestine Amerikaanske feilichheidstsjinst foar it útfieren fan swarte operaasjes, dy't yn 'e 1950-er jierren oprjochte wêze soe troch FBI-direkteur J. Edgar Hoover. As Stanley Ginger trappearret op it dragen fan in mikrofoantsje, bekent sy dat se in aginte fan 'e DEA is, dy't undercover yn Gabriel syn organisaasje ynfiltrearre is om dy oprôlje te kinnen. Hja smeekt him om dat foar Gabriel geheim te hâlden en gewoan it wurk te dwaan dêr't er foar ynhierd is, dan sil alles goed komme. By in syktocht nei in nije flesse wyn ûntdekt Stanley yn 'e kelder fan 'e filla fierders it stoflik omskot fan in man dy't as twa drippen wetter op Gabriel liket.

Underwilens nimt Stanley de kâns te baat om syn dochter Holly op te sykjen, mei't dy mei har mem en styfheit yn Malibu wennet, deunby Los Angeles. As er dêr wer wei komt, ûntdekt er dat er folge wurdt troch FBI-agint J.T. Roberts, deselde dy't him goed twa jier lyn arrestearre hat. Roberts wol Stanley yn it each hâlde, mar hy hat mear belangstelling foar Gabriel, mei't er mar net útfine kin wa't dat is. Hy fertinkt him der lykwols fan dat er opdracht jûn hat ta de moard op in oare hacker, Axl Torvalds. Hy warskôget Stanley dat er him mei Gabriel op tin iis bejûn hat, mar dêr wie Stanley him al fan bewust.

As senator Jim Reisman, dy't it oerheidstafersjoch op Black Cell útoefenet, te witten komt dat Gabriel troch de FBI yn 'e rekken holden wurdt, nimt er kontakt mei him op. Hy oarderet Gabriel om 'e operaasje ôf te blazen, mei't de kâns op ûntdekking te grut wurdt. Gabriel bewissiget de senator derfan dat de FBI ûnderdiel fan syn plannen is. As Reisman dan noch net trochsette wol, fertelt Gabriel him koartwei dat de operaasje trochgiet en dêrmei út, wêrnei't er de ferbining ferbrekt. Reisman beslút dat Gabriel net mear te fertrouwen is en skeakelet in team fan hiermoardners yn om him te eliminearjen. Dy besykje dat te dwaan as Gabriel jûns op en út is mei Stanley. Gabriel is de hiermoardners lykwols te fluch ôf en deadet harren allegearre foar de eagen fan 'e skokte Stanley. Neitiid siket er Reisman op as dy yn Oregon út te angelfiskjen is, en nimt wraak troch de senator dea te sjitten.

As Stanley de hydra ôf hat, kriget er syn $10 miljoen en wol er fuort. Gabriel wol lykwols dat er meigiet nei de bank dy't hy en syn trewanten fan doel binne te besetten om 'e hydra yn it Amerikaanske bankêre systeem yntrodusearje te kinnen. Stanley stegeret him ôf en pykt út, mar Gabriel is der wis fan dat er wol fan gedachten feroarje sil. As Stanley nei de wente fan syn eks-frou Melissa yn Malibu giet om Holly wer te sjen, docht bliken wêrom't Gabriel dêr sa wis fan is: Melissa en har man binne fermoarde en Holly is ûntfierd. Stanley konkludearret dat Gabriel dêrefter sitte moat en hy hat dan gjin oare kar as om te dwaan wat dy fan him wol as er Holly weromsjen wol.

Gabriel-en-dy falle mei grou geweld de bank binnen, dêr't se alle oanwêzige wurknimmers en klanten yn gizeling hâlde en elk tarisse mei 10 kg eksplosiven. De FBI nimt de lieding oer de plysje oer dy't by de bank gearkloftet. Roberts en syn baas, assistint-direkteur fan 'e FBI Bill Joy, fiere it befel. Joy oarderet leden fan in arrestaasjeteam om ien fan 'e gizelders te rêden dy't troch ien fan Gabriel syn mannen mei nei bûten nommen is, mar dan blykt dat de bom dy't de frou ombûn is, in lokaasjestjoerder hat dy't derfoar soarget de bom ôfgiet as de frou te fier fan it bankgebou ôf rekket. De gizelster en in stikmannich plysjeminsken komme by de ûntploffing om en de skea oan 'e omlizzende gebouwen is reuseftich. Dêrnei wol de FBI wol omlyk, en it fleantúch dat Gabriel easke hie, wurdt foar him klear set.

Underwilens laadt Stanley foar Gabriel de hydra op yn it bankêre systeem. Sadree't Gabriel kontrolearre hat dat it jild fan 'e DEA op syn bankrekkens bedarre is, lit er Holly by Stanley bringe en meie se fuort. As se by de doar komme, ferdwynt it jild lykwols wer fan 'e bankrekkens, en Gabriel lit harren op it lêste momint tsjinhâlde. It slagget Stanley om Holly nei bûten te krijen, dêr't se troch in plysjeman yn feilichheid brocht wurdt. Sels is er no lykwols Gabriel syn finzene. Dy wol witte wêr't 'syn' jild is. Stanley leit him út dat er in foefke yn 'e hydra ynboud hat dat derfoar soarget dat it jild de kommende tiid oan ien tried wei fan 'e iene nei de oare bankrekken hippe litte sil, sadat Gabriel der net by kin. Dêrop lit Gabriel Ginger helje, dy't er in strûpe om 'e hals docht en troch syn trewanten ophysje lit. As Stanley him it jild net weromjout, sil Ginger troch ophinging oan har ein komme. Stanley, dy't dat net oansjen kin, giet troch de bocht en jout Gabriel it jild werom troch it oer te meitsjen nei in bankrekken yn Monte Carlo. Gabriel jout opdracht om Ginger del te litten, mar dêrnei sjit er har dea, en fertelt er Stanley dat er wol wist dat se in DEA-aginte wie.

Neitiid lade Gabriel en syn mannen de gizelders yn 'e pânsere autobus dêr't se sels mei kommen binne en litte har troch de plysje nei de lofthaven begeliede, dêr't harren fleantúch klear stiet. Healwei de lofthaven nimt de bus lykwols ynienen in ferkearde ôfslach en pykt út. In Sikorsky S-64 Skycrane-helikopter, dy't ûntwikkele is foar it dragen fan swier materieel, ferskynt en takelet de bus de loft yn om him del te setten op it dak fan in wolkekliuwer, dêr't in oare, flugge helikopter al klear stiet. Gabriel deäktivearret de bommen fan 'e gizelders en set mei syn mannen ôf yn 'e helikopter. Stanley, dy't poerrazen is oer de gizeling fan Holly en de moard op Ginger, hellet in raketgranaatwerper foar it ljocht dy't er efteryn 'e bus lizzen sjoen hat, en sjit de helikopter dêrmei del. It tastel stoart del en alle ynsittenden komme om.

Letter nimt Roberts Stanley mei nei it mortuarium, om te befêstigjen dat it lyk dat se dêr hawwe, dat fan Gabriel is. Hy mient mar dat Gabriel in geheim agint fan 'e Mossad wie. Wa't Ginger Knowles wie, is noch altyd ûndúdlik. Yn elts gefal hat der by de DEA nea in aginte mei dy namme of har uterlik wurke. Stanley identifisearret it stoflik omskot, mar as er in oare FBI-agint oan Roberts rapportearjen heard dat it lyk fan Ginger ferdwûn is, tinkt er werom oan it stoflik omskot yn 'e wynkelder dat in dûbelgonger fan Gabriel wêze kinnen hie en oer alles dat Gabriel tsjin him sein hat oer de keunst fan mislieding. Hy begjint te fermoedzjen dat it lyk yn it mortuarium itselde is as dat yn 'e wynkelder, en dat Gabriel en Ginger hielendal net dea binne. It komt ek by him op hoe tafallich it wie dat hy Ginger betrape mei it mikrofoantsje, en hy kriget foar it ferstân dat er der moai yn trape is en dat sy en Gabriel eltsenien foar de gek holden hawwe. Hy sjocht der lykwols de mearwearde net fan yn om sliepende hûnen wekker te meitsjen, dat hy hâldt him foar Roberts oer stil.

Mei help fan Roberts beävensearret Stanley dat er, no't har mem dea is, de fâdij oer Holly kriget. Hy keapet in caravan en giet mei har op in lange fakânsjereis troch de Feriene Steaten. Underwilens besiket Ginger yn Monte Carlo de bank dêr't Stanley it jild hinne oermakke hat en lit dat oerskriuwe op in stikmannich oare bankrekkens. Se keart werom nei in jacht yn 'e haven, dêr't Gabriel op har wachtet. Tegearre sjogge se ta hoe't in oar, grutter jacht foar de kust eksplodearret. In nijsbulletên fermeldt dat de terroristelieder Allal bin-Hazzad omkommen is by in ûntploffing op syn jacht yn 'e Middellânske See. Hy is al de trêde bekende terrorist dy't Amerikaanske belangen tenei kommen is, dy't yn trije wiken op soartgelikense wize it tydlike foar it ivige ferwiksele hat.

Alternative ein

bewurkje seksje

Op 'e dvd fan Swordfish wurdt ek noch in alternative ein fan 'e film jûn. Dêryn giet Ginger yn Monte Carlo nei de bank om it jild oermeitsje te litten, mar kriget dan te hearren dat de bankrekken leech is. Underwilens is Stanley mei Holly op reis troch de Feriene Steaten. As se oanstekke yn in weirestaurant, makket er, wylst Holly yt, miljarden dollars oer oan ferskate goede doelen.

 
Hugh Jackman.
 
Halle Berry.
 
John Travolta.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje                         akteur/aktrise
Stanley Jobson Hugh Jackman
Ginger Knowles Halle Berry
Gabriel Shear John Travolta


byrollen
personaazje akteur/aktrise
FBI-agint J.T. Roberts Don Cheadle
assistint-direkteur fan 'e FBI Bill Joy Zach Grenier
senator Jim Reisman Sam Shepard
Holly Jobson Camryn Grimes
Marco Vinnie Jones
Melissa Drea de Matteo
Axl Torvalds Rudolf Martin
abbekaat fan Torvalds Kirk B.R. Woller
Torres Angelo Pagan
FBI-agint #1 Carmen Argenziano
FBI-agint #2 Tim DeKay
Helga Laura Lane

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Swordfish waard regissearre troch Dominic Sena nei in senario fan Skip Woods. As produsinten wiene Joel Silver en Jonathan D. Krane by it projekt belutsen foar de filmstudio's Silver Pictures en Village Roadshow Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $102 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Paul Cameron, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christopher Young en Paul Oakenfold. De opnamen foar Swordfish fûnen fierhinne plak yn Los Angeles, mei inkele sênes dy't filme waarden yn Oregon en Monako.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Swordfish waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 8 juny 2001 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 5 juny 2001 by platemaatskippij London Sire Records.

Swordfish krige foar de premiêre in protte omtinken yn 'e media om't aktrise Halle Berry yn 'e film foar it earst topless yn byld kaam. Foar dy sêne (wêryn't Ginger by it swimbad topless leit te sinnebaaien as Stanley har wat freegje moat) krige Berry $500.000 ekstra útbetelle boppe-op har salaris fan $2 miljoen. Nei't se de film sjoen hiene, wiene de filmkritisy it deroer iens dat de sêne der forsearre útseach en inkeld tafoege wie om Halle Berry topless sjen litte te kinnen sadat fan 'e media-oandacht profitearre wurde koe dy't dat sûnder mis oproppe soe. Berry sels sei dat se wol wist dat de sêne oerstallich foar de plot wie, mar it dochs dien hie om har kekenens te oerwinnen om neaken op it wite doek te ferskinen.

Fan 'e filmkritisy krige Swordfish fierders oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Stephen Holden yn The New York Times: "Mei syn blasee brochte mingsel fan ûnsinnige ynternasjonale yntriizjes en aksje om mar wat aksje te hawwen om yn byld te bringen, docht Swordfish tinken oan in James Bond-film sûnder de humor. Tajûn, der sitte in pear grappige mominten yn, lykas de iepeningssêne. Mar de oerhearskjende toan dy't trochgiet foar humor is in gemien, stjonkend nihilisme dat leech fan laitsjen is, of it moat wêze dat folsleine ferwoastging en selsfoldiene stomheid jo idee fan hilariteit binne."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Swordfish in leech goedkarringspersintaazje fan 25%, basearre op 138 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] jout in protte út oan eksploazjes, mar […] besuniget op plot en logika. Ek is it oansjen fan ien dy't op 'e kompjûter oan it typen is gewoan net bjuster ynteressant." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Swordfish in goedkarringspersintaazje fan 32%, basearre op 33 resinsjes.

Swordfish brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $69,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $77,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $147,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $102 miljoen betsjut dat in winst fan $45,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
INTERN 1