Mei symmetry (fan it Aldgrykske συμμετρία symmetria "lykmaat", út σύν syn "meiïnoar" en μέτρον metron, "maat") wurdt de eigenskip ornearre dat de twa helten fan in geometrysk objekt troch bewegings in beskaat spegelbyld foarmje. Dat spegeljen kin fan in punt, line of flak dien wurde. Mear yn 't algemien is in symmetry fan in objekt in ferskowen, draaien, spegeljen of in kombinaasje dêrfan, of in transformaasje dy't it objekt op himsels ôfbyldet; ynfariant

  • De haadletter A is symmetrysk troch de fertikale as.
  • De haadletter B is symmetrysk troch de horizontale as.
  • De sirkel is symmetrysk ûnder ferskatee rotaasjes om it mulpunt en ûnder spegeljen troch syn diameters.
  • De regelmjittige seishoeke is symmetrysk ûnder rotaasjes om it mulpunt oer in hoeke dy't in mearfâld is fan 60°, en ûnder spegeljen troch syn 3 hichtelinen en syn 3 diameters.
Symmetry (lofts) en asymmetry (rjochts)

Symmetry komt foar yn de wiskunde, benammen de geometry, biology, de wittenskip en de keunst, lykas arsjitektuer en muzyk.

It tsjinoerstelde fan symmetry is de asymmetry.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side

  NODES
os 1