It taoïsme, tauïsme of daoïsme (útsprutsen as [daauw-is-me]), is in Sineeske filosofyske en religieuze streaming. De teksten Tao Te Ching (Daodejing) en Zuangzy foarmje de basis fan it taoïsme, se binne op skrift steld yn de fjirde en tredde iuw foar ús tiidrekkening. It taoïsme hat him parallel oan it konfusianisme en boedisme ûntwikkele. Dizze trije streamingen foarmje mei elkoar de basis foar it neo-konfusianisme (sjoch ek: List fan religys). As religy hat it taoïsme: taoïstyske timpels, taoïstyske preesters en hillige plakken as de hillige bergen yn Sina.

Tai Ji, Yin en Yang als eenheid.
De twa sykly fan it Fiif Fazesmodel yn de Sineeske filosofy.

Letterlik betsjut Tao (wei/doelbewust-gean) wat ek yn it Sineeske karakter foar Tao werom te sjen is.

Tao Te Ching

bewurkje seksje

Tao Te Ching (Boek fan de Wei en Krêft) is in bondel fan 81 koarte teksten. Laozy wurdt beskôge as de auteur, alhoewol't de samling teksten grif net ien auteur hân hat, mar stiloan groeid is.

De teksten geane hoe júst te hanneljen in it libben en se jouwe in útlis oer ús bestean. Se wurde wol beskôge as rjochtline foar goed liederskip. Dizze teksten binne earst mûnling oerlevere, yn in ritme ûnderbrocht, oardere, oanpast, fan kommentaar foarsjoen en úteinlik om 300 foar Kristus opskreaun. It boek bestiet út twa dielen, de meast wenstige folchoarder fan de dielen is grif net de autentike folchoarder. Yn in âld hânskrift (De fjouwer geskriften fan de Giele Keizer) is de omkearde folchoarder fûn. (yn it Mawangduigrêf)

  • It wurd Tao (道) betsjut 'de Wei' en foarmet it kearnbegryp fan it taoïsme, dêr't it ek syn namme oan ûnlient. Tao is it ûndielbere en ûnbeskriuwbere prinsipe, wêrút alles fuortfloeit. De facto soe it beskreaun wurde kinne as de Rivier, de Stream.
  • Tai Ji (of Tai Chi) (太極 / 太极) betsjut 'it heechste uterste' en is it ûneinige en fûnemintele prinsipe fan evolúsje en sels-organisaasje. It is de ienheid fan Yin en Yang (☯) en dêrmei it heule bestean.
  • Yin (阴) en Yang (阳) binne de universele antagonisten, elkoar oanfoljende kwaliteiten fan it bestean. Sa kinne kjeld (Yin) en waarmte (Yang) net sûnder elkoar bestean. Oare foarbylden fan Yin-Yang zijn wetter-fjoer, moanne-sinne, ierde-sinne, moanne-ierde en frou-man. Wat opfalt is dat ierde yn relaasje ta de moanne yang is (en de moanne yin) mar yn betrekking ta de sinne yin (en de sinne yang). Yin-yang binne dus relative of betreklike begripen en it is dus net sa dat eat yin is of yang is yn absolute sin, de begripen steane altiten yn in betrekking. Wat donker, fochtich, passyf, troebel, kâld, sêft en froulik is, wurdt beskôge as Yin en wat ljocht, drûch, aktyf, helder, waarm, hurd en manlik is, as Yang.
  • Wu Xing (五行) is it harmoanyske systeem fan de fiif eleminten: wetter, fjoer, ierde, metaal, hout. It systeem hat in fiedende (fuortbringende) syklus (Sheng): hout → fjoer → aarde → metaal → wetter → hout; en in kontrole syklus (Ke): hout → ierde → wetter → fjoer → metaal → hout. De twa cycli foarje tegearre in pentagoan mei in fiifpuntige stjer deryn. Se wurde ek faak tegearre ôfbylde as sirkel mei in fiifpuntige stjer. De sirkel is de Sjeng-syklus, de stjer jout de Ke-syklus wer.
  • Wu wei (无为) is it neat dwaan of loslitte. In taoïst besiket him net te fersetten tsjin de loop fan de dingen, mar der spontaan mar wol bewust yn mei te gean.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  NODES