It Taunusberchte is in middelberchte yn de Dútske dielsteaten Hessen en Rynlân-Palts, dat ta it Rynlânsk laaiplato heart. It berchte rikt oant de Ryn yn it westen ta, de Wetterau yn it easten (as part fan de Hessyske Slenk), in útrin fan de Boppe-Rynslenk, de rivier de Lahn yn it noarden en de rivier de Main yn it suden. It heechste punt fan it berchte is de Großer Feldberg mei 881 meter. De westlike foartsetting fan it berchte is de Hunsrück.

It Taunusberchtme, mei grutte plakken en rivieren

De Taunus leit bestjoerlik yn de neikommende distrikten: Hochtaunuskreis, Limburg-Weilburg, Lahn-Dill-Kreis, Main-Taunus-Kreis, Rheingau-Taunus-Kreis en it Rhein-Lahn-Kreis.

Yn it sintrum leit it Natuerpark Hochtaunus.

  NODES