De tei, it teien of it teiwaar[1] is de waarstastân as de temperatuer nei in perioade fan froast wer boppe it friespunt útkomt. It friest dan dus net mear en alle iis en eventueel snie, as dy fallen is, begjint dan fuort te ranen ta wetter. As dat bart, seit men yn it Frysk ek wol: "it is op 'e tei".[1] Meteorologysk wurdt it begryp 'tei' inkeld brûkt foar likernôch ien etmiel nei de ein fan 'e froast. Eventueel kin de deis dêrop noch sprutsen wurde fan 'oanhâldende tei' of 'trochsettende tei'. Yn 'e folksmûle wurdt de term lykwols brûkt foar de hiele perioade oant alle iis en snie fuortraand is, wat soms wiken duorje kin. As de temperatuer net heger komt as 4 °C, sprekt men yn 'e meteorology fan lichte tei; wurdt it waarmer, dan giet it om swiere tei.

Teiwaar yn Schoonebeek (Drinte).

Yn it oergongsgebiet mei de sêftere (waarmere) lucht kin him by teiwaar in delslachgebiet foarmje en ôfhinklik fan 'e faasje dêr't de tei mei ynset, kin der dan earst snie falle, dy't nei ferrin fan tiid oergiet yn rein, mei as eventueel tuskenstadium wiete snie (mei grouwere, klibjende flokken). As de tei net trochset, kin de rein letter wer oergean yn snie. By in flugge ynfal fan it teiwaar begjint it faak fuortendaliks te reinen, wêrby't de reindrippen yn 'e noch kâlde frieslucht of op 'e beferzen grûn befrieze ta iis; dat waarsferskynsel hjit izel. Tei sûnder delslach wurdt in drûge tei neamd.[1]

As de sêftere lucht oer it kâldere ierdoerflak streamt wylst dat noch bestiet út in stadichoan fuortranende iis- of snielaach, foarmet him troch de ôfkuolling fan 'e lucht mist. By ynfallend teiwaar wurdt sadwaande it sicht minder en kin tichte oant tige tichte mist mei in sicht fan minder as 50 m ûntstean. Sokke teimist komt inkeld op by de oanfier fan sêfte lucht; dat betsjut dat it by dizze foarm fan mist ek flink waaie kin, hoewol't mist normaal inkeld by (fierhinne) wynstil waar foarkomt. By de iggen fan gruttere beferzen oerflaktewetters lâns (lykas yn 'e Nederlânske kontekst de Iselmar), dêr't de lucht oanfierd wurdt oer in iisflakte hinne, kin it noch dagen nei de ein fan 'e froastperioade mistich wêze. Ek bliuwt op sokke plakken de temperatuer noch in hiel skoft leger as op oare plakken. As it hurd waait, kin boppedat it iis dêr begjinne te kruien.

Nei de ein fan in froastperioade sit de froast noch in skoft yn 'e grûn. It gefolch dêrfan is dat it oan 'e grûn by helder waar nachts al wer rillegau begjint te friezen. Dat kin in ferriedlike foarm fan glêdens opsmite, dy't tige hommels foarkomme kin en opfriezing neamd wurdt. Ek troch it mooglik foarkommen fan izel is teiwaar yn potinsje tige gefaarlik foar it ferkear.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 2028..

  NODES