The Equalizer (film)

film út 2014 fan Antoine Fuqua

The Equalizer is in Amerikaanske aksjefilm út 2014 ûnder rezjy fan Antoine Fuqua, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Marton Csokas. De titel betsjut "De Gelykmakker". De film makket diel út fan 'e mediafranchise The Equalizer en waard basearre op 'e tillefyzjesearje mei deselde namme út 'e 1980-er jierren. It ferhaal folget Bob McCall, in skynber gewoane widner dy't in gewoan libben liedt, oant er him it lot fan in teenage-prostituee oanlûkt. As har poaier net omlyk wol, docht bliken dat McCall alles behalven gewoan is en eins in ûnfermoede ferline hat. The Equalizer krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses. Yn 2018 kaam ûnder de titel The Equalizer 2 in ferfolchfilm út.

The Equalizer
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Antoine Fuqua
produsint Todd Black
Jason Blumenthal
Tony Eldridge
Mace Neufeld
Alex Siskin
Steve Tisch
Michael Sloan
Denzel Washington
senario Richard Wenk
basearre op The Equalizer fan Michael Sloan
   en Richard Lindheim
kamerarezjy Mauro Fiore
muzyk Harry Gregson-Williams
filmstudio Columbia Pictures
LStar Capital
Village Roadshow Pictures
Escape Artists
Mace Neufeld Productions
Zhiv Productions
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Denzel Washington
Marton Csokas
byrollen Johnny Skourtis
Chloë Grace Moretz
David Harbour
David Meunier
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 septimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Russysk)
spyltiid 132 minuten
budget en resultaten
budget $73 miljoen
opbringst $192,3 miljoen
filmsearje
filmsearje The Equalizer
● folgjend diel The Equalizer 2

Bob McCall is in widner dy't al jierren in stil en iensum libben yn Boston liedt. Syn deistige rûtine bestiet oerdeis út syn wurk as winkelbetsjinde yn in boumerk en jûns út in besyk oan in kafetaria yn 'e buert. Dy horekagelegenheid is 24 oeren deis iepen, en McCall drinkt dêr't op syn fêste plak tee en lêst in boek. Op syn wurk giet er freonskiplik om mei syn kollega's, en hy traint sels de obese jonge winkelbetsjinde Ralphie, dy't gewicht ferlieze moat om't er befeiligingsman wurde wol. Mar eins is der net ien dy't him echt ken en nimmen wit wat er dien hat foar't er by de boumerk kaam te wurkjen.

Oan it kalmkes fuortskolferjende bestean fan McCall komt in ein as er dei yn dei út yn 'e kafetaria deselde jonge prostituee treft, dy't dêr tusken ferskillende klanten troch eefkes bekomt. Meitiid begjinne se begroetings út te wikseljen, en it fanke, Teri, makket der in gewoante fan om te fernimmen nei it boek dat McCall no wer oan it lêzen is. It wurdt McCall dúdlik dat Teri net út frije wil prostituee is en dat se dreamt fan in better libben. Hy fertelt himsels lykwols dat it syn saken net binne. As er op in jûn wier mei har oan 'e praat rekket, fertelt se him dat se eins Alina hjit en dat se sjongster wurde wol. Hy fertelt har dat er widner is en dat syn frou Vivian foar har dea dwaande wie mei it lêzen fan 'e romans dy't op in list stiene fan 'e hûndert boeken dy't eltsenien lêzen hawwe moatte soe. Nei't se ferstoar, is hysels mei dy boeken úteinset, sadat se, sa seit er, wat hawwe sille om oer te praten as se inoar wer sjogge yn it hjirneimels.

As McCall en Alina by de kafetaria wei in eintsje mei-inoar oprinne, stoppet der in auto dêr't Alina har poaier Slavi en syn assistint Tevi út springe. Slavi is poer dat Alina har tiid ferdocht oan immen dy't gjin klant is en dat se boppedat syn tillefoantsjes negearre hat. Hy sleept har nei de auto ta en set mei har ôf. De jûns dêrnei komt Alina net yn 'e kafetaria opdaagjen. Op 'e twadde jûns heart McCall fan 'e kafetaria-eigner dat Alina op 'e intensive care-ôfdieling fan it pleatslike sikehûs leit. McCall set dêrhinne en befreget Alina har freondinne Mandy, in oare jonge prostituee dy't foar Slavi wurket, oer wat der bard is. Hja fertelt him dat Slavi Alina op in hier nei deaslein hat fanwegen har dôfhûdigens en om in foarbyld foar de oare prostituees te stellen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

McCall woe him eins net mei de saak bemuoie, mar dit giet him oer de meuch. Dat hy siket Slavi en dy syn mannen op yn harren haadkertier boppe in Russysk restaurant en biedt al it sparjild oan dat er besit, $9.800, om Alina frij te keapjen. Slavi wegeret mei dat foarstel yn te stimmen, om't Alina datselde bedrach yn in moanne tiid foar him fertsjinje kin. Dêrop fermoardet McCall Slavi, Tevi en trije oare mannen yn in hommelse eksploazje fan geweld dy't mar njoggentjin sekonden duorret. Hy brûkt dêrfoar harren eigen wapens, ferskate foarwerpen dy't yn 'e keamer foar it opgripen lizze en syn bleate hannen.

Letter sjocht McCall op it nijs dat de plysje de dea fan 'e fiif mannen beskôget as in ôfrekken yn it kriminele sirkwy. Slavi blykt lykwols in baas te hawwen dy't de saak heech opnimt en in fertrouling nei Boston stjoert om regaad te meitsjen. Dyselde brûkt de namme Teddy Rensen. Beselskippe fan in trijetal korrupte resjersjeurs fan 'e pleatslik plysje giet er op ûndersyk út om fêst te stellen oft in oare binde yndie feranwurdlik is foar de dea fan Slavi-en-dy. As dat gjin brûkbere ynformaasje opleveret, befreget er Mandy, dy't him de earste kear foarliigd, mar úteinlik dochs opbychtet dat se yn it sikehûs mei "in aardige swarte man" praat hat. Rensen wjirget har neitiid om't se him dat net daliks ferteld hat.

Underwilens lûkt Ralphie syn sollisitaasje yn om befeiligingsman te wurden. As McCall him opsiket, docht bliken dat er ynstee yn it restaurant fan syn mem oan it wurk moat, dêr't brân west hat. De brân is oanstutsen troch Harris en Gilly, twa fan 'e korrupte resjersjeurs, nei't Ralphie syn mem har net troch harren ôfparse litte woe. McCall beslút op 'e nij yn te gripen. Hy folget de beide resjersjeurs en filmet harren ôfparsingspraktiken mei de mobile tillefoan. Dan sprekt er harren oan yn in tsjustere stege. As se him arrestearje wolle om him ferdwine te litten, wurdt er harren sûnder muoite oermânsk en jout er de beide mannen in flink wan bruien. Dêrnei fertelt er harren dat er it filmke dat er makke hat, nei alle nijsstjoerders e-maile sil, of it moat wêze dat se by alle winkels en horekasaken lâns geane om it ôfparse jild werom te jaan en te ûnthjitten dat it nea wer barre sil. Harris en Gilly kieze aaien foar har jild en dogge de oare moarns sa't har opdroegen is. Neitiid keart Ralphie werom by de boumerk, dêr't er foar syn eksamen as befeiligingsman slagget.

Op bylden fan in befeiligingskamera fan it Russysk restaurant fynt Rensen in ôfbylding fan McCall werom. Hy spoart him op en komt by him oan 'e doar, wêrby't er him foardocht as in plysjeman dy't ûndersyk nei de fiifdûbele moard docht. McCall hat fuortendaliks troch dat it gjin echte resjersjeur is mei wa't er praat. Nei't Rensen wer ôfset is, begjint er tariedings te treffen. De jûns dêrop, as McCall wer nei de kafetaria giet, wurdt er dêrhinne folge troch in hiermoardner. McCall trochsjocht syn momkape daliks en fermoardet de man ear't er gefaarlik wurde kin. Dêrnei rint er op 'e auto fan 'e ferhearde Rensen ôf, nimt in pear foto's mei syn mobile tillefoan en ferdwynt ear't Rensen-en-dy him te pakken krije kinne.

De oare moarns ier arrivearret McCall by in filla op 'e romte bûten de stêd, dêr't er ûnthelle wurdt troch Susan Plummer, in âld-kollega fan him, en har man Brian. It docht bliken dat McCall in âld-marinier is en in earderde spesjaal agint fan 'e DIA, de Amerikaanske militêre ynljochtingetsjinst, dy't syn âlde libben efter him litten hie troch syn eigen dea yn sêne te setten nei't syn frou Vivian stoarn wie. Susan fertelt him dat se no pinsjonearre is en him net helpe kin by lykfol hokker swierrichheden dêr't er yn fersyld rekke is. McCall antwurdet dat er inkeld witte wol wa't dizze man is, en jout har de foto fan Rensen dy't er mei syn mobile tillefoan nommen hat. Wylst McCall wat bekomt, reizget Susan mei in militêre helikopter op en del nei Washington, D.C. As se weromkomt, fertelt se him dat syn fijân Nikolaj Itsjenko hjit. Hy is in eardere Spetsnaz-kommando en in eardere agint fan 'e FSB, en boppedat in fertrouling fan Vladimir Pûsjkin, ien fan 'e wichtichste bazen fan 'e Russyske maffia, dy't ûngrypber is foar justysje. Wylst McCall tocht dat er fiif ûnmeilydsume poaiers út 'e ljochten holp, skeakele er eins de hiele lieding fan Pûsjkin syn organisaasje oan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten út. Susan fiteret McCall oan om syn gewisse te folgjen. As har man Brian har letter freget oft se him helpe kinnen hat, antwurdet se: "Hy kaam net om help. Hy kaam om tastimming te freegjen."

Neitiid oermasteret McCall Frank Masters, de trêde korrupte plysjeresjersjeur dy't Itsjenko helpt, en twingt him om him alles te fertellen wat er oer de aktiviteiten fan 'e organisaasje fan Pûsjkin yn 'e Feriene Steaten wit. Mei ûnwillige help fan Masters kringt McCall in slachthûs binnen dat in dekmantel is foar in wytwaskoperaasje, dêr't foar miljoenen dollars yn kontanten yn omgeane. Hy oermasteret alle mannen fan Pûsjkin en bynt se fêst, wêrnei't er de mei hânboeiens fêstsette Masters twingt om assistinsje fan oare plysjes yn te roppen. Fan Masters kriget McCall ek in USB-stick los mei ynformaasje dy't er sels sammele hie om wat efter de hân te hawwen foar it gefal dat Pûsjkin fan him ôf woe. Dêr stiet û.m. in list op mei alle Amerikaanske plysjeminsken, ofsieren fan justysje, rjochters en politisy dy't troch Pûsjkin omkocht binne. McCall e-mailt de hiele ynhâld fan 'e USB-stick nei de FBI.

Underwilens hat Itsjenko de yneffektive resjersjeurs Harris en Gilly út 'e wei romme en mannen fan Pûsjkin út Ruslân oerkomme litten. Hy en de lieder fan 'e nijkommers beprate harren folgjende stappen yn in restaurant, mar as syn tafelgenoat eefkes nei it húske giet, skoot ynstee McCall by him oan, dy't him ynformearret dat syn maat net mear weromkomt. McCall jout Itsjenko de kâns om in ein oan it konflikt te meitsjen troch him werom te lûken, mar Itsjenko wol dêr neat fan witte. Dêrop blaast McCall in oaljetanker en in stikmannich opslachtanks foar ierdoalje yn 'e haven fan Boston op, dy't fan 'e organisaasje fan Pûsjkin binne. Dyselde hat no wolfergoed syn nocht fan McCall en oarderet Itsjenko om nearne mear foar tebek te skriljen om McCall út 'e wei te romjen.

Itsjenko giet dêrop mei in groep fan in stik as seis trewanten nei de boumerk dêr't McCall wurket, en nimt Ralphie, kassiêre Jenny en twa oare wurknimmers yn gizeling. Hy wol dat McCall dêr delkomt en him oerjout, oars geane syn kollega's deroan. McCall komt dêr yndie del, mar ynstee dat er him oerjout, begjint er de trewanten fan Itsjenko yn 'e boumerk, troch it gebrûk fan it ark en reau dat der ferkocht wurdt, ien foar ien op 'e meast útsochte manearen om te bringen. Hy rêdt Ralphie en jout him opdracht Jenny en de oaren te befrijen en net ien efter te litten. Sels rekket McCall ferwûne yn it gefjocht mei de op ien nei lêste fan Itsjenko syn trewanten, mar Ralphie fettet de opdracht om net ien efter litten letterlik op en komt werom om McCall te helpen. Hy wit him yn feilichheid te bringen, al wurdt er dêrby sels yn 'e skonk sketten troch de lêste fan Itsjenko syn mannen. McCall deadet de lêste trewant en komt dan Itsjenko oer it mad, dy't Ralphie yn it nau dreaun hat, en sjit him dea mei in spikerpistoal.

Trije dagen letter stapt Vladimir Pûsjkin yn syn swierbefeilige filla bûten Moskou ûnder de dûs wei en ûntdekt McCall yn syn badkeamer. Hy besiket him om te keapjen, mar McCall hat syn nocht fan 'e maffiabaas en fertelt him dat er inkeld wat rêst en frede hawwe wol, mar dat soks net kin salang't Pûsjkin libbet. Dêrnei lit er de maffiabaas deryn rinne, sadat dy himsels elektrokutearret wylst McCall de filla ferlit by in spoar fan ombrochte liifwachten lâns.

Werom yn syn âlde buert yn 'e Feriene Steaten wurdt McCall op 'e strjitte oansprutsen troch Alina, dy't him fertelt dat se no suver hielendal wer opbettere is en in baan fûn hat wêrfoar't se har lichem net hoecht te ferkeapjen. Se betanket him foar de kâns op in nije libben dy't er har bean hat. Ek seit se dat se, doe't se út it sikehûs ûntslein waard, by har besittings in kefert mei $9.800 oantrof. Se freget oft hy dêr wat fan wit, mar McCall hâldt him fan 'e domme. Alina beslút it jild te brûken om in nij bestean op te bouwen yn in oare stêd. McCall hat troch it hiele barren in nij libbensdoel ûntdutsen. Hy advertearret neitiid op in onlinefoarum as "de Gelykmakker" wêrby't er oanbiedt om syn feardichheden yn te setten by it helpen fan minsken yn need.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Denzel Washington.
 
Marton Csokas.
 
Chloë Gace Moretz.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise           
Bob McCall Denzel Washington
Nikolaj Itsjenko / "Teddy Rensen" Marton Csokas


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ralphie Johnny Skourtis
Alina / "Teri" Chloë Grace Moretz
resjersjeur Frank Masters David Harbour
Slavi David Meunier
Susan Plummer Melissa Leo
Brian Plummer Bill Pullman
Mandy Haley Bennett
Vladimir Pûsjkin Vladimir Kulich
Tevi Alex Veadov
resjersjeur Morgan Pederson James Wilcox
resjersjeur Remar Mike O'Dea
Jenny Anastasia Mousis
resjerjeur Harris Robert Wahlberg
resjersjeur Gilly Timothy John Smith
Nikolaj syn trewant #1 Dan Bilzerian
Nikolaj syn trewant #2 Sala Baker

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Yn juny 2010 waard oankundige dat de Australyske akteur Russell Crowe in film meitsje woe op basis fan 'e tillefyzjesearje The Equalizer, út 1985-1989, mei himsels yn 'e haadrol as Bob McCall. De film soe regissearre wurde troch Paul Haggis. Dy plannen rûnen op 'e non, mar de ferfilming gie wol troch mei Denzel Washington yn 'e haadrol en Antoine Fuqua as regisseur. It senario foar The Equalizer waard skreaun troch Richard Wenk.

As produsinten wiene Todd Black, Jason Blumenthal, Tony Eldridge, Mace Neufeld, Alex Siskin, Steve Tisch, Michael Sloan en haadrolspiler Denzel Washington by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, LStar Capital, Village Roadshow Pictures, Escape Artists, Mace Neufeld Productions en Zhiv Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $73 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mauro Fiore, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Harry Gregson-Williams. De opnamen setten yn juny 2013 útein en fûnen folslein plak yn Boston en omkriten, yn Massachusetts.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Equalizer waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures. De film waard foar it earst fertoand op 7 septimber 2014, op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, en kaam dêrnei op 26 septimber út yn 'e Amerikaanske bioskopen. Op 9 desimber fan dat jier waard er útbrocht op dvd en blu-ray.

 
Denzel Washington omjûn troch fans by de promoasje fan The Equalizer op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto yn 2014.

Fan 'e filmkritisy krige The Equalizer mingde resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 197 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "The Equalizer is earder stylfol gewelddiedich as djipdollend, mar mei Antoine Fuqua efter de kamera's en Denzel Washington dy't rjochtdei hâldt, leveret er wat er ûnthjit." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Equalizer in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 41 resinsjes.

The Equalizer brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $101,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $90,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $192,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $73 miljoen betsjut dat in winst fan $119,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Ferfolchfilms

bewurkje seksje

Op basis fan it súkses fan The Equalizer waard in ferfolchfilm makke, dy't ûnder de titel The Equalizer 2 yn july 2018 yn 'e bioskopen kaam. De nije film waard op 'e nij regissearre troch Antoine Fuqua nei in senario fan Richard Wenk, en Denzel Washington spile wer de haadrol fan Bob McCall. Anno 2022 is in trêde film, The Equalizer 3, yn produksje foar in premiêre yn 'e rin fan 2023.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
INTERN 1