The Golden Compass (film)

The Golden Compass is in Amerikaansk-Britske bernefantasy-aventoerefilm út 2007 ûnder rezjy fan Chris Weitz, mei yn 'e haadrollen Dakota Blue Richards en Nicole Kidman. De titel betsjut "It Gouden Kompas". De film kin ek ta it sjenre fan 'e steampunk rekkene wurde, en is basearre op 'e roman Northern Lights, fan 'e Ingelske auteur Philip Pullman, dy't yn Noard-Amearika útbrocht waard as The Golden Compass. It ferhaal spilet yn in parallel universum, dêr't de sielen fan minsken yn bistefoarm njonken harren rinne en in dogmatyske religieuze organisaasje, it Magistearium, besiket en lis it near op frije wil. Om dat te berikken wurde bern ûntfierd troch de saneamde Lokkers, dy't yn it geheim foar it Magistearium wurkje. It weesfamke Lyra Belacqua ûntsnapt oan 'e kâldhertige frou Coulter, en jout har by in clan nomadyske seefarrende Sigeuzen om yn it hege noarden, yn it lân fan 'e Panserbjørne, de pânserdragende iisbearen, op 'e siik te gean nei har weiwurden freonen Roger en Billy.

The Golden Compass
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Chris Weitz
produsint Bill Carraro
Deborah Forte
senario Chris Weitz
basearre op Northern Lights fan Philip Pullman
kamerarezjy Henry Braham
muzyk Alexandre Desplat
filmstudio New Line Cinema
Ingenious Film Partners
Scholastic Productions
distribúsje New Line Cinema (Fer. St.)
Entertainment Film Distr. (Fer. Ken.)
spilers
haadrollen Dakota Blue Richards
Nicole Kidman
byrollen Sam Elliott
Eva Green
Ian McKellen
Freddie Highmore
Jim Carter
Tom Courtenay
Daniel Craig
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiêre 27 novimber 2007
foarm langspylfilm
sjenre bernefantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 113 minuten
budget en resultaten
budget $180 miljoen
opbringst $372,2 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × BAFTA

Northern Lights wie it earste diel fan Pullman syn trilogy His Dark Materials. It wie de bedoeling dat ek de oare beide dielen ferfilme wurde soene, mar dat doarst filmstudio New Line Cinema blykber net oan fanwegen fûleindige krityk fan kristlike organisaasjes op it "ateïstyske boadskip" fan His Dark Materials (ek al wie dat yn The Golden Compas al tige ferwettere). Fan 'e filmkritisy krige The Golden Compass mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol. The Golden Compass wûn sawol de Oscar as de BAFTA foar bêste special effects.

Op in Ierde yn in parallel universum bepaalt in religieuze organisaasje dy't it Magistearium hjit wat de befolking leauwe, witte en sizze mei. Yn dy wrâld residearret de siel net yn 'e minske, lykas op ús Ierde, mar bestiet er bûten it minsklik lichem en nimt er de foarm fan in bist oan, dat in dæmon neamd wurdt. Sokke dæmones kommunisearje mei harren persoan as wiene se in selsstannige entiteit, mar nettsjinsteande dat moatte se altyd deunby harren persoan bliuwe. De iennichste útsûndering op dy regel binne de heksen fan 'e loft, dy't fûgelfoarmige dæmones hawwe dy't lange ôfstannen fan harren fysike lichem reizgje kinne. By bern hat de dæmon noch gjin fêste foarm oannommen en feroaret er oanhâldend fan stal.

Lyra Belacqua is in weesfamke, dat grutbrocht wurdt oan it Jordan Kolleezje yn Oxford. Har noch feroarlike dæmon hjit Pantalaimon of koartwei Pan. Lyra har omke, hear Asriël, is in ferneamd ûntdekkingsreizger en wittenskipper dy't oan it Jordan Kolleezje ferbûn is; dêrfandinne dat er syn omkesizzer dêr op 'e noed fan it tsjinstfolk en de heechlearaars efterlitte kin. Lyra har freonen binne twa jonges fan har jierren: Roger Parslow, in weesjonge dy't yn 'e kokens wurket, en Billy Costa, dy't fan Sigeuzysk komôf is. By it boartsjen meitsje de bern inoar bang troch bedrigings mei de Lokkers, in dizenige groep misdiedigers dy't it foarsjoen hat op bern. Sokken ûntfiere bern út 'e earmere maatskiplike klassen, wêrnei't dyselden nea wer sjoen wurde.

Lyra har omke Asriël is yn 'e ban rekke fan it saneamde 'Stof', in ûngrypbere substânsje yn 'e foarm fan kosmyske dieltsjes, dy't fan it Magistearium net iens neamd wurde mei. As Asriël op in dei weromkeart nei Oxford wurdt syn libben rêden troch de ûndogenske Lyra, dy't harsels yn in kast ferburgen hat om syn moeting mei de rektor en de oare heechlearaars ôf te lústerjen. Sa kin it dat se sjocht dat fra Pavel, in glûpske fertsjintwurdiger fan it Magistearium, op in ûnbewekke stuit gif troch de wyn fan hear Asriël mingt.

Neitiid, as de oaren deryn kommen binne, jout Asriël in presintaasje oer syn nijste ûntdekking, te witten: dat de wrâld op 'e Noardpoal troch Stof ferbûn wurdt mei ûntelbere oare Ierden yn parallelle universa. Lyra is ek tsjûge fan 'e presintaasje, mei't Asriël har nei har yngreep hjitten hat om har wer yn 'e kast te ferskûljen. Asriël wol fierder ûndersyk dwaan, wat tsjin 'e seare skonk fan it Magistearium is. De bemuoisucht fan 'e religieuze autoriteiten wurdt lykwols troch de wittenskip net op priis stelt, en it Jordan Kolleezje williget de oanfraach fan Asriël foar finansiering fan in nije ekspedysje yn. Om't Asriël syn teory, as dy bewiisd wurde soe, de hearskippij fan it Magistearium oer de Ierde slim ûndermynje soe, beslút de Hege Ried fan it Magistearium dat der mei Asriël ôfweefd wurde moat. Yn it hege noarden wurdt der sadwaande jacht makke op hear Asriël troch Samojeedske hierlingen, dy't him en syn dæmon Stelmaria úteinlik finzen nimme.

Underwilens moetet Lyra op it Jordan Kolleezje in rike dame, frou Coulter, dy't troch de rektor mei har yn 'e kunde brocht wurdt as "in freondinne fan it Kolleezje". Hja nûget Lyra út om mei har te gean nei Londen. Lyra mei de eigensinnige frou Coulter wol lije en it liket har prachtich om Londen te besykjen. De rektor, dy't by ôfwêzigens fan hear Asriël de fâdij oer har hat, is nuveraardige ûnwillich om frou Coulter yn dizze saak ôf te stegerjen. Ear't Lyra ôfset, siket de rektor har op yn har keamer en bejeftiget er har mei de 'aletiometer' fan har omke, in gouden mjitynstrumint dat op in kompas liket, dêr't men, as men dermei omgean kin, de wierheid oer alles mei efterhelje kin. It binne lykwols mar inkelingen dy't har mei sa'n ynstrumint rêde kinne troch de symboalen te ûntsiferjen. Aletiometers binne in foarm fan ketterij, en it Magistearium hat se allegear, op dizze iene nei, opfoardere en ferneatige. De rektor warskôget Lyra om it ynstrumint geheim te hâlden en fral frou Coulter der net oer te fertellen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

By de ôfreis út Oxford mist Lyra har freon Roger, fan wa't se sadwaande gjin ôfskie nimme kin. Londen blykt in retrofuturistyske stêd te wêzen, dêr't Lyra mei frou Coulter per loftskip hinne reizget. Hja útfanhûzet der yn frou Coulter har wielderich ynrjochte hearehûs. Sa't de rektor har opdroegen hat, soarget se der goed foar dat frou Coulter neat fan it 'gouden kompas' merkt. As Lyra dernei sjocht, wiist it ynstrumint oan ien wei troch in dame, in wjerljochtslach en in poppe oan, om dêrnei wer op 'e nij te begjinnen; se kin de betsjutting dêrfan lykwols net ynterpretearje. Al rillegau feroaret de freonlike wize fan hâlden en dragen fan frou Coulter en lit se har wiere, kâldhertige karakter blike. As Lyra it yn it foarbygean oer Stof hat, wurdt se tige lulk en warskôget se har op strange wize dat se dat nea wer neame mei, en dat se oars in flinke bestraffing ferwachtsje kin.

Frou Coulter ferwachtet fan Lyra dat dy har yn alles hearrich is, mar dat is bûten de eigensinnige persoanlikheid fan it fierhinne yn it wyld opgroeide weesfamke rekkene. In wrokjende Lyra giet mei Pan op ûndersyk út nei dingen dy't frou Coulter foar har geheim hâlde wol. Se ûntdekke dat frou Coulter ferbûn is oan 'e Lanlike Oblaasje Kommisje, wat Lyra neat seit. Pan wiist der lykwols op dat de ôfkoarting dêrfan LOK is, lykas yn LOKkers. Yn formulieren dy't by it âld papier smiten binne, fynt Lyra in list werom mei de nammen fan bern wêrfoar't opdracht jûn is om se troch it LOK ôffiere te litten; op dy list steane ek de nammen fan Lyra har freonen Roger Parslow en Billy Costa, dy't de jûns foar Lyra har ôfreis út Oxford, sûnder dat sy it wist, troch de Lokkers fongen binne. It befel foar harren ôffiering is ûndertekene troch frou Coulter.

Dyselde jûns fynt de dæmon fan frou Coulter de aletiometer tusken Lyra har besittings. Pan feroaret himsels yn in rôffûgel en grypt it ynstrumint werom, wêrnei't hy en Lyra halje-trawalje fia it finster en de daksgoate út it hûs ûntkomme. Op 'e strjitte wurdt it twatal efterfolge troch de troch frou Coulter warskôge Lokkers, mar se wurde rêden troch Ma Costa, de mem fan Billy, en in stikmannich oare Sigeuzen. It docht bliken dat dyselden Lyra al fan Oxford ôf yn 'e rekken holden hawwe. Ma Costa nimt Lyra en Pan mei nei de haven, dêr't se oan board geane fan in skip dat fuortendaliks ôfset. Dêr moetet Lyra hear Faa, de kening fan 'e Sigeuzen, en syn neiste adviseur Farder Coram, dy't har de wurking fan it gouden kompas útleit. Sa'n útlis is foar de measte minksen net genôch om it ynstrumint ek echt brûke te kinnen, mar Lyra blykt dêrfoar in seldsum talint te hawwen en as se witte wol wêr't Roger en Billy binne, lit it gouden kompas har sjen dat dy nei it fiere noarden brocht binne. It skip fan hear Faa set koers dy kant út.

Nei oerlis mei fra Pavel stjoert frou Coulter twa meganyske fleanende ynsekten efter Lyra oan, dy't elts in angel hawwe mei sliepgif. As se har oanfalle, wit Lyra ien fan 'e dingen fan har ôf te huffen, wylst de oare fongen wurdt troch Farder Coram, dy't him fêstset yn in rûn blikje dat er fersegelet mei in laachje waaks fan in kjers. Letter op 'e reis, as Lyra nei tsjuster allinne op it dek is, wurdt se oansprutsen troch in hekse dy't oan board lânet en harsels foarstelt as Serafina Pekkala, de clankeninginne fan 'e heksen fan 'e Enaramar. Hja is de eardere minneresse fan Farder Coram. Serafina sjocht der út as in jonge frou, mar is dat net mear, mei't heksen iuwen libje kinne. Nei't se har derfan bewissige hat dat Lyra it gouden kompas brûke kin, fertelt se har dat har freonen fêstholden wurde yn in eksperiminteel stasjon deunby de Noardpoal dat Bolvangar hjit, en dat bewekke wurdt troch in rezjimint Tartaren mei wolf-dæmones. Se seit ek dat Lyra yn 'e haven fan Trollesund wat fine sil dat har helpe kin.

Yn Trollesund, yn it lân Norrowegen, de noardlikste minsklike haven dy't it skip fan hear Faa oandocht, wurdt Lyra oansprutsen troch in Teksaanske aeronaut of loftskipfleander, dy't Lee Scoresby hjit en him klaait as in cowboy. Hy riedt har oan om in freon fan him yn 'e earm te nimmen, de hierling Iorek Byrnison, in panserbjørn ("pânserbear") en in balling út Spitsbergen, it keninkryk fan 'e iisbearen. Scoresby is nei Trollesund reizge om Iorek te helpen, mei't dy himsels yn 'e swierrichheden wurke hat. As Lyra mei Pan en Farder Coram de pânserbear opsiket, docht bliken dat Iorek syn harnas kwytrekke is. Hy hat him yn Trollesund nammentlik dronken fiere litten troch guon minsken oant er bewusteleas rekke, en doe't er wer wekker waard, wie syn harnas poater. Sûnder syn harnas, dat fan meteoarizer makke is, kin er gjin panserbjørn mear wêze en hat er ek it lêste bytsje ear dat noch oer wie, ferlern. It ferhaal fan 'e bear deart Lyra oan, dat se brûkt de aletiometer om út te finen wêr't it harnas fan Iorek bedarre is. Sa ûntdekt se ek dat Iorek eins in prins is. As se him derfan bewissiget dat it harnas bewarre wurdt yn it Magisteariumgebou yn Trollesund, wint se dêrmei foar altyd syn freonskip en tankberens. Nei't er syn besit mei geweld weromhelle hat, jouwe Iorek Byrnison en Lee Scoresby har mei Lyra by de Sigeuzen fan hear Faa.

Heech yn it noarden, yn it lân fan 'e Samojeden, geane de Sigeuzen oan lân en tsjogge geandefoets fierder nei Bolvangar. As se nachts harren kamp opslane, wiist it gouden kompas Lyra foarút nei in ferlitten blokhutte yn in oangrinzgjende delling. Se freget Iorek om har dêr te bringen en riidt der op syn rêch hinne. It docht bliken dat Billy Costa dêr beskûl socht hat. Dy is nammentlik út Bolvangar ûntsnapt, mar pas nei't er troch in proseduere dy't 'yntersysje' hjit, skaat is fan syn dæmon. Dat is wêr't Bolvangar foar boud is, mei't it Magistearium leaut dat it skieden fan bern fan harren dæmon foar't dy fêste foarm oannimt, liede sil ta in hearrige befolking dy't gjin fragen stelt. Lyra en Iorek bringe de skeinde en traumatisearre Billy werom nei it kamp, dêr't de jonge weriene wurdt mei syn mem.

Fuort letter wurdt it kamp oanfallen troch Samojeden. Iorek Byrnison bewiist syn wearde troch in slachting ûnder de oanfallers oan te rjochtsjen, mar yn it trelit witte inkele Samojeden Lyra te pakken te krijen en har te ûntfieren. Se nimme har mei nei Spitsbergen, dêr't se har by wize fan teken fan goede wil oerleverje oan Ragnar Sturlusson, de kening fan 'e iisbearen. Lyra hat wol foar it ferstân dat Iorek efter har oan komt, mei't syn eare dat fan him easkje sil. As weromkearde balling sil er lykwols daliks troch de oare iisbearen deade wurde. Dan komt har yn 't sin wat frou Coulter earder oer kening Ragnar sein hat: dat er graach in dæmon hawwe wol (dy't iisbearen net hawwe), om't er as in persoan beskôge wurde wol. Dat, Lyra spjeldet Ragnar op 'e mouwe dat sy Iorek syn dæmon is, ien dy't krekt as de dæmones fan 'e heksen withoefier by harren persoan wei doarmje kin. Se seit dat se leaver Ragnar syn dæmon wêze soe, mar dat se inkeld op him oergean kin as er Iorek yn in duël ferslacht.

Wannear't Iorek yndie opdaagjen komt, hoecht er sadwaande net mei alle iisbearen yn 'e slach om Lyra te rêden, mar inkeld mei kening Ragnar. De beide bearen, dy't swarde fijannen binne mei't Ragnar Iorek syn heit, de foargeande kening, fergiftige hat om 'e troan te bemachtigjen, fjochtsje in woast duël út. Iorek rekket ferwûne, mar docht him slimmer skeind foar as er eins is, sadat er Ragnar op 't lêst oer it mad komme kin. Hy deadet de kening en komt dêrtroch sels op 'e troan fan Spitsbergen. Neitiid draacht Iorek Lyra nei Bolvangar om har freon Roger te rêden, mar it paad wurdt harren tichtset troch in djippe kleau yn it iis, dêr't inkeld in smelle iisbrêge oerhinne liedt. Dy kin Lyra har gewicht net iens drage, en se wit krekt de oare kant te berikken foar't er ynstoart. Iorek wurdt twongen om werom te gean en in oar paad te sykjen.

Lyra wol sa lang net wachtsje, dat se meldt har oan 'e doar fan Bolvangar, bearend dat se de dochter fan in jager is dy't har heit kwytrekke is yn in sniestoarm. Se wurdt weriene mei Roger. Letter, as se har yn in leech fertrek earne weromlûkt om it gouden kompas te rieplachtsjen, moat se har ferskûlje as der ûnferwachts minsken de keamer binnenkomme. It binne frou Coulter en de lju dy't de lieding oer Bolvangar hawwe. Lyra heart frou Coulter sizzen dat hear Asriël de Samojeden dy't him finzen nommen hiene, omkocht hat, en dat er by de Noardpoal in laboratoarium ynrjochte hat foar syn ûndersyk. Soldaten fan it Magistearium binne ûnderweis dêrhinne om him te arrestearjen foar ketterij. Ut it petear wurdt Lyra ek dúdlik dat de wittenskippers te Bolvangar eksperiminten útfiere om út te finen hoe't bern it bêste fan harren dæmon skaat wurde kinne. Nei't frou Coulter har ôfjûn hat om út 'e wei, wurdt Lyra troch de wittenskippers ûntdutsen en yn in apparaat stoppe dat har fan Pan skiede sil. Op it lêste stuit wurdt dat foarkomd troch it yngripen fan frou Coulter, dy't ûnderwilens ynljochte is oer Lyra har oanwêzigens.

Neitiid fertelt frou Coulter oan Lyra dat it Magistearium leaut dat yntersysje bern beskermje sil foar de korrumpearjende ynfloed fan it Stof. Har rêding fan Lyra ferklearret se troch ta te jaan dat sy eins Lyra har mem is, en hear Asriël har heit. Mei't Lyra bûten it houlik om berne is, waard it frou Coulter net tastien om har te hâlden, oant se jierren letter heech opklommen wie yn 'e hierargy fan it Magistearium en sadwaande genôch macht hie om Lyra op te easkjen fan 'e rektor fan it Jordan Kolleezje. Frou Coulter freget Lyra om 'e aletiometer, mar Lyra jout har ynstee it blik mei it meganysk ynsekt deryn en seit dat se it ynstrumint goed ynpakt hat om it tsjin seewetter te beskermjen. Sûnder euvelmoed makket frou Coulter it blik iepen. It ynsekt fljocht derút en stekt har, wêrnei't se bewusteleas yninoar sakket.

Lyra giet werom nei de romte mei de ynsysjemasine, dy't se sabotearret, sadat it apparaat himsels opblaast. Dat is it begjin fan in keatlingreäksje dy't hiel Bolvangar yn ljochte lôge set. Lyra flechtet nei bûten ta mei Roger en de oare bern, dy't ûnderwilens troch Roger reemakke binne foar in ûntsnapping. Bûtendoar wurdt harren it paad lykwols tichtset troch de Tartaarske bewekkers mei harren wolf-dæmones. Lyra wol fan gjin wiken witte, mar ear't ien fan 'e Tartaren syn wolf efter har oan stjoere kin, ferskynt Iorek Byrnison op it toaniel, dy't de Tartaar deadet. Hy slacht dêrnei de ien nei de oare Tartaar dea, wylst de fleanende heksen, oanfierd troch Serafina Pekkala, Lyra en de oare bern te help komme. De Sigeuzen arrivearje ek en smite harren yn 'e striid. De Tartaren witte Iorek mei touwen mei heakken deroan fêst te setten, mar Lee Scoresby sjit de touwen stikken út syn loftskip wei. Sa wurde de Tartaren nei gâns striid ferslein en de bern rêden.

De Sigeuzen nimmen de bern mei en sette ôf, werom nei harren skip. Roger kiest der lykwols foar om by Lyra te bliuwen. Se jouwe har by Scoresby, Iorek en Serafina, en fiifresom reizgje se yn Scoresby syn loftskip fierder nei it noarden, om hear Asriël te rêden fan 'e soldaten fan it Magistearium. Serafina foarseit oan Scoresby dat der in oarloch oan komt wêryn't Lyra in sintrale rol spylje sil. It Magistearium makket nammentlik plannen om it Stof te brûken om ek alle oare Ierden yn alle parallelle universa ûnder syn hearskippij te bringen. De striid sil sadwaande gean om it behâld fan frije wil fan alle libbensfoarmen, dy't it Magistearium tsjin eltse priis ûnderdrukke wol.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Dakota Blue Richards (2012).
 
Nicole Kidman.
 
Sam Elliott.
haadrollen
personaazje                            akteur/aktrise
Lyra Belacqua Dakota Blue Richards
Marisa Coulter Nicole Kidman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lee Scoresby Sam Elliott
Serafina Pekkala Eva Green
Iorek Byrnison Ian McKellen (allinne stim)
Pantalaimon (dæmon fan Lyra) Freddie Highmore (allinne stim)
John Faa, kening fan 'e Sigeuzen Jim Carter
Farder Coram Tom Courtenay
hear Asriël Daniel Craig
rektor fan it Jordan Kolleezje Jack Shepherd
fra Pavel Simon McBurney
foarsitter fan 'e Hege Ried fan it Magistearium Derek Jacobi
Ragnar Sturlusson, kening fan 'e iisbearen Ian McShane (allinne stim)
Ma Costa Clare Higgins
Roger Parslow Ben Walker
Billy Costa Charlie Rowe
Hester (dæmon fan Lee Scoresby) Kathy Bates (allinne stim)
Stelmaria (dæmon fan hear Asriël) Kristin Scott Thomas (allinne stim)
Tony Costa Steven Loton
earste lid fan 'e Hege Ried fan it Magistearium Christopher Lee
twadde lid fan 'e Hege Ried fan it Magistearium Edward de Souza
frou Lonsdale Magda Szubanski
dokter te Bolvangar Paul Antony-Barber
funksjonaris te Bolvangar Jason Watkins
ferpleechster te Bolvangar Jody Halse
suster Clara Hattie Morahan

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Foarskiednis

bewurkje seksje

Nei it ûnbidige súkses fan New Line Cinema mei de fantasyfilm The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001) kocht de filmstudio yn febrewaris 2002 de filmrjochten oan op 'e romantrilogy His Dark Materials, fan 'e Ingelske skriuwer Philip Pullman. Tom Stoppard waard oannommen om it senario te skriuwen foar de ferfilming fan it earste diel, Northern Lights (dat yn Noard-Amearika ferskynd wie ûnder de titel The Golden Compass).

As regisseurs passearren Brett Ratner en Sam Mendes de revu, mar yn 2003 gie New Line Cinema yn see mei Chris Weitz, dy't bekend wurden wie troch American Pie (1999) en About a Boy (2002). Dyselde waard frege syn eigen senario te skriuwen. Weitz, dy't in bewûnderder fan it wurk fan Stoppard wie, besleat mei sin net it senario te lêzen dat dyselde al skreaun hie, om't er bang wie dat er dêrút "ûnbewust dingen streupe" soe.

Nei ferskate fertragings besleat Weitz yn desimber 2004 út it projekt te stappen, om't de kompleksiteit en technyske útdagings him oer de meuch giene. Yn augustus 2005 waard bekendmakke dat Anand Tucker de rezjy oernimme soe. Dyselde naam lykwols yn maaie 2006 ûntslach omreden fan kreätive ûnienichheden mei de studio. Neffens filmprodusinte Deborah Forte woe Tucker in lytsere, minder spannende film meitsje as dat New Line Cinema foar eagen stie. De studio kaam doe wer by Weitz werom, dy't yn 'e tuskentiid nei eigen sizzen "groeid" wie, en it no wol oandoarst. Hy waard oerhelle om it op 'e nij te besykjen troch in brief dat Pullman him skreau.

Mei Weitz as regisseur en senarioskriuwer waard The Golden Compass produsearre troch Bill Carraro en Deborah Forte foar de filmstudio's New Line Cinema, Ingenious Film Partners en Scholastic Productions. Dêrmei wie de film in Amerikaansk-Britske ko-produksje. Der wie foar The Golden Compass in budget beskikber fan $180 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Henry Braham, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alexandre Desplat.

Foar haadrolspylster Dakota Blue Richards wie de rol fan Lyra Belacqua har earste aktearûnderfining. Nicole Kidman, dy't frou Coulter spile, wie tsien jier foàr de ferfilming al auteur Philip Pullman syn favorite kar foar dy rol. Kidman fielde der earst neat foar om in smjunt te spyljen, mar in persoanlik brief fan Pullman brocht har op oare gedachten. Foar it ynsprekken fan 'e dialooch fan Iorek Byrnison keas regisseur Weitz Nonso Anozie út. Dy kar lei studiobaas Toby Emmerich lykwols it near op, mei't er fûn dat Anozie hielendal net as in iisbear klonk. It recasten fan 'e rol mei sir Ian McKellen gie tsjin it sin fan Weitz yn, mar letter seid er: "as der yn jins film dan dochs immen recast wurdt, binne je as in bern sa bliid dat se mei Ian McKellen oankomme."

De opnamen foar The Golden Compass setten op 4 septimber 2006 útein. Der waard benammen yn Ingelân filme, yn 'e Shepperton Studios yn it greefskip Surrey, en fierders by it Ald Kolleezje fan de Keninklike Marine yn Greenwich, Chiswick House yn Londen, ferskate gebouwen fan 'e Universiteit fan Oxford yn Oxford, de skipswerf fan Chatham en Hedsor House yn Buckinghamshire. Der fûnen ek opnamen plak yn Noarwegen en Switserlân.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan The Golden Compass waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch New Line Cinema en yn it Feriene Keninkryk troch Entertainment Film Distributors. De film gie op 27 novimber 2007 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 5 desimber yn 'e Amerikaanske en op 7 desimber yn 'e Britske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 22 jannewaris by platemaatskippij WaterTower Music. The Golden Compass waard op 28 april 2008 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige The Golden Compass mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie tige loovjend en joech de film 4 fan 4 stjerren. Hy neamde The Golden Compass "in tsjusterder fantasy-epos mei mear djipgong as de Lord of the Rings- , Chronicles of Narnia- en Harry Potter-films." Neffens him "skept [The Golden Compass] smjunten dy't komplekser yninoar sitte en stelt [de film] yntrigearjender fragen. As in fisuele ûnderfining is er sûnder lek of brek. As in eskapistyske fantasij is er útdaagjend."

It tydskrift Time parte de film in 91/2 op in skaal fan 1 oant 10 ta en stelde fêst dat Dakota Blue Richards in "fynst" is en neamde har "sawol grûndearre yn 'e wurklikheid as magysk". Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian joech The Golden Compass 4 fan 5 stjerren en hie benammen lof foar Nicole Kidman yn 'e antagonistyske rol fan frou Coulter.

Yn The New York Times wie Manohla Dargis minder oer de film te sprekken, dy't neffens har sa smoarfol siet mei "foarfallen, personaazjes, […] draaien en kearen, wielderich ynrjochte keamers en etearysk frjemde fiergesichten […] dat je yn 'e mealstream suver it ferhaal kwytreitsje." Se fûn fierders dat The Golden Compass "in earber wurk" wie, dat lykwols "hindere [waard] troch syn trou oan it boek en syn healwiis hastige tempo." De foaroansteande Amerikaanske ynternetfilmkritikus James Berardinelli, ta einbeslút, parte de film 21/2 fan 4 stjerren ta en neamde him "adekwaat, mar net ynspirearre". Ek hied er krityk op 'e earste oere om it hastige tempo en de mar kwealk út 'e ferve kommende personaazjes.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Golden Compass in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 197 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Sûnder de kontroverse fan it boarnemateriaal sit der gjin piid yn 'e film en wurdt The Golden Compass werombrocht ta ymposante bylden dy't oerkompinsearje foar in loai ferhaaltsje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Golden Compass in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 33 resinsjes.

The Golden Compass brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $70,0 miljoen op, in tige leech bedrach yn ferhâlding ta de produksjekosten, wat filmstudio New Line Cinema raar ôffoel. Yn alle oare lannen en territoaria brocht de film lykwols $302,2 miljoen op, in prestaasje dy't troch it Amerikaanske tydskrift Variety omskreaun waard as "astronomysk" en troch New Line Cinema kwalifisearre waard as "ferbjusterjend". Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $372,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $180 miljoen betsjut dat in winst fan $192,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2008 wûn The Golden Compass sawol de Oscar as de BAFTA yn 'e kategory bêste fisuele effekten. De film waard fierders nominearre foar de Oscar foar bêste artdirection, fjouwer Saturn Awards, fiif Satellite Awards, twa Young Artist Awards, twa Critics' Choice Awards en de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm).

Kontroverses

bewurkje seksje

The Golden Compass waard omjûn troch kontroverses. De tematyk fan 'e romansearje His Dark Materials fan Philip Pullman draait fierhinne om it machtsmisbrûk fan it Magistearium, in fiksjonalisearre foarm fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Dêrút floeit fuort dat de boeken in sterk ateïstysk boadskip hawwe, of alteast sterk it fersmiten fan religy oanrikkemandearje. In ien-op-ienferfilming fan 'e roman Northern Lights soe, sa freze New Line Cinema, kommersjeel net libbensfetber wêze yn 'e Feriene Steaten, dat in folle kristliker gebiet is as Jeropa. Dêrom moast it ferhaal oanpast wurde en ferwiist de film net direkt of inkeld yn dizenige termen nei religy en God (yn it boek "de Autoriteit" neamd).

Dat skeat fans fan it boek, anty-sensuerorganisaasjes en it ateïstyske Britkse Nasjonaal Sekulier Genoatskip (dêr't Pullman earelid fan is) yn it ferkearde kielsgat. It blêd The Atlantic skreau: "Mei $180 miljoen op it spul hat de studio besletten om it lichem fan it boek te ûntfieren en de siel efter te litten." Oan 'e oare kant fan it spektrum moasten de Roomsk-Katolike Tsjerke en kristlike groepen yn 'e Feriene Steaten likegoed neat hawwe fan 'e film. De Katolike Liga rôp op ta in boycot fan 'e film en L'Osservatore Romano, de offisjele krante fan it Fatikaan, liet de film ôfrinne as "goddeleas".

Neffens William A. Donohue, de foarsitter fan 'e Katolike Liga, hie it weilitten fan ferwizings nei religy út 'e film gjin sin as de film bern likegoed nijsgjirrich meitsje soe nei de boeken fan Pullman, dy't neffens him it kristendom denigrearje en besykje bern ateïstyske tinkbylden by te bringen. Ellen Johnson, de foarsitter fan 'e organisaasje Amerikaanske Ateïsten, lei dêr yn in debat mei Donohue yn it tillefyzjeprogramma Early Show fan CBS tsjinyn dat de boeken net ateïsme promoatsje, mar besykje bern by te bringen dat se net klakkeleas dingen oannimme moatte, mar ynstee de autoriteiten frijút befreegje om dan sels te besluten wat se leauwe wolle. En dat liek har in loflik stribjen ta.

Skraste ferfolchfilms

bewurkje seksje

It wie oarspronklik de bedoeling om ek de beide oare dielen fan 'e romantrilogy His Dark Materials fan Philip Pullman te ferfilmjen. New Line Cinema hie al troch Hossein Amini in senario skriuwe litten op basis fan it twadde boek, The Subtle Knife. In ferfilming dêrfan stie yn 'e planning foar maaie 2010, en de ferfilming fan it trêde boek, The Amber Spyglass, soe dan twa of trije jier letter folgje. Algemien direkteur Toby Emmerich fan New Line beklamme lykwols dat it ta stân kommen fan dy beide ferfilmings folslein ôfhong fan it súkses fan The Golden Compass.

Doe't de film tige teloarstellend prestearre yn 'e Feriene Steaten, wie it lot fan 'e beide ferfolchfilms besegele: se kamen der net. Want ek al prestearre The Golden Compass bûten Noard-Amearika folle better as ferwachte, dat is foar Amerikaanske filmstudio's in bykomstichheid; se sjogge fral nei de eigen binnenlânske filmmerk. Yn oktober 2008 waarden de beide ferfolchfilms formeel skrast, neffens New Line Cinema omreden fan finansjele noed yn 'e wrâldwide resesje. Akteur Sam Elliott lykwols, dy't yn The Golden Compass de rol fan Lee Scoresby spile hie, sei: "De Roomske Tsjerke […] hat se de mantel útfeegd, en ik tink dat New Line dêr benaud fan wurden is."

Nije tillefyzje-adaptaasje

bewurkje seksje

Yn 2019 waard troch Bad Wolf en New Line Productions in tillefyzje-adaptaasje fan 'e romansearje His Dark Materials makke, dy't útstjoerd waard op 'e BBC en HBO, en folle better ûntfongen waard as de ferfilming.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
Chat 1
Done 1
orte 4
punk 1
see 3