The Good, the Bad and the Ugly

The Good, the Bad and the Ugly (Italjaansk: Il Buono, il Brutto, il Cattivo) is in Italjaansk-Westdútsk-Spaansk-Amerikaanske westernfilm út 1966 ûnder rezjy fan Sergio Leone. De titel betsjut: "De Goede, de Minne en de Lilke" (mar ugly hat mear as ien betsjutting, dat de titel kin ek lêzen wurde as "De Goede, de Minne en de Gemiene"). It is in spagettywestern, dy't ek ta it subsjenre fan 'e refizjonistyske western heart. De haadrollen waarden fertolke troch Clint Eastwood, Lee Van Cleef en Eli Wallach as trije skatsikers dy't middenmank de gaos fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch op 'e sneup binne nei in Konfederearre goudskat dy't neffens de geroften earne bedobbe wêze moat. De filmmuzyk waard fersoarge troch Ennio Morricone. The Good, the Bad and the Ugly markearre de trêde kear dat Leone, Eastwood en Morricone gearwurken, nei A Fistful of Dollars, út 1964, en For a Few Dollars More, út 1965. Dy beide films waarden letter mei weromwurkjende krêft yn 'e mande mei The Good, the Bad and the Ugly ûnder de Dollars Trilogy beflapt. Hoewol't The Good, the Bad and the Ugly yn 'e Feriene Steaten oarspronklik mingde reäksjes krige, wurdt de film tsjintwurdich, krekt as de oare beide dielen fan 'e trilogy, rûnom beskôge as ien fan 'e bêste westerns út 'e filmskiednis.

The Good, the Bad and the Ugly
Il Buono, il Brutto, il Cattivo
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sergio Leone
produsint Alberto Grimaldi
senario Agenore Incrocci
Sergio Leone
Furio Scarpelli
Luciano Vincenzoni
kamerarezjy Tonino Delli Colli
muzyk Ennio Morricone
filmstudio PEA
AGPC
Constantin Film
United Artists
distribúsje PEA (Itaalje)
United Artists (F.S. & F.K.)
spilers
haadrollen Clint Eastwood
Lee Van Cleef
Eli Wallach
byrollen Aldo Giuffrè
Mario Brega
Luigi Pistilli
Al Mulock
Antonio Casas
skaaimerken
lân/lannen Itaalje
West-Dútslân
Spanje
Feriene Steaten
premiêre 23 desimber 1966
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk
Italjaansk
spyltiid 177 minuten (Italjaanske ferzje)
161 minuten (Ingelske ferzje)
budget en resultaten
budget $1,2 miljoen
opbringst $25,1 miljoen
filmsearje
filmsearje de Dollars Trilogy
● foarich diel For a Few Dollars More

De film iepenet ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch, as de hierling Angel Eyes de eardere Konfederearre soldaat Stevens ûnderstiet oer in Bill Carson, dy't in skat oan Konfederearre goud stellen hawwe soe. Angels Eyes is troch in Baker ynhierd om Stevens út 'e wei te romjen, mar Stevens biedt him $1.000 oan om Baker om te bringen. Angel Eyes akseptearret dat oanbod, mar deadet Stevens likegoed ear't er ôfset. Dêrnei keart er werom nei Baker om betelle te wurden foar de moard op Stevens, wêrnei't er Baker deasjit, sadat er sizze kin dat er him oan 'e ôfspraken mei beide mannen holden hat.

Underwilens wurdt de Meksikaanske bandyt Tuco Ramírez fan trije preemjejagers rêden troch de Man sûnder Namme, dy't himsels oansprekke lit as 'Blondie'. Mar ynstee dat er de man op frije fuotten stelt, leveret er him sels út oan 'e pleatslike sheriff, om 'e priis fan $2.000 te ynjen dy't op Ramírez syn holle set is. Op it stuit dat Tuco ophongen wurde sil, sjit de Man sûnder Namme lykwols it tou midstwa, sadat de bandyt mei de skrik frijkomt. De beide mannen naaie tegearre út en diele de preemje. Yn it folgjende stedsje dat se oandogge, fiere se deselde trúk nochris út en ynkassearje se op 'e nij beide $1.000.

Meitiid kriget de Man sûnder namme lykwols syn nocht fan Ramírez syn geklaach, en hy lit de bandyt sûnder hynder of wetter yn 'e midden fan 'e woastyn efter. In op wraak beluste Ramírez oerlibbet dat lykwols en folget it spoar fan 'e Man sûnder Namme nei in stedsje dat ûntromme wurdt troch Konfederearre troepen. As er risselwearret om 'e Man sûnder Namme te twingen en hingje himsels op, begjint der lykwols in bombardemint fan it stedsje troch de Noardlike artillery. Dat stelt de Man sûnder Namme by steat om te ûntkommen. Nei in drege syktocht spoart Ramírez syn fijân lykwols wer op, nimt him jitris finzen en twingt him om geandefoets sûnder wetter de woastyn troch.

As de Man sûnder Namme úteinlik fan útdrûging derhinne falt, risselwearret Ramírez om him dea te sjitten. Krekt op dat stuit, lykwols, sjocht er in koets wêrfan't de hynders op 'e rin gien binne. As er de bisten ta hohâlden bringt, ûntdekt er yn 'e koets ferskate deade soldaten en Bill Carson, dy't ek de dea it neist is. Carson ûnthjit Ramírez $200.000 oan Konfederearre goud, dat er bedobbe hat yn in grêf op Sad Hill Cemetery. De bandyt wol witte hokker grêf oft it om giet, mar ear't Carson dat sizze kin, falt er derhinne fan 'e toarst. Ramírez skuort de man út 'e koets en leit him njonken de Man sûnder Namme del. Dêrnei giet er om wetter, mar as er weromkomt, blykt Carson al de geast jûn te hawwen. De Man sûnder Namme fertelt him lykwols dat Carson him de namme fan it grêf ynflústere hat ear't er stoar. Dat soarget derfoar dat Ramírez fan dat stuit ôf sterk motivearre is om 'e Man sûnder Namme yn libben te hâlden. Hy jout him wetter en nimt him mei nei in missypost deunby, dêr't er him fersoargje lit.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't de Man sûnder Namme opbettere is, sette hy en Ramírez ôf, klaaid yn 'e Konfederearre unifoarmen fan 'e soldaten yn 'e koets fan Carson. Dat pakt lykwols ferkeard út as se kriichsfinzen nommen wurde troch Noardlike soldaten en fêstsetten wurde yn it kriichsfinzenekamp fan Batterville. As dêr appèl holden wurdt, brûkt Ramírez de skûlnamme 'Bill Carson', wat de oandacht lûkt fan Angel Eyes, dy't ek yn it kamp omhinget yn 'e momkape fan in Noardlike sersjant. Neitiid martelet de hierling Ramírez om ynformaasje oer de Konfederearre goudskat te krijen, en Ramírez moat de namme fan it begraafplak priisjaan. Hy fertelt ek dat de Man sûnder Namme de iennichste is dy't de namme fan it krekte grêf wit. Mei't er foar it ferstân hat dat de Man sûnder Namme út oar hout snien is as Ramírez, en net tajaan sil oan tramtaasje, biedt Angel Eyes him in gelikens diel fan it goud oan. De Man sûnder Namme stimt dêrmei yn en set ôf mei Angel Eyes en dy syn trewanten. Ramírez wurdt op 'e trein set nei in plak dêr't er terjochtsteld wurde sil, mar hy wit te ûntsnappen.

De Man sûnder Namme arrivearret mei Angel Eyes-en-dy yn in útstoarn stedsje, wêrfan't de befolking evakuëarre is. De ûntsnapte Ramírez is sûnder dat er it wit nei itselde stedsje flechte, dêr't er daliks in bad nimt yn in rynkrank hotel. De preemjejager Elam, dy't him siket, komt him dêr oer it mad, mar Ramírez wit him dea te sjitten. De Man sûnder Namme heart de skotten en giet op ûndersyk út. As er Ramírez ûntdekt, beslute de beide mannen harren âlde partnerskip wer op te pakken en twaresom op 'e siik te gean nei it grêf mei it goud. Earst weve se lykwols ôf mei Angel Eyes syn trewanten, mar nei't se dy allegearre deasketten hawwe, komme se ta de ûntdekking dat Angel Eyes sels útpykt is.

As Ramírez en de Man sûnder Namme fierder reizgje nei it Sad Hill Cemetery, docht bliken dat it paad harren tichtset is troch Konfederearre en Noardlike troepen, dy't in útsichtleaze striid leverje om in strategysk sitewearre brêge oer in rivier. Se bedarje yn it Noardlike legerkamp, dat oan 'e iene kant fan 'e rivier leit, wylst de Súdliken har oan 'e oare kant fan 'e rivier ophâlde. De Noardlike kaptein Clinton is in man dy't oan 'e drank rekke is en der geastlik suver oan ûndertroch giet dat er eltse dei wer manskippen opofferje moat yn in striid dy't net wûn wurde kin. Hy fertelt oan Ramírez en de Man sûnder Namme dat er de brêge opblaasd hie as er mar mear lef hân hie, sadat der op dit plak neat mear wie om om te fjochtsjen.

Dat bringt de Man sûnder Namme op in idee, en tegearre mei Ramírez stelt er dynamyt út it arsenaal fan it Noardlike legerkamp. As in nije wraam fan 'e Konfederearre troepen op 'e brêge troch de Noardliken bloedich ôfslein is, en beide kanten harren deaden en ferwûnen fan it slachtjild helje, dogge de Man sûnder Namme en Ramírez harren foar as in pear brankardiers om deunby de brêge te kommen. Wylst se it dynamyt oan 'e pylders fan 'e brêge befêstigje, suggerearret Ramírez dat se harren ynformaasje útwikselje, foar it gefal ien fan harren stjert foar't se it plak fan 'e goudskat berikke. Hy fertelt de Man sûnder Namme hoe't it begraafplak hjit, en de Man sûnder Namme seit dat de namme op 'e grêfsark "Arch Stanton" is.

Nei't de brêge opblaasd is, jouwe de beide legers har al rillegau ôf, sa't de by de lêste oanfal omkommen kaptein Clinton al foarsein hie. Ramírez naait út, stelt in hynder en riidt nei it Sad Hill Cemetery om alle goud foar himsels te hâlden. Hy fynt it grêf fan Arch Stanton en begjint te graven. De Man sûnder Namme dûkt fuort letter op en fiteret him ûnder bedriging mei in revolver oan om troch te gean mei it wurk. Dan komt Angel Eyes harren allebeide oer it mad. Hy twingt de Man sûnder Namme en Ramírez om tegearre fierder te graven, mar as se de deakiste iepenmeitsje, leit dêr inkeld in skelet yn. De Man sûnder Namme jout dan ta dat er liigd hat oer de namme fan it grêf. Hy biedt oan om 'e wiere namme op in stien te skriuwen, dy't er dêrnei mei de namme oan 'e ûnderkant yn 'e midden fan it sintrale pleintsje fan it begraafplak delleit. Dêrop daget er Ramírez en Angel Eyes út ta in trijefâldich duël: dejinge dy't de oare beiden deasjit, kriget alle goud.

Dat liedt ta in Mexican standoff, wêrby't it trijetal inoar in skoft oanstoarret, wêrnei't se allegearre op itselde stuit har revolvers lûke. De Man sûnder Namme is it fluchst en sjit Angel Eyes dea, wylst Ramírez ûntdekt dat der gjin patroanen yn syn revolver sitte, mei't de Man sûnder Namme altyd al fan doel wie om it op in duël oankomme te litten, en dêrom de nachts tefoaren, doe't Ramírez sliepte, syn revolver lege hat. De Man sûnder Namme lit de ûnderkant fan 'e stien sjen, dêr't neat op stiet: it grêf dat se hawwe moatte, is dan ek it grêf njonken dat fan Arch Stanton, dat inkeld it opskrift "Unbekend" draacht. Ramírez is bûten himsels as se dêr yndie it goud fine, mar de Man sûnder Namme lûkt syn revolver en ûntwapenet de bandyt. Hy bynt syn hannen op 'e rêch fêst en lit him boppe-op in wiffe grêfsark stean mei in strûpe om 'e hals dy't fêstmakke is oan 'e grouwe tûke fan in beam boppe him. Dêrop nimt de Man sûnder Namme de helte fan it goud mei en riidt fuort en ferdwynt oer in heuvel. As Ramírez úteinlik om genede ropt, ferskynt de Man sûnder Namme wer en sjit mei syn gewear út 'e fierte wei it tou troch. Dêrtroch falt Ramírez, libben mar fêstbûn, mei it gesicht op syn diel fan it goud. Wylst de Man sûnder Namme diskear foargoed oer de hoarizon ferdwynt, flokt Ramírez him lûd razend út.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
de 'Man sûnder Namme' (of Blondie) Clint Eastwood
Angel Eyes Lee Van Cleef
Tuco Ramírez Eli Wallach


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Clinton Aldo Giuffrè
korporaal Wallace Mario Brega
pastoar Pablo Ramírez Luigi Pistilli
Elam Al Mulock
Stevens Antonio Casas
Bill Carson / Jackson Antonio Casale
kaptein Harper Antonio Molino Rojo
Maria Rada Rassimov
winkelman Enzo Petito
frou fan Stevens Chelo Alonso
sheriff John Bartha
Baker Livio Lorenzon
Meksikaanske gernier #1 Claudio Scarchilli
Meksikaanske gernier #2 Sandro Scarchilli
lid fan 'e binde fan Angel Eyes Benito Stefanelli
lid fan 'e binde fan Angel Eyes Aldo Sambrell
mûnts Angelo Novi

Preproduksje

bewurkje seksje

Nei it súkses dat For a Few Dollars More yn 'e Jeropa behelle hie, stelden de studiobazen by United Artists (UA) oan 'e senarioskriuwer fan dy film, Luciano Vincenzoni, foar om alfêst mar in kontrakt ôf te sluten foar de folgjende film. Hy, produsint Alberto Grimaldi en regisseur Sergio Leone hiene dêr op dat stuit noch gjin plannen foar, mar nei oerlis mei Grimaldi en Leone stelde Vincenzoni oan UA in film foar oer trije smjunten dy't nei de iene of oare skat sochten tsjin 'e eftergrûn fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch. Dat liek de filmstudio skoan ta. Lykwols woe men al foarút witte hoefolle oft dat kostje moast. Tegearre mei Grimaldi sleat Vincenzoni doe in kontrakt mei UA wêrby't foar de kommende film in budget fan $1 miljoen ôfsprutsen waard. UA levere dêr de helte fan, $500.000, en soe dêr de helte fan 'e opbringst yn 'e bioskopen bûten Itaalje foar weromkrije. De rest fan it budget waard byinoarbrocht troch de Italjaanske studio Produzioni Europee Associati (PEA), it Spaanske Arturo González Producciones Cinematográficas (AGPC) en it Westdútske Constantin Film. Dêrmei waard de nije film in ynternasjonale ko-produksje, dy't úteinlik $1,2 miljoen kostje soe.

 
De filmset fan The Good, the Bad and the Ugly yn Almería.

Vincenzoni bewearde dat er it senario foar de nije film yn alve dagen skreau, mar hy kearde dêrnei it projekt al rillegau de rêch ta om't er rûzje krige mei Leone. Op advys fan Vincenzoni sette Leone it senarioskriuwersduo Agenore Incrucci en Furio Scarpelli yn om it skript fierder út te wurkjen yn 'e mande mei Leone sels en Sergio Donati. Dat rûn út op in grutte teloarstelling. Leone sei dêr letter oer: "Ik koe hielendal neat brûke dat sy skreaun hiene." Donati folle oan: "It úteinlike skript befette frijwol neat fan harren wurk. Se skreaune inkeld it earste stikje. Ien inkele regel."

Leone borduerre yn it úteinlike senario fuort op Vincenzoni syn oarspronklike wurk om "de absurditeit fan 'e oarloch sjen te litten," sa't er letter útlei. "Nei myn miening wie [de Amerikaanske Boargeroarloch] nutteleas, stupide: der wie hielendal gjin 'goede saak' [om foar te fjochtsjen]." As ien dy't nocht hie oan skiednis fertelde Leone fierder: "Ik hie earnewêr lêzen dat 120.000 minsken omkommen wiene yn Súdlike kampen lykas Andersonville. Ik wist dat der ek soksoarte kampen yn it Noarden west hiene. Je krije altyd te hearren oer it skandalige hâlden en dragen fan 'e ferliezers, neat oer dat fan 'e winners." It kriichsfinzenekamp fan Batterville, dêr't de Man sûnder Namme en Tuco Ramírez finzen holden wurde, wie dan ek basearre op wiere gravueres fan Andersonville. In soad shots út 'e film waarden beynfloede troch argyffoto's dy't makke wiene troch Mathew Brady.

De wurktitel fan 'e film wie I Due Magnifici Straccioni ("De Beide Geweldige Omswalkers"). Krekt foar't de opnamen úteinsetten, feroare Leone dat yn Il Buono, il Brutto, il Cattivo ("De Goede, de Lilke, de Gemiene"), in titel dy't noch troch Vincenzoni betocht wie. United Artists, dat betongen hie dat sy de Ingelske titel betinke mochten, hong der earst ta oer om 'e Ingelsktalige oersetting fan 'e oarspronklike titel te brûken, The Two Magnificent Tramps, of River of Dollars ("Rivier fan Dollars") of The Man with No Name ("De Man sûnder Namme"), mar úteinlik waard besletten om der The Good, the Bad and the Ugly fan te meitsjen.

Clint Eastwood, dy't yn 'e nije film nei syn rollen yn A Fistful of Dollars en For a Few Dollars More foar de trêde kear de Man sûnder Namme spile, wie earst net bot ûnder de yndruk fan it senario fan 'e nije film. Boppedat wied er bang dat er as akteur yn it skaad komme soe te stean fan Eli Wallach, dy't oanlutsen wie om 'e rol fan Tuco Ramírez te fertolkjen. Hy sei tsjin Leone: "Yn 'e earste film wie ik allinnich. Yn 'e twadde wiene we mei ús twaen. No binne we mei syn trijen. As it sa trochgiet, spylje ik yn 'e folgjende mei de hiele Amerikaanske kavalery." Uteinlik gie Eastwood lykwols doch akkoart mei syn rol, dêr't er diskear $250.000, in Ferrari en 10% fan 'e winst yn 'e Feriene Steaten foar krige. Doe't Lee Van Cleef op 'e nij troch Leone frege waard foar in rol, makke er it grapke: "de iennichste reden dat se my weromfrege hawwe, is omdat se yn For a Few Dollars More fergetten wiene my út 'e wei te romjen."

De opnamen foar The Good, the Bad and the Ugly setten mids maaie 1966 útein en duorren oant ein july. Earst waarden guon sênes yn 'e Cinecittà-studio yn Rome opnommen, wêrûnder dy mei Eastwood en Wallach wêryn't de Man sûnder Namme Ramírez foar de earste kear finzen nimt en útleveret oan 'e pleatslike sheriff. Dêrnei waard de produksje oerbrocht nei noardlik Spanje, yn 'e krite om Burgos hinne, dy't trochgean moast foar it Amerikaanske Súdwesten. Oare sênes waarden, krekt as by de beide foargeande films fan 'e Dollars Trilogy it gefal wie, opnommen yn Almería, yn súdlik Spanje. Clint Eastwood fertelde letter yn in fraachpetear oer de opnamen yn Spanje: "Se wiene der as de âlde roeken by ast in ferhaal filmest oer Spanjerts en oer Spanje. Dan kontrolearren se dy tige sekuer, mar doe't dúdlik waard dat we in western diene dy't earne yn 'e súdwestlike Feriene Steaten of Meksiko spile, ynteressearre it se alhiel neat mear wat fierders it ferhaal of ûnderwerp wie."

The Good, the Bad and the Ugly makke gebrûk fan kompleksere sets as de beide foargeande films. Sa wie der in stedsje dat besketten waard mei kanonnen, in grut kriichsfinzenekamp en in slachfjild. Om't special effects yn 1966 noch net bestiene, moast alles fysyk opboud wurde en wiene alle ûntploffings echt. De brêge oer de rivier, dêr't de Noardlike en Súdlike troepen om fjochtsje, moast twaris boud wurde troch it sjenykorps fan it Spaanske Leger. It wie gjin neibearde brêge, mar in echtenien, boud fan swier en sterk materiaal, sadat der hiel wat eksplosiven oan te pas kamen om him op te blazen. De earste kear doe't de sêne opnommen wurde soe wêryn't de brêge opblaasd waard, soarge de taalbarriêre tusken de Italjaanske filmcrew en de Spaanske eksplosive-ekspêrs derfoar dat de brêge te betiid de loft yn gie. Aldergeloks rekke dêr nimmen by ferwûne, hoewol't ferskate kamera's totaal fernield rekken. Neitiid waard de brêge op 'e nij opboud wylst de cast en crew oare sênes opnamen. Fierders waarden 250 Spaanske soldaten ynset om yn twa dagen tiid it ûnbidich grutte begraafplak fan Sad Hill oan te lizzen yn 'e neite fan Salas de los Infantes.

 
Sad Hill Cemetery sa't it der yn 2019 útseach.

Regisseur Sergio Leone loek foar de opnamen fan The Good, the Bad and the Ugly de Italjaanske kameraregisseur Tonino Delli Colli oan, dy't heech oanskreaun stie. Leone stie der by dyselde op oan om mear oandacht oan 'e beljochting en de ljochtfal te jaan as yn syn beide foargeande films. Fierders fersoarge komponist Ennio Morricone op 'e nij de filmmuzyk, dêr't er gewearskotten, fluitsjen (troch John O'Neill) en sels joadeljen yn opnaam. It wichtichste tema fan 'e soundtrack is in twanoatige meldij dy't liket op it spûkgûlen fan in prêrjewolf en hieltyd weromkomt as ien fan 'e trije haadpersoanen yn byld brocht wurdt. Foar elts fan 'e trije wurdt lykwols in oar ynstrumint brûkt: in dwersfluit foar de Man sûnder Namme, in okarina foar Angel Eyes, en minsklike sang foar Ramírez. Yn 'e iepeningssêne, fuort nei de begjintitels, giet datselde tema oer yn it echte spûkgûlen fan in prêrjewolf.

Clint Eastwood en Eli Wallach fleagen tegearre nei Madrid foar de opnamen. Eastwood ferdivedearre him tusken syn sênes troch mei it oefenjen fan syn golfôfslach. Fierders brocht er in soad tiid troch mei akteur Franco Nero, dy't yn Spanje tagelyk mei The Good, the Bad and the Ugly de film Texas, Adios opnaam. Tsjin 'e ein fan 'e opnamen fan The Good, the Bad and the Ugly hie Eastwood skjin syn nocht fan Leone syn perfeksjonistyske rezjystyl, wêrby't sênes faak withoefaak oerdien wurde moasten om se út alle mooglike hoeken wei op te nimmen. Neitiid wurke er nea wer gear mei Leone, en doe't dyselde yn 1968 persoanlik nei Los Angeles ta reizge om him de rol fan Harmonica yn Once Upon a Time in the West oan te bieden, stegere Eastwood him ôf. Dy rol gie úteinlik nei Charles Bronson.

Wallach skreau letter yn syn autobiografy dat Leone in biljante regisseur wêze mocht, mar dat er alderferskuorrendste ûnsoarchfâldich mei it wolwêzen fan 'e akteurs omsprong. Trije kear ûnder de opnamen fan The Good, the Bad and the Ugly rekke Wallach hast dea. De earste kear fergiftige er himsels hast by fersin, doe't er in swolch nimme soe út in flesse sâltsoer dy't in filmtechnikus fuort njonken syn flesse frisdrinken delset hie. Letter gie, doe't Wallach mei de hannen op 'e rêch fêstbûn op in hynder siet, it troch in pistoalskot yn panyk rekke hynder op 'e rin, en it lei hast oardel kilometer mei in deabenaude Wallach ôf ear't it fongen wurde koe. En dan wie der noch de sêne, dêr't Wallach, as Ramírez, mei in oare finzene (spile troch Mario Brega) oan wa't er mei keatlings fêstsit út in ridende trein springt. De oare finzene rekket dea, en om 'e keatlings te brekken, leit Ramírez it lyk dan op it spoar mei de keatlings oer de rails, sadat in folgjende trein se stikken ride sil. Wallach, en nei't men oannimme mei de hiele filmcrew, wie him der op dat stuit ûnbewust fan dat de trein swiere izerne opstappen oan it begjin en de ein fan eltse wagon hie, dy't sa'n 30 sm nei de sydkant útstieken. As Wallach net plat lizzen gien wie mar ynstee yn 'e hoksen sitten hie, wied er troch dy dingen sûnder mis ûnthalze.

Om't The Good, the Bad and the Ugly mei in ynternasjonale cast opnommen waard, sprieken de measte akteurs ûnder de opnamen Italjaansk, wylst Eastwood, Wallach en Van Cleef Ingelsk sprieken. Dat makke neat út om't Italjaanske films yn dy tiid nea it lûd mei opnamen, mar dat ynstee letter, ûnder de postproduksje, tafoegen. Ynstee liet Leone faak de muzyk fan Ennio Morricone op 'e set spylje, en mocht er dêropta oer de muzyk hinne de akteurs ek graach aktearoanwizings taroppe. Krekt as fan 'e eardere films fan Leone waarden fan The Good, the Bad and the Ugly twa oarspronklike ferzjes makke: in Italjaansktaligen en in Ingelsktaligenien. Yn 'e Italjaansktalige ferzje sprieken de Italjaanske akteurs harren eigen stim yn en waarden Eastwood, Wallach en Van Cleef neisyngronisearre troch stimakteurs, wylst yn 'e Ingelsktalige ferzje de trije Amerikaanske akteurs har eigen stim ynsprieken en de oare akteurs, ynsafier't dy it Ingelsk net machtich wiene, neisyngronisearre waarden. De spyldoer fan 'e Italjaansktalige ferzje wie 177 minuten, mar de Ingelsktalige ferzje wie in oansjenlik stik koarter: 161 minuten.

Premiêre yn 'e bioskoop en release op fideo

bewurkje seksje

The Good, the Bad and the Ugly waard yn Itaalje distribuëarre troch Produzioni Europee Associati (PEA) en yn 'e Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk troch United Artists (UA). De film gie op 23 desimber 1966 yn 'e Italjaanske bioskopen yn premiêre. Yn 'e Feriene Steaten iepene The Good, the Bad and the Ugly op 29 desimber 1967 yn 'e bioskopen. De film waard yn 1980 foar it earst útbrocht op VHS, wêrnei't nije ferzjes yn itselde formaat folgen yn 1981, 1983 en 1990. Yn 1998 ferskynde The Good, the Bad and the Ugly foar it earst op dvd by MGM Home Entertainment. Dat joech him yn 2004 op 'e nij út as ûnderdiel fan 'e dvd-box Sergio Leone Anthology, dêr't ek A Fistful of Dollars, For a Few Dollars More en Duck, You Sucker! diel fan útmakken. Yn 2009 en op 'e nij yn 2014 waard The Good, the Bad and the Ugly publisearre op blu-ray.

Doe't The Good, the Bad and the Ugly útkaam yn 'e bioskopen, krige de film in protte krityk fanwegen it útwrydske geweld. Leone lei letter út dat er it geweld yn syn spagettywesterns mei sin oerdreaun hie, om't er in satire meitsje woe op 'e gongbere Hollywoodwestern. Nettsjinsteande dy útlis liigden guon fan 'e resinsjes dy't de film krige der net om. Yn The New York Times skreau filmkritika Renata Adler: "The Good, the Bad and the Ugly moat wol de djoerste, skynhillichste en walchlikste film wêze yn 'e skiednis fan syn nuvere sjenre." Har kollega Charles Champlin skreau yn 'e Los Angeles Times dat de "ferlieding" foar him "ûnwjersteanber" wie "om The Good, the Bad and the Ugly [...] The Bad, the Dull and the Interminable ["De Minne, de Saaie en de Langtrieddige"] te neamen om gjin oare reden as om't de film dat is."

Roger Ebert, ien fan 'e meast foaroansteande filmkritisy fan 'e Feriene Steaten, skreau in lauwe resinsje oer The Good, the Bad and the Ugly. Jierren letter joech er ta dat er de film ferkeard beoardiele hie, "miskien wol," sa joech er ta, "om't it in spagettywestern wie en dêrom gjin keunst wêze koe." De foaroardielen oer spagettywesterns, dy't yn 'e 1960-er jierren yn 'e Feriene Steaten net serieus nommen waarden, spilen mear Amerikaanske filmkritisy parten. Ebert wie teminsten sa earlik dat er syn eigen falen letter tajoech, syn oardiel bystelde en The Good, the Bad and the Ugly sels opnaam yn syn list fan bêste films.

Hjoed de dei wurdt The Good, the Bad and the Ugly rûnom beskôge as ien fan 'e bêste westerns dy't ea makke is, en teffens faak as de alderbêste Jeropeeske western dy't ea makke is. De film stiet yn 'e top 100 fan bêste films fan 'e tweintichste iuw fan it Amerikaanske tydskrift Time, dy't gearstald waard troch filmkritisy Richard Corliss en Richard Schickel. In oar Amerikaansk blêd, Variety, sette The Good, the Bad and the Ugly op it 49e plak yn 'e top 50 fan bêste films aller tiden. De ferneamde Amerikaanske filmregisseur Quentin Tarantino hat The Good, the Bad and the Ugly omskreaun as "de bêst regissearre film aller tiden" en "de grutste prestaasje út 'e filmskiednis". Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't filmresinsjes sammelet, hat de film it tige hege goedkarringspersintaazje fan 97%. Yn 'e top 100 fan bêste films aller tiden partet Rotten Tomatoes The Good, the Bad and the Ugly it 78e plak ta.

Yn Itaalje brocht The Good, the Bad and the Ugly $6,3 miljoen op. Yn 'e rest fan 'e wrâld waard oan 'e film nochris $18,8 miljoen fertsjinne. Dêrmei kaam de totale opbringst út op $25,1 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $1,2 miljoen betsjut dat in skjinne winst fan $23,9 miljoen.

Dollars Trilogy

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Dollars Trilogy.

The Good, the Bad and the Ugly waard letter mei weromwurkjende krêft yn in filmsearje pleatst dy't bekendstiet as de Dollars Trilogy of de Man with No Name Trilogy. De oare beide dielen fan dy trilogy binne A Fistful of Dollars, út 1964, en For a Few Dollars More, út 1965. Alle trije films waarden regissearre troch Sergio Leone, en yn alle trije films spile Clint Eastwood (ien fan) de haadrol(len) as de Man sûnder Namme. Ek komponist Ennio Morricone wurke mei oan alle trije films. Mei't de beide earder makke films allebeide nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch spilen, kin The Good, the Bad and the Ugly as in soarte fan prequel beskôge wurde.

The Good, the Bad and the Ugly is de lêste film fan 'e Dollars Trilogy en hat gjin ferfolch. Neitiid makke Leone noch twa oare westernfilms (Once Upon a Time in the West en Duck, You Sucker!) en teffens wied er belutsen by de produksje fan twa spagettywesterns dy't er net sels regissearre (My Name Is Nobody en A Genius, Two Partners and a Dupe). Mar net ien fan dy films hie wat te krijen mei de Dollars Trilogy.

Lykwols fertelde senarioskriuwer Luciano Vincenzoni letter by ferskate gelegenheden dat er in kladferzje skreaun hie foar it senario fan in ferfolch op The Good, the Bad and the Ugly, dat er de wurktitel The Good, the Bad and the Ugly 2 jûn hie. Neffens sawol Vincenzoni as Eli Wallach soe dy film tweintich jier nei The Good, the Bad and the Ugly spile hawwe moatten, wêrby't Ramírez efter de pakesizzer fan 'e Man sûnder Namme oan sitten hawwe soe om 'e rest fan it goud te bemachtigjen. Neffens de geroften wie Clint Eastwood ree om 'e voice-over fan 'e film te fersoargjen, en wie Joe Dante hifke foar de posysje fan regisseur. Leone, lykwols, dy't it ferfolch produsearje sillen hie, besleat úteinlik om der it near op te lizzen, om't er net woe dat de oarspronklike film oan krêft ynboetsje soe trochdat de titel en de personaazjes op 'e nij brûkt waarden.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

  NODES
INTERN 1