The Outlaw (film út 1943)

film út 1943 fan Howard Hawks en Howard Hughes

The Outlaw is in Amerikaanske swart-wyt-westernfilm út 1943 ûnder rezjy fan Howard Hughes, mei Howard Hawks as in net yn 'e begjintitels fermelde mei-regisseur. De haadrollen waarden spile troch Walter Huston en Jack Buetel, mei Jane Russell yn ien fan 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "De Bandyt". De plot folget de histoaryske personaazjes fan Doc Holliday en Billy the Kid yn in fierders folslein optocht ferhaal, wêryn't se rûzje krije om in hynder en in frou en inoar allegeduerigen te fluch ôf besykje te wêzen. Wylst se opjage wurde troch sheriff Pat Garrett reitsje se úteinlik befreone. The Outlaw wie doedestiden kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Tsjintwurdich is de film inkeld noch it opmerken wurdich om 'e trochbraakrol fan Russell, dy't dêrtroch útgroeie koe ta in sekssymboal en Hollywoodstjer.

The Outlaw
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Howard Hughes
Howard Hawks (mei-regisseur)
produsint Howard Hughes
senario Jules Furthman
kamerarezjy Gregg Toland
muzyk Victor Young
filmstudio Howard Hughes Productions
distribúsje RKO Radio Pictures
spilers
haadrollen Walter Huston
Jack Buetel
byrollen Jane Russell
Thomas Mitchell
Mimi Aguglia
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 5 febrewaris 1943
foarm swart-wyt-langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $3,4 miljoen
opbringst $5,1 miljoen (Noard-Amearika)

Sheriff Pat Garrett ferwolkommet syn âlde maat, de gokker en revolverman Doc Holliday yn Lincoln (Nij-Meksiko). Doc is op 'e siik nei syn stellen hynder, dat er oantreft yn it besit fan 'e beruchte bandyt Billy the Kid. Dyselde wol it hynder net weromjaan; hy seit dat er it earlik kocht hat, nei't men oannimme mei fan 'e echte dief. Doc is der lykwols fan oertsjûge dat Billy sels de dief is. Nettsjinsteande dat meie de beide manlju inoar fan it begjin ôf oan wol lije, ta argewaasje fan Garrett. Dy nachts besiket Doc it hynder werom te stellen, mar Billy hat him troch en wachtet him bûten de stâl op. Neitiid ornearret er dat er mar better by it hynder yn 'e stâl sliepe kin, om foar te kommen dat Doc fannijs mei it bist besiket út te piken.

Yn deselde stâl sit lykwols immen ferskûle dy't him besiket dea te sjitten. Billy oermasteret de skutter, dy't Rio McDonald blykt te wêzen, in tsjeppe jonge frou waans broer Billy by in dronken duël deasketten hat. Sy is út op wraak. As Billy syn oandacht eefkes ferslopje lit, komt se him jitris tenei, diskear mei in gripe. Nei't er har ûntwapene hat, is yn 'e tsjustere stâl it skuorren fan klean te hearren, wêrmei't suggerearre (mar net sjen litten) wurdt dat Billy Rio ferkrêftet om har in leske te learen.

De oare deis komt der in frjemdling by Billy the Kid, dy't oanbiedt om Pat Garrett foar him yn 'e rêch te sjitten wylst Billy de sheriff ôfliedt. Hy wol sjen litte hoe't er dat dwaan sil en lûkt by wize fan demonstraasje syn revolver, dy't er dan op Billy rjochtet om him dea te sjitten. De erchtinkende Billy is dêr lykwols ree foar, en hy lûkt sa fluch as wetter syn eigen revolvers en sjit de man sels dea. Der binne gjin tsjûgen fan it foarfal, dat Garrett, bystien troch trije helpsheriffs, wol Billy arrestearje foar moard. Dêr wol Billy lykwols net oan meiwurkje, en Doc kiest syn kant yn it skeel, wat Garrett as ferrie beskôget. As de beide mannen fuort sille, besiket Garrett en sjit Billy dea. Dêrop sjit Doc him syn revolver út 'e hân en deadet dêropta twa fan 'e helpsheriffs.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid flechtet Doc mei de swierferwûne Billy nei it hûs fan syn minneresse, dy't op in boerespultsje bûten Lincoln wennet. It docht bliken dat sy nimmen oars is as Rio McDonald. Doc, dy't him ûnbewust is fan 'e skiednis tusken Rio en Billy, jout him har op 'e noed en riidt dan mei de beide hynders de wyldernis yn om Garrett en de posse dy't er gearstald hat, efter him oan te lokjen. Rio stiet yn bestân om Billy te fermoardzjen, mar ynstee ferpleget se him de folgjende moanne, wylst er stadichoan opbetteret. Se giet sels safier om neaken by him op bêd te krûpen (wurdt ymplisearre), om him waarm te krijen as er suver stjert fan koarts. Dat alles ta ôfkarring fan har ynwenjende muoike Guadalupe.

Tsjin 'e tiid dat Doc de posse ôfskodde hat en weromkomt, is Rio smoarfereale op har pasjint rekke. As Doc dat foar it ferstân kriget, is er poerrazen, mei't er ornearret dat Billy nei syn hynder no ek syn minneresse stellen hat. Nei't syn lulkens wat saksearre is, jout Billy ta dat Doc wol in punt hat. Dêrom mei er kieze: it hynder of Rio. Ta Billy syn argewaasje kiest Doc foar it hynder. Rio is poer dat beide manlju leaver in hynder hawwe as har, dat as Doc har de fjildflessen jout mei de opdracht om dy te foljen, docht se der sân yn ynstee fan wetter. De beide mannen ride fuort en merke pas wat se dien hat as se al djip yn 'e woastyn binne. Dêr komme Garrett en syn posse harren wer op it spoar. Mei't dat wol in hiel grut tafal is, riddenearje de mannen út dat Rio harren efterfolgers diskant útstjoerd hawwe moat.

 
Jack Buetel as Billy the Kid en Jane Russell as Rio yn The Outlaw.

Op in moarn as er wekker wurdt, merkt Doc dat Billy poater is en dat Garrett njonken him sit te wachtsjen om him hânboeiens om te dwaan en him mei werom te nimmen nei Lincoln. As se deunby Rio har boerespultsje hohâlde om út 'e beek dêre te drinken, ûntdekke se dat Billy Rio fêstbûn efterlitten hat op in plak dêr't se it wetter sjen, mar der net by kin. Mei't er fermoedet dat Billy fan Rio begûn is te hâlden, sels al is it mar ûnbewust, en dêrom weromkomme sil om har los te meitsjen as er fynt dat er har genôch straft hat, set Garrett in mûklaach op. As Billy letter yndie weromkomt, wurdt er troch Garrett oermastere en arrestearre.

Underweis nei Lincoln wurdt it fjouwertal ynsletten troch fijannige Apachen. Mei tsjinnichheid lit Garrett syn beide arrestanten los en jout har harren revolvers werom, nei't er har plechtich ûnthjitte litten hat de wapens werom te jaan sadree't se bûten gefaar binne. Op advys fan Billy slepe se op har flecht mei lasso's in pear grutte kaktussen efter har oan, dy't safolle stof opsmite dat it wurket as in reekgerdyn. It fjouwertal wit sa oan 'e Yndianen te ûntkommen. Neitiid brekke Doc en Billy lykwols wurd en wegerje har wapens op te jaan.

Werom op Rio har boerespultsje jout Doc oan dat er fan doel is om út te piken en dêrby syn hynder mei te nimmen. Billy besiket dêr it near op te lizzen, mei't er it hynder noch altyd as sines beskôget. Se krije spul dat útrint op in pistoalduël, in ûntwikkeling dy't oanfitere wurdt troch Garrett om't er ferwachtet dat Billy it fan Doc ferlieze sil. Om in neutraal sinjaal te hawwe om 'e wapens te lûken, prate Doc en Billy ôf om te wachtsjen oant in koekoeksklok oan 't lewant acht oere slacht. Wylst er wachtet, beseft Billy dat er yn Doc in wiere freon fûn hat, dat as it safier is, wegeret er syn revolvers te lûken, ek al besiket Doc him te provosearjen troch him lytse ferwûnings ta te bringen mei ôfskampende kûgels. Uteinlik fermoedsoenje de beide mannen har. Garrett is poerrazen en daget Doc út ta in duël, ek al makket er tsjin 'e revolverman gjin skyn fan kâns om te winnen. Diskear wegeret Doc lykwols syn revolvers te lûken. As Garrett dat wol docht, rekket Doc, ta Garrett syn kjeltme, deadlik ferwûne.

Nei't se Doc begroeven hawwe, biedt Garrett Billy oan om Doc syn revolvers oer te nimmen. As de jonge bandyt bewapene is mei fjouwer wapens, twa fan himsels en twa fan Doc, bepraat Garrett him om Billy syn eigen beide revolvers oan him ôf te stean, sadat er dan tsjin eltsenien sizze kin dat it Billy syn lyk is, yn it grêf. Garrett soe dan in held wêze, wylst Billy in nij libben opbouwe kin. As Billy op dat foarstel yngiet, blykt it lykwols in falstrik te wêzen, mei't Garrett yn 't foar de slachpinnen út Doc syn revolvers ferwidere hat, sadat der net mei sketten wurde kin. It docht lykwols bliken dat de erchtinkende Billy him in stap foar is: doe't er Doc syn revolvers mei syn eigen ferliek, hat er ien fan Doc sines foar ien fan syn eigen omwiksele sûnder dat Garrett is murk. Mei't it wapen dêr't Garrett him mei ûnder skot hâldt ien fan Doc sines is, wol dat likemin sjitte.

Billy is de earste dy't it oare, funksjonearjende pistoal lûkt. Hy set Garrett fêst mei hânboeiens en stelt foar dat se krekt sa dogge as Garrett earder foarstelde, troch fol te hâlden dat it lyk yn it grêf dat fan Billy the Kid is. Hy ornearret dat Garrett leaver sizze sil dat Billy dea is as dat Billy him helpeleas efterlitten hat. Hy bestiget Doc syn hynder en set ôf, mar nei in pear stappen hâldt er ho en sjocht om. Hy makket eachkontakt mei Rio, dy't begjint te glimkjen, har nei him ta hastiget en efterop it hynder klimt.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Walter Huston.
 
Jack Buetel.
haadrollen
personaazje                           akteur/aktrise
Doc Holliday Walter Huston
Billy the Kid Jack Buetel


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Rio McDonald Jane Russell
sheriff Pat Garrett Thomas Mitchell
Guadalupe Mimi Aguglia
Charley Joe Sawyer
frjemdling dy't Billy bedrage wol Gene Rizzi
jonkje Dickie Jones
Swanson Edward Peil sr.
krûpier Lee Shumway

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

The Outlaw waard regissearre troch de eksintrike ûndernimmer en miljonêr Howard Hughes, dy't bystien waard troch de profesjonele regisseur Howard Hawks, al krige dy gjin fermelding yn 'e begjintitels. Hja wurken op basis fan in senario fan Jules Furthman dat de histoaryske figueren fan Doc Holliday, Billy the Kid en Pat Garrett omfette, mar fierders folslein út 'e tomme sûgd wie. Hughes wie ek de produsint fan 'e film, foar syn eigen filmstudio Howard Hughes Productions. Foar The Outlaw wie in budget beskikber fan $3,4 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Gregg Toland, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Victor Young. De opnamen fûnen plak yn 1941 en waarden hielendal yn 'e studio yn Hollywood dien.

Jane Russell as sekssymboal

bewurkje seksje

By de opnamen fan The Outlaw fûn regisseur Howard Hughes dat de kamera de wielderige foarmen fan aktrise Jane Russell, yn 't bysûnder har oansjenlike búste, gjin rjocht die. Dêrom brûkte er syn feardichheden as ûntwerper fan alderhanne guod om in nije beha mei ûnderbûgel te meitsjen, dy't foarsjoen wie fan bûgde stielen stangen. Dy liet er yn 'e struktuer fan 'e beha naaie ûnder de cups lâns en ferbine mei de skouderbantsjes. Sa waarden Russell har boarsten optild om 'e klam op har figuer te lizzen. De skouderbantsjes koene no fierder by de hals wei skood wurde, sadat in grut part fan har dekolletee toand waard wylst it dêrby liek as droech se gjin beha. De media makken neitiid hiel wat fan 'e troch Hughes ûntwurpen beha en Russell woeks troch har rol yn The Outlaw út ta in sekssymboal en in wiere filmstjer fan Hollywood. Op lettere filmposters fan 'e film waard Russell sadwaande as iennichste stjer neamd, hoewol't se yn The Outlaw eins mar in byrol spile.

 
In ferneamde publisiteitsfoto fan Jane Russell, dy't brûkt waard om sawol de film as harsels te promoatsjen.

Yn 1988 brocht Russell yn har autobiografy lykwols út dat se Hughes syn beha by de opnamen nea droegen hie. Se hie it neffens har "healwize" gefal mar in pear minuten past, mar it die sa'n sear om it te dragen, dat se it dêrnei daliks, sij it temûk, ôftanke hie. Ynstee droech se by de opnamen har eigen beha, mei opfolling yn 'e cups en oanhelle skouderbantsjes om har in foller figuer te jaan. Tsjin Hughes sei se dat se syn beha droech. Yn har eigen wurden: "Ik haw dat ding nea oan hân yn The Outlaw, en hy hie dêr nea euvelmoed yn. Hy koe my ek net bêst de klean útskuorre om te kontrolearjen oft ik it wol droech. Ik haw gewoan tsjin him sein dat dat sa wie." De ferneamde Hughes-beha einige letter yn in museum yn Hollywood.

Distribúsje

bewurkje seksje

Hughes hie mei 20th Century Fox ôfpraat dat dy studio de distribúsje fan The Outlaw fersoargje soe. Hy hie lykwols muoite en krij de film troch de sensuer fan 'e Production Code Administration (PCA) fanwegen de klam op 'e boarsten fan Jane Russell. Under twang fan 'e PCA knipte Hughes in heale minút oan byldmateriaal út 'e film, wêryn't Russell har (bedutsen) boarsten prominint yn byld brocht waarden. Dat waard lykwols troch 20th Century Fox opfet as kontraktbrek, wêrnei't de studio him weromloek as distributeur. Fan gefolgen stie Hughes op it punt om miljoenen dollars op it projekt ta te lizzen.

Slûchslimme sakeman dat er wie, joech er lykwols syn wurknimmers opdracht om predikanten, frouljusferienings en húsfroulju op te skiljen mei it berjocht dat Howard Hughes op it punt stie om in "obsene" film út te bringen. Dêrtroch ûntstie der in grutte maatskiplike beweging dy't derop rjochte wie om The Outlaw te ferbieden. Alle trelit soarge foar de oandacht yn 'e media dêr't Hughes ferlet fan hie om syn film oan 'e man te bringen, sadat er The Outlaw fan 5 febrewaris 1943 ôf in wike lang yn in beheind tal Amerikaanske bioskopen draaie litte koe foar't de fertoanings stil lein waard troch de PCA, omreden fan ynbrek op 'e Motion Picture Production Code.

De trailer fan The Outlaw.

Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard The Outlaw op 'e nij útbrocht ûnder distribúsje troch RKO Radio Pictures. De film gie op 23 april 1946 yn premiêre yn San Francisco en iepene dêrnei lanlik yn 'e bioskopen. Doe wie The Outlaw in súkses, en yn 1950 en 1952 kaam de film yn 'e Feriene Steaten nochris yn 'e bioskopen.

The Outlaw brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $5.075.000 op (alle lettere gefallen fan werútbringen meirekkene). As dy opbringst ôfset wurdt tsjin it budget fan $3.400.000, betsjut dat in winst fan krapoan $1,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

As kleurefilm

bewurkje seksje

The Outlaw wie oarspronklik in swart-wytfilm, mar waard letter twaris ynkleure, de earste kear troch de Hal Roach Studios yn 1988 en de twadde kear troch Legend Films yn 2009. De lêste kleureferzje waard op 16 juny 2009 yn 'e mande mei de swart-wytferzje op dvd útbrocht.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
admin 1
INTERN 1