Thomas More
politikus
Thomas More, skildere troch Hans Holbein de Jongere.
Thomas More, skildere troch Hans Holbein de Jongere.
echte namme Thomas More
nasjonaliteit Ingelsk
bertedatum 7 febrewaris 1478
berteplak Londen (Ingelân)
stjerdatum 6 july 1535
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Kânselier fan Ingelân
amtsperioade 15291532
foargonger Thomas Wolsey
opfolger Thomas Audley
Kânselier fan it Hartochdom Lancaster
amtsperioade 15251529
foargonger Richard Wingfield
opfolger William FitzWilliam
Foarsitter fan it Ingelske Legerhûs
amtsperioade aprilaugustus 1523
foargonger Thomas Neville
opfolger Thomas Audley
Thomas More
skriuwer
wurk
taal Ingelsk
sjenre poëzij, lit. romans, non-fiksje
perioade Renêssânse
bekendste
  wurk(en)
Utopia
The History of King Richard III
jierren aktyf ±15161535
offisjele webside
gjint

Thomas More, yn Grut-Brittanje bekend as sir Thomas More (Londen, 7 febrewaris 1478 - dêre, 6 july 1535), wie in Ingelsk abbekaat, filosoof, skriuwer, steatsman en humanist. Hy tsjinne de Ingelske kening Hindrik VIII as kânselier (1529-1532), mar dy liet him úteinlik dochs ûnthalzje, om't er wegere te erkennen dat de macht fan in kening yn eigen lân boppe dy fan 'e paus gie. Hy waard yn 1935 hillich ferklearre.

Libben en dea

bewurkje seksje

Thomas More waard yn 1478 te Londen berne as it ienlingsbern fan Sir John More, in begoedige abbekaat en letter rjochter en dy syn earste frou Agnes Graunger. Yn 1490 waard er as paazje opnommen yn 'e hofhâlding fan John Morton, de aartsbiskop fan Canterbury, dy't al gaueftich syn karakter en ferstân opmurk en him yn 1492 nei Oxford ta stjoerde om dêr te studearjen. Neffens syn freon Desidearius Erasmus joech More der op in stuit serieus omtinken oan om yn it kleaster te gean, mar seach er dêrfan ôf om't er syn langstme nei it houlik net kwytwurde koe.

Ynstee waard More abbekaat. Yn 1505 troude er mei Jane Colte, dy't hast tsien jier jonger as him wie en dy't him trije dochters en in soan skonk. Nei har ferstjerren, yn 1511, wertroude er hast fuortynienen mei Alice Middleton, in rike widdo dy't sân jier âlder wie as him en mei wa't er gjin bern hie, al naam er Alice har dochter út har earder houlik oan as syn eigen. More fûn it ûnderrjocht fan froulju like wichtich as dat fan manlju, wat in tige ûngewoane opfetting wie foar syn tiid. Hy stie derop dat syn dochters deselde klassike oplieding krije soene as syn soan, en neitiid rispe fral syn âldste dochter Margaret in protte lof en bewûndering mei har wolsprekkendheid en benammen har floeiende behearsking fan it Gryksk en Latyn.

Underwilens wie More yn 1504 yn it Ingelske parlemint keazen en yn 1510 waard er werkeazen. Fan dat jier ôf wied er ek ien fan 'e twa ûndersheriffs fan Londen en yn 1514 waard er beneamd ta lid fan 'e Kroanrie (Privy Council). Nei't er tegearre mei Thomas Wolsey in gesantskip oan 'e Dútske keizer Karel V folbrocht hie, waard er yn 1521 ta ridder slein en beneamd ta ûnderskathâlder. Syn folgjende triem omheech wie nei de funksje fan siktaris en persoanlik riedsman fan Hindrik VIII, wêrmei't er grutte ynfloed op it Ingelske regear krige. Hy fungearre û.m. as diplomaat, opsteller fan offisjele dokuminten en tuskenpersoan tusken de kening en syn kânselier Thomas Wolsey. Yn 1523 waard er keazen ta foarsitter fan it Legerhûs en yn 1525 brocht er it ta kânselier fan it hartochdom Lancaster, dat grutte parten fan Noard-Ingelân besloech. Nei't Wolsey yn 1529 yn ûngenede fallen wie, skode More op nei it amt fan kânselier.

Yn dy hoedanichheid fersette er him út alle macht tsjin 'e opkringende Reformaasje, en yn it bysûnder tsjin 'e tinkbylden fan Marten Luther en William Tyndale. Dêrby wurke er mei oan of joech er befel ta (de mienings dêroer binne ferdield) de ferbrâning fan seis ketters. Underwilens wie Hindrik VIII yn konflikt rekke mei de Roomsk-Katolike Tsjerke oer de fraach oft in kening yn syn eigen lân no wol of net mear macht hie as de paus. Dêrby spile op 'e eftergrûn it feit dat Hindrik syn earste houlik sûnder bern bleaun wie en dat er fan syn frou Katerina fan Aragon skiede woe, mar dat de paus him dêr gjin tastimming foar jaan woe. Lykwols, More wie in katolyk yn ieren en sinen en stie yn dizze saak sûnder mear oan 'e kant fan 'e paus. Yn 1531 moasten alle Ingelsen op straffe fan 'e dea in eed swarre wêrmei't se Hindrik erkenden as "Alderheechste Haad fan 'e Ingelske Tsjerke". More wegere. Syn ynfloed op 'e kening wie sadanich dat er dêrfoar net út syn amt set waard, mar om't al syn meistanners sa stadichoan fuortsuvere wiene en hysels dêrmei yn in isolemint bedarre wie, frege er Hindrik yn 1532 sels om ûntheft te wurden út 'e funksje fan kânselier.

Yn 1533 en begjin 1534 waard More twaris oanklage, yn it earste gefal om't er him omkeapje litten hawwe soe en yn it twadde gefal fanwegen kontakt mei beskate rebelske oanhingers fan 'e paus. Beide kearen rûn it mei in skamper ôf. Mar koarte tiid letter moast More foar in kommisje ferskine om trou te swarren oan 'e Earste Opfolgingswet. Hy joech dêrop ta dat it parlemint it rjocht hie en rop Anne Boleyn út ta keninginne fan Ingelân, mar wegere op 'e nij om 'e macht fan 'e kening boppe dy fan 'e paus te stellen en boppedat wegere er teffens om 'e annulearring fan 's kenings earste houlik te erkennen. Dêrop waard er yn 'e Toer fan Londen opsletten, berjochte en feroardiele foar heechferrie en op 6 july 1535 ûnthalze.

Neitiid waard More sillich ferklearre yn 1886, troch paus Leo XIII, en hillich ferklearre op 19 maaie 1935, troch paus Pius XI. Syn hjeldei waard fêststeld op 9 july, mar yn 1970 ferskood nei 22 juny. Yn 2000 rôp paus Jehannes Paulus II Thomas More út ta beskermhillige fan steatslju en politisy. Yn 1980 waard More ek troch de Anglikaanske Tsjerke tafoege oan 'e kalinder fan "Hilligen en Helden fan 'e Kristlike Tsjerke"; syn anglikaanske hjeldei falt op 6 july.

Publisearre by More syn Libben

bewurkje seksje
  • A Merry Jest (±1516)
  • Utopia (1516)
  • Latin Poems (1518-1520)
  • Letter to Brixius 1520)
  • Responsio ad Lutherum (1523)
  • Supplication of Souls (1529)
  • A Dialogue Concerning Heresies (1529-1530)
  • Letter against Frith (1532)
  • The Confutation of Tyndale's Answer (1532-1533)
  • Apology (1533)
  • Debellation of Salem and Bizance (1533)
  • The Answer to a Poisoned Book (1533)

Publisearre nei More syn Dea

bewurkje seksje
  • The History of King Richard III (±1513-1518)
  • The Four Last Things (±1522)
  • A Dialogue of Comfort against Tribulation (1534)
  • Treatise upon the Passion (1534)
  • Treatise on the Blessed Body (1535)
  • Instructions and Prayers (1535)
  • De Tristitia Christi (1535)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Biographies, op dizze side.

  NODES
Idea 1
idea 1
mac 4
Note 1
os 2
web 1