De Tiber (Latyn: Tiberis, Italjaansk: Tevere) is mei syn 404 kilometer lingte de op twa nei langste rivier yn Itaalje, nei de Po en de Adige. Hy ûntstiet út twa boarnen op de berch Fumaiolo (by Verghereto yn de Apeninen), op de grins tusken Emilia-Romagna en Toscane), rint troch Toskane, Umbrje, Lazio en Rome nei de Tyrreenske See, dêr't er mei twa tûken yn mûnet. De rivier hat in streamgebiet fan sa'n 11.014 km².

Rin fan de Tiber
De Ingelenbrêge oer de Tiber yn Rome

Noch in oare wichtige stream mûnet yn Rome yn de Tiber: de Anio. Fierders leit der in eilân (Isola Tiberina) yn, yn it sintrum fan Rome, tusken Trastevere en it âlde sintrum. It oerstekplak by it eilân is wierskynlik de âldste festiging fan de stêd.

Yn de folksmûle wurdt de Tiber ek wol de Flava, de "blonde rivier" neamd. De Tiber wurdt swier beleste troch sedimint mat foarmet nei ferhâlding gjin grutte delta, fanwege in sterke seestream ticht by de kust, dy't noardlik rint en in soad slib meinimt en ek út reden fan de steile kustline en geleidlike tektoanyske oergong.

Yn it âlde Rome waard de rivier mei in wetterlossing ferbûn, de Cloaca Maxima, en mei in ûndergrûns net fan tunnels en oare kanalen, om it wetter oant yn it sintrum fan de stêd te krijen. De oanlis fan moderne stiennen beskoaing waard yn 1876 mei út einset.

Oerstreamingen fan de Tiber hawwe harres dien ta it ferrin fan de skiednis. Yn de nije tiid binne der oerstreamingen west yn 1598, 1870 en 1900.

  NODES
Done 1
see 2