De toarteldo (Streptopelia turtur; ek bekend ûnder de namme simmertoartel) is in Europeeske dowesoart. Sûnt de jierren 1980 is it tal gewoane toarteldowen yn Nederlân bot ôfnommen. Yn Fryslân is de soarte as briedfûgel hast útstoarn. Neffens de lêste telling (2019) is der yn Fryslân allinne noch in briedpearke yn Noardwâlde.[1]

toarteldo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai toarteldowen (Streptopelia)
soarte
Streptopelia turtur
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
     briedgebiet
     restearjend lânseigen ferspriedingsgebiet

It toarteldoke mjit 27 oant 29 sintimeter en weecht likernôch 160 gram. Dêrmei is de toarteldo in stik lytser as in gewoane do. Wyfkes binne yn 'e regel wat lytser as it mantsje en binne fan minder glânzgjend fan kleur.

De toarteldo is boppe brúneftich, wylst de kiel en it boppeste diel fan it boarst readeftich binne. De skouders en dielen fan de fleugels hawwe in brune kleur mei donkere flekken. De rêch is blau-griis en wurdt nei de sturt ta wer wat bruner.

Folwoeksen fûgels hawwe oan de kanten fan de nek ferskate smelle, swarte dwersbannen op in wite eftergrûn. De sturt bestiet út tolve blau-swarte fearren, dy't oan de úteinen wyt binne. De twa bûtenste sturtfearren hawwe wite bûtenflaggen. De búk en de ûnderste sturtôfdekkings binne ljocht fan kleur.

Jonge fûgels ûnderskiede harren fan de âldere eksimplaren troch in brunere kleur oan de kop, rêch en op de fleugels. De foar de folwoeksen fûgels karakteristike dwersbannen oan de nekke ûnsteane by jonge fûgels pas nei in pear moannen.

Undersoarten

bewurkje seksje
 
Toarteldoke yn Grut-Brittanje

Fan de fûgel binne fjouwer ûndersoarten bekend:

  • Streptopelia turtur turtur (Linnaeus, 1758) komt foar yn Europa, op Madeira en de Kanaryske Eilannen oant yn westlik Sibearje.
  • Streptopelia turtur arenicola (Ernst Hartert, 1894) libbet fan it noardwesten fan Afrika oant it westen fan Sjina.
  • Streptopelia turtur hoggara (Geyr von Schweppenburg, 1916) komt foar yn it Aïr-massyf en it Ahaggar-geberchte foar.
  • Streptopelia turtur rufescens (Christian Ludwig Brehm, 1845) hat syn ferspriedingsgebiet yn Egypte en it noarden fan Sûdan.

De toartedo libbet yn grutte dielen fan it westlike en sintrale Paléarktysk gebiet fan noardlik Afrika, it Ibearysk Skiereilân en Grut-Brittanje nei it easten oer it Midden-Easten oant noardwest Sjina en Mongoalje. De noardlike grins fan de fersprieding rint yn Europa oer it midden fan Ingelân, Denemark en dan by de Eastsee lâns troch Estlân en Ruslân nei de Oeral.

De toarteldo libbet benammen yn flak lân en komme net of komselden yn tichte bosken of geberchtes foar. Ek libje toarteldowen yn mingd bosk, houtwâlen, parken, greiden, boskjes, hôven en griene romten yn stêden. De yn Noard-Afrika libjende ûndersoarte Streptopelia turtur rufescens briedt graach yn boufallen. It ferspriedingsgebiet fan de toarteldo yn Fryslân lei benammen yn it easten en súdeasten fan de provinsje.

 
Aai fan in toarteldo

Briede dogge toarteldowen ornaris mar ien kear yn 't jier fan maaie oant augustus. It nêst is mar lyts en wudt troch beide âlden mei lytse twiichjes yn boskjes en beammen boud. It wyfke leit twa wite aaien, dy't nei fyftjin dagen útkomme. Nei it útkommen ferlitte de jonge fûgels nei twa wiken it nêst. Dan kinne se lykwols noch net fleane en bliuwe dan yn de boskjes of beam tichteby it nêst.

Oerwintering

bewurkje seksje

Yn Sintraal-Europa bliuwe toarteldowen fan maaie oant septimber. Begjin septimber sammelje de dowen harren om dan healwei septimber yn grutte swarms nei de oerwinteringsgebieten te fleanen. Dat binne de lannen om de Middellânske See en Afrika súdlik fan de Sahara. Ien fan de wichtichste gebieten om ûnderweis te rêsten is Malta. Op hast alle rûtes dy't de toarteldokes brûke om de Middellânske See oer te stekken wurdt der yntinsyf op se jage.

Yn de maaitiid komme de toarteldokes relatyf let werom nei Sintraal-Europa, meastentiids sa om it begjin oant healwei maaie hinne. Somtiden wurdt it noch letter en oant begjin juny kinne der noch reizgjende toarteldokes oer de Middellânske See sjoen wurde.

Sûnt de jierren 1980 is it tal toarteldokes yn Nederlân slim efterút gien, fan sa'n 35.000 briedpearkes oant hjoeddedei (2019) likernôch 1.400. It toarteldoke wurdt yn in soad lannen bejage, lykas benammen Spanje, Itaalje, Malta en Afrika. Mei tastimming fan de EU wurde bygelyks allinnich al op Malta offisjeel sa'n 20.000 toarteldokes mei fangnetten fongen. Undersyk fan de Universiteit fan Gießen wiisde yn 2016 út dat de lannen om de Middellânske See ferantwurdlik binne foar it alle jierren wer ôfsjitten fan sa'n twa oant trije miljoen toarteldokes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Frysk Deiblêd, 01.06.2019; side 21

  NODES
os 5