Trio (seksualiteit)

In trio, trioke, triootsje of, mei in Frânske oantsjutting, ménage à trois (útspr.: [me:'na:ʒ a tʀwa]; likernôch: "meenaazj a trwa") is minsklike seksuële aktiviteit dêr't trije persoanen by belutsen binne. Hoewol't hjirmei yn 'e regel ferwiisd wurdt nei flechtich seksueel kontakt foar ien of inkele gelegenheden, kin it ek tsjutte op in romantyske ynterpersoanlike relaasje foar de lange termyn, lykas polyamory. In trio is in faak foarkommend elemint yn seksuële fantasijen. It wurdt hiel geregeldwei útbylde yn 'e pornografy, mar tige selden yn mainstream-films.

In yllustraasje fan it trioke troch Peter Fendi (1796-1842).

As it derop oankomt, kin in trio sjoen wurde as in foarm fan groepseks, hoewol't men faak pas fan groepseks sprekt as der fjouwer of mear persoanen by belutsen binne. Trio's komme faker foar yn priveesitewaasjes, lykas by spontane seks tusken trije freonen of bekenden, of by planearre seksueel kontakt foar ien kear of yn in mienskip fan lykstimde swingers, en minder faak yn anonime omstannichheden, lykas by orgys of oare seksfeesten. By swingers is ien fan 'e partners faak de driuwende krêft efter de yntroduksje fan in trêde partij yn harren sekslibben, wylst de oare partner dêrfoaroer earder in passyf-ûnderstypjende hâlding oannimt.

Lju dy't dielnimme oan in trio, kinne trije manlju wêze, trije froulju, ien man en twa froulju of ien frou en twa manlju. By de lêste beide mooglikheden kinne twa fan 'e trije dielnimmers biseksueel wêze, of ien fan 'e trije of net ien fan trijen. It kin wêze dat alle trije dielnimmers seks mei-inoar bedriuwe, of dat ien fan trijen seks hat mei de beide oare partners mar dy beiden net mei-inoar, of dat twa fan 'e dielnimmers seks mei-inoar hawwe wylst de trêde him of har oerjout oan masturbaasje, mooglik sûnder lykfol hokker seksueel kontakt mei de oaren. Dy lêste foarm linet sterk oan tsjin foyeurisme.

As ien fan 'e trije dielnimmers oan in trio in frou is, kin der sprake wêze fan dûbele penetraasje, wêrby't hja troch har beide manlike partners tagelyk yn har fagina en anus penetrearre wurdt. As it om trije (homoseksuële) manlju giet of om twa biseksuële manlju en in frou, kin it foarkomme dat ien fan 'e manlju tagelyk reseptive en ynsertive anale seks of reseptive anale en ynsertive faginale seks hat mei de oare beide partners, trochdat er yn 'e anus penetrearre wurdt, wylst er sels de trêde persoan yn 'e anus of fagina penetrearret. Sa'n man, dy't himsels tusken de beide oare dielnimmers yn posysjonearret, wurdt yn 'e sprektaal wol de Lucky Pierre neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES