It Tsjechysk (čeština, český jazyk) is in West-Slavyske taal mei likernôch 12 miljoen sprekkers. Tsjechysk wurdt benammen sprutsen yn Tsjechje (10,2 miljoen minsken), mar ek yn oanswettende lannen sa as Slowakije en Eastenryk. Yn de Feriene Steaten en Kanada wenje Tsjechen om utens dy't de taal dêr libben hâlde. Sûnt 1 maaie 2004 is Tsjechysk ien fan de offisjele wurktalen fan de Jeropeeske Uny.

Tsjechysk
algemien
eigen namme čeština of český jazyk
lânseigen yn Tsjechje, Slowakije, Eastenryk, Tsjechen om utens
tal sprekkers 12 miljoen memmetaalsprekkers
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten ?
taalstatus
offisjele status Tsjechje
taalkoades
ISO 639-1 cs
ISO 639-2 cze/ces
ISO 639-3 czc

It Tsjechysk is as West-Slavyske taal nau besibbe oan it Slowaaksk, Sorbysk en Poalsk. Der binne gjin swierrichheden as it om de fersteanberens tusken Slowaaksk en Tsjechysk giet.

It Tsjechysk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet, mei diakretyske tekens sa as de háček (ˇ), it accent aigu (čárka, ´) en de korona (kroužek, ˚).

It Tsjechyske alfabet is as folget:

Aa, (Áá), Bb, Cc, Čč, Dd, (Ďď), Ee, (Éé), (Ěě), Ff, Gg, Hh, Chch, Ii, (Íí), Jj, Kk, Ll, Mm, Nn, (Ňň), Oo, (Óó), Pp, Qq, Rr, Řř, Ss, Šš, Tt, (Ťť), Uu, (Úú), (Ůů), Vv, Ww, Xx, Yy, (Ýý), Zz, Žž
  NODES
Done 1