Universiteit fan Kioto

De Universiteit fan Kioto (Japansk: 京都大学) is in iepenbiere universiteit yn Kioto, Japan.

Universiteit fan Kioto
Namme
Ofkoarting KyotoU
Lokaasje
Lân Japan
Plak Kioto
Oare bysûnderheden
Oprjochting 1897
Rektor Nagahiro Minato
Tal studinten 22.426 (2022)
Tal meiwurkers 4.062 (2022)
Netwurken ASAIHL
Offisjele webside
www.kyoto-u.en

De universiteit waard yn juny 1897 oprjochte as Kyperito Imperial University by keizerlik dekreet #209 as de twadde universiteit yn Japan. Yn 1899 waarden de fakulteiten Rjochtsgeleardheid en Genêskunde oprjochte. Yn desimber fan datselde jier iepenen de universiteitsbibleteek en it akademysk sikehûs harren doarren. Yn 1926 waard in ynstitút foar gemysk ûndersyk taheakke. Yn 1947 waard de universiteit omdoopt ta Kyoto University. Sûnt 1949 binne der hast alle jierren nije fakulteiten, ûndersykssintra en laboratoaria iepene. Yn 1997 waard it Universiteitsmuseum iepene. Sûnt 2017 bestiet der in Joint Masters Degree yn Transcultural Studies tusken de Universiteit fan Kioto en de Universiteit fan Heidelberg.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Kyoto University – foto, fideo en harktriemmen
  NODES