Vélodrome Jacques-Anquetil
It Vélodrome Jacques-Anquetil (earder: vélodrome de Vincennes en Vélodrome Cipale) is in net oerdekte hurdfytsbaan yn Vincennes, sûnt 1929 ûnderdiel fan Parys. De baan waard boud yn 1896 en brûkt foar de Olympyske Simmerspullen yn 1900 en 1924; men hold der yn 1900 de iepenings - en slutingsseremoanje. Ek fûnen de wedstriden baanhurdfytsen, gymnastyk, fuotbal, rugby en cricket der plak. Tusken 1968 en 1974 lei de einstreek fan de Omgong fan Frankryk op dizze baan.
Vélodrome Jacques-Anquetil vélodrome de Vincennes | ||
stadion | ||
De hurdfytsbaan om en de by 1900 | ||
lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
Arrondissement | 12e arrondissement | |
plak | Parys | |
algemiene ynformaasje | ||
type | Hurdfytsbaan | |
sporten | baanhurdfytsen | |
type oerflak | beton + gers | |
bou | ||
boubegjin | 1896 | |
renovearre | 2012 - 2015 | |
eveneminten | ||
Omgong fan Frankryk (fan 1968 o/m 1974) Olympyske Simmerspullen (fan 1900 & 1924) | ||
kaart | ||
Op 30 july 1897 ferbruts de Belgyske hurdfytser Oscar Van den Eynde hjir it wrâldoererekôr mei in ôfstân fan 39,240 km.