Waai is de floeistof dy't ûntstiet by it klearmeitsjen fan tsiis toch it strjemmen fan de molke nei tafoeging fan strjemsel. It fêste diel dat oerbliuwt is wrongel (de foarrinner fan tsiis) neidat de waai ôftape is. Waai hat in gielgriene kleur en smakket in bytsje soer.

Dit artikel is in stobbe oer iten.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Waai

Gearstalling

bewurkje seksje

Waai befetten noch in protte stoffen út molke benammen aaiwiten en ek noch fitaminen (benammen út de B-groep), molkesûker en mineralen. Waai befettet hast gjin fet. De gearstalling fan 'e waai hinget fansels ôf fan de molke wêrút it komt.

Waai wurdt ek brûkt as grûnstof foar frisdrank, bygelyks Rivella en Taksi. Dernjonken wurdt waai ek brûkt yn de foedings- en farmaseutyske yndustry. Ek yn bistefoer wurdt it ferwurke.

  NODES