Wall Street is in tige ferneamde strjitte yn 'e Amerikaanske stêd New York, dy't yn it suden fan 'e borough Manhattan oer in lingte fan acht stedsblokken rint tusken Broadway yn it westen en South Street oan 'e East River yn it easten. Dizze strjitte is it hert fan it Finansjeel Distrikt fan Manhattan, dêr't de effektebeurzen fan New York en in protte banken en oare bedriuwen en ynstellings út 'e finansjele sektor fêstige binne. De term "Wall Street" is sadwaande yn 'e folksmûle synonym wurden mei sawol it Finansjeel Distrikt fan Manhattan, as mei de New Yorkske effektebeurzen. Behalven troch oanslutende strjitten is Wall Street ek berikber fia trije metrostasjons en in oanlisplak fan in pont.

De haadyngong fan 'e New York Stock Exchange Building oan Broad Street, sjoen fan Wall Street ôf.
Dizze side giet oer de strjitte yn New York. Foar oare betsjuttings, sjoch: Wall Street (betsjuttingsside).

"Wall Street" is eins in Ingelske ferbastering fan 'e oarspronklike Nederlânsktalige namme fan 'e strjitte. Dy hiet nammentlik, yn 'e tiid dat New York noch Nij-Amsterdam wie en yn 'e Steatske koloanje Nij-Nederlân lei, fan Waalstraat. Dat wie gjin ferwizing nei de rivier de Waal, sa't mear foar de hân lizze soe, mar ynstee nei de Walen. Dat koene ynwenners fan Walloanje wêze, mar yn 'e santjinde iuw waarden ek Hugenoaten (Frânske protestanten) sa neamd (dêrfandinne it grutte tal 'Waalske tsjerken' yn Nederlân). Yn elts gefal waard de ferbastering ta "Wall Street" makliker makke trochdat der fan 1685 oant 1699 by de Waalstraat lâns in ferdigeningsmuorre (Ingelsk: wall) stie, dy't New York beskerming biede moast tsjin oanfallen fan Yndianen en seerôvers.

 
Wall Street yn 1867.

Yn 'e santjinde iuw wie Wall Street de lokaasje fan in slavemerk en in iere effektebeurs, en teffens fan Federal Hall, it earste stedhûs fan New York (no it Nasjonaal Tinkteken Federal Hall). Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw wiene der sawol bedriuwen as wenten fêstige oan Wall Street, mar neigeraden dat de iuw foardere, begûnen de bedriuwen de oerhân te krijen. Stadichoan ûntjoech Wall Street him ta it fêstigingsplak by útstek foar ûndernimmings en ynstellings út 'e finansjele sektor. Yn 'e iere tweintichste iuw waarden der ferskate iere wolkekliuwers oan Wall Street boud, wêrûnder 40 Wall Street, dat ienris wrâlds heechste gebou wie.

Tsjintwurdich steane oan Wall Street de beide grutste effektebeurzen fan 'e wrâld, rekkene neffens totale merkkapitalisaasje, te witten: de New York Stock Exchange (NYSE) en de NASDAQ. Ferskate oare wichtige effektebeurzen hawwe ek har haadkertier (hân) oan Wall Street of dêr deunby, lykas de New York Mercantile Exchange, de New York Board of Trade, de New York Futures Exchange (NYFE), en de eardere American Stock Exchange. Om dy beurzen te ûnderstypjen binne ek de kantoaren fan in protte banken en effektehannelsûndernimmings oan en om Wall Street hinne konsintrearre. De direkte ekonomyske ynfloed fan 'e finansjele aktiviteiten op Wall Street is oer de hiele wrâld merkber.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  NODES
Done 1
see 1